Slagge earste lêzing Loft (14+)
25 09 2025
Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn de wrâld fan in groeiend tal jongeren yn Fryslân dy’t om alderhande redenen langduorjend thús sitte. Wat as it even net slagget om ferbining te meitsjen?
Yn de lêzing kamen we yn ‘e kunde mei it ferhaal en de personaazjes, skreaun troch Maaike Bergstra en it aktearwurk fan Tim Helderman en Sweder de Sitter. Yn in klassikale setting seagen wy de freonskip tusken personaazjes Abe en Sem ta libben kommen. As ôfsluter fertelde foarmjouwer Sarah Nixon oer har ideeën foar it dekorûntwerp en Mats Voshol oer syn ynspiraasje foar de muzyk yn de foarstelling.
Loft is in grappige en fantasyrike foarstelling oer romte nedich hawwe, donkere wolken yn de holle en kontakt hâlde wannear’t dat lestich wurdt en spilet fan 3 novimber o/m 12 desimber op havo -, mbo – en mbo-skoallen yn Fryslân.
Mear lêze oer Loft? Lês dan hjir fierder.