Talintûntwikkeling
Al jierren is talintûntwikkeling in wichtich spearpunt fan Tryater. Wy fiele de ferantwurdlikheid om yn Fryslân it ûntwikkelingsplak te wêzen foar takomstige generaasjes spilers en makkers. Dat dogge wy troch spesjale trajekten en nauwe gearwurkingsferbannen.





Station Noord
Station Noord is in gearwurkingsferbân fan de grutte poadiumkeunstorganisaasjes út Fryslân, Grinslân en Drinte. Al fan’e start ôf binne wy ferbûn oan Station Noord en begeliede wy alle jierren twa of trije nije makkers. De talitting giet fia Station Noord en is geskikt foar begjinnende makkers mei in profesjonele teäteroplieding of in pear profesjonele ûnderfiningsjierren.
Jong Tryater
Sûnt 2009 bestiet Jong Tryater as yntern opliedingstrajekt foar talinten út Fryslân. Jong Tryater fynt ien kear yn de fjouwer jier plak. De talitting is geskikt foar studinten dy’t in stúdzje folgje oan in keunstoplieding (MBO / HBO). Studinten folgje neist harren stúdzje in twajierrich yntinsyf kurrikulum rjochte op spyljen en teäter meitsjen en krije les fan meardere professjonals út it wurkfjild en dosinten dy’t op toanielskoallen wurkje. Op dit stuit is Jong Tryater 5 yn folle gong. In folgjende Jong Tryater-trajekt sil plakfine yn de perioade 2021 -2031.
“Jong Tryater was voor mij een speeltuin waar ik mezelf als speler kon ontwikkelen en verdiepen. En bood daarmee een springplank naar het professionele theater.”
Brecht Wassenaar (Jong Tryater 1 – actrice in o.a. Fanfare, Doarp Europa en De IIsfoarstin)
“Voor mij was Jong Tryater een plek die diepgang en ruimte biedt voor ontwikkeling in spel en makerschap”
Dimithri Postma (Jong Tryater 4 – student Mime-opleiding ATKA, acteur in o.a. 1000&1 Nacht, Part-Time Paradise en Nacht)
“Jong Tryater gaf mij een plek waar ik nieuwe theatervormen kon ontdekken en mijn eigen makerschap kon ontwikkelen door een grote variatie aan lessen. Samen met een superleuke en intieme groep.”
Bouke Hofman (Jong Tryater 5 – student Mime-opleiding ATKA)
“Jong Tryater heeft mij doen voelen dat de grote dingen van binnenuit komen.”
Sybren van der Velde (Jong Tryater 4 – afgestudeerd aan de performance opleiding Maastricht, acteur in Hjir Ha ik West en Part-Time Paradise)
Mear witte?

