Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

02 02 2018

In nije generaasje noardlike teatermakkers bondelet de krêften en bûnzet op de doarren fan de teaters. In ynspirearjende krêft foar en ferbûn oan Tryater: STORMRAM #4.

STORMRAM is in muzyk- en teaterfestival binnen de skouboarchdoarren. In jûn fol koarte foarstellingen en performances fan kollektiven dy’t it absurdisme net mije. In totaalbelibbing mei muzyk, teater, film en keunst: op de bühne en troch it teatergebou.  STORMRAM bestiet út fjouwer kollektiven: Illustere Figuren, Heksenhamer, HOMSK en Akkers en Velden. Omdat Akkers en Velden drok mei de oankommende toer fan Kingdom of Earth binne, meitsje se dizze edysje plak foar in special guest: filmkollektyf Natte Haring.

De Illustere Figuren moetsje jo op har ôfskied om ierde te ferlitten. Se sille jo ynspirearje en oerlade mei har bylden fan har nije wrâld en bestean op Mars. De jeugdige fantasy fan de seis jonges oer it grutte ûnbekende dat se kenne út strips, ferhalen, myten en science-fictionfilms wurdt ôfwiksele mei de rauwe werklikheid fan de leechheid fan de romte en de benaudheid fan har kapsule.

HOMSK jout in preview fan de fideo-ynstallaasje Us Buorman Yn Tallinn, basearre op syn reis yn in âlde Portugeeske ambulânse nei Talinn.

Heksenhamer is fan de partij mei Hilbrandt en Skeve Hindoe.

Dizze edysje is filmkollektyf Natte Haring as special guest útnûge, bekend fan ‘Drie Mensen Vinden een Auto’.

Lokaasje                     De Harmonie, Ljouwert
Datum                        9 febrewaris 2018
Tiid                             20:30 oere
Priis                            €16,- normaal

Nijs

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

Foto van mensen op een tribune 05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado