As net ien dy heart en net ien dy sjocht, hoe hâldst dy dan steande?
Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande…?
It bart Doede (Raymond Muller), in jonge mei in lichte ferstanlike beheining, wannear’t in soad feroaret yn syn libben. Sûnt in pear wiken sit er ferplichte thús by syn mem (Aly Bruinsma), dy’t ek fersoarging nedich hat. Hy hat dien krigen om’t er by fersin syn net te temjen leafde foar Elske DeWall te bot utere, wylst syn freonen dat krekt sa oanmoedigen. Dêrtroch liket der gjin plak mear foar him te wêzen yn de maatskippij.
Help krijt er fan ynstânsjes, mar hy wurdt fan de muorre nei it sket stjoerd. Hoe hurd oft er ek besiket, Doede krijt mar gjin fet op hoe’t it dan wol heart. As útsetter driget ek syn favorite dowehobby foar him te djoer te wurden. Hy begrypt it net; hy docht sa syn bêst, wêrom wurdt dat net sjoen? Yn stee fan de kop hingje te litten, komt Doede yn aksje en easket in poadium. It is genôch.
Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede – mar meitsje dy gjin soargen, hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?
- Spesjaal foar de foarstelling hat Elske DeWall de titelsong ‘Raze om protters’ opnommen.
Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters. Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oantal stikken skreaun. Yn Raze om protters set Eelco Venema aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de soms skrinende werklikheden oan it ljocht bringt.
Fierder wie Rooftop Memories, dat te sjen wie yn Theater Bellevue yn Amsterdam, wie fan syn hân. In pear jier lyn skreau er mei oan de ‘Liwwadder’ útfiering fan Discopigs, koartlyn skreau er So happy together. Fierder skreau Eelco mei oan Wa oerlibbet de skries en Doarp Europa.
Lês hjir ús tiidskrift fan septimber 2019 oer Raze om protters!
FOTO’S (c) BAS DE BROUWER