Part-Time Paradise

Observearje út in ferhege observatoarium wei in miny-maatskippij op in echte camping.

Bestel kaarten
Teaterselskip SKOFT&SKIEP yn koproduksje mei Tryater: Part-Time Paradise.

In unyk en kolossaal observatoarium fan tritich meter breed en acht meter heech foarmet de tribune op Camping De Kooi. Fan hjir ôf bist de stille taskôger fan Part-Time Paradise: in miny-maatskippij fan campinggasten dy’t allegearre op har eigen wize, mei har eigen bagaazje, op ’e nij begjinne.

Ut fûgelperspektyf wei observearrest de camping en krijst ynsjoch yn de libbens fan tolve campinggasten: in frou dy’t nei it ferstjerren fan har man foar it earst wer kampearje sil, in jonge dy’t op syk is nei stilte en himsels, in famke dat hopet dat hjoed wat stikken giet. Allegearre steane se op de camping mei har eigen ferwachtingen en langstme, wat liedt ta tragikomyske konfrontaasjes en eksistinsjele twivels wannear’t winsken en werklikheid net oerienkomme.

SKOFT&SKIEP nimt de rituelen, sosjale struktueren en byldtaal fan de camping ûnder de loep yn in ferrassende, byldzjende mozaykfertelling. De camping en de bewenners foarmje net allinne it dekôr, mar wurde haadpersonaazje fan dizze libjende ynstallaasje. Tusken de echte kampearders libje personaazjes dy’tst live folgest yn de syktocht nei har plak yn dizze (miny-)maatskippij. Neist profesjonele akteurs spylje ek jonge akteurs mei fan jeugdteaterskoalle MEEUW.

SKOFT&SKIEP

SKOFT&SKIEP bestiet út trije jonge teatermakkers: Karel Hermans en Aukje Schaafsma, beide ôfstudearre oan de performance-oplieding fan de Toneelacademie yn Maastricht, en Tatiana Pratley, yn 2012 ôfstudearre oan de regyoplieding fan de Toneelschool yn Amsterdam. Karel en Aukje binne as Jonge Makker ferbûn oan Tryater foar de perioade 2017 – 2020, Tatiana Pratley wie dit fan 2012 oant 2016. Sy is ek fan 2020 ôf de nije artistyk direkteur fan Tryater.

Part-Time Paradise is fan 31 maaie o/m 2 juny te sjen op Citycamping De Wetterpôlle yn Ljouwert en fan 14 o/m 23 juny op Camping De Kooi op Skylge wilens it Oerolfestival.

Dizze produksje is mei mooglik makke troch stipe fan We the North en Fonds Podiumkunsten fia Station Noord, it BNG Fonds, Gemeente Leeuwarden en LF2028.

Kredits

SKOFT&SKIEP | Tatiana Pratley (eindregie) | Wessel de Vries | Joke Tjalsma, Lourens van den Akker, Arjan Bouwmeester, Karel Hermans, Aukje Schaafsma | JTS: Robin Bodde, Hella Hoogenboezem, Roelof Meijer, Maas Mühren, Elise Smit, Sybren van der Velde, Riemer van der Wal, Emma Rixt Zwart | Laurens van der Meulen | Robbert van Heuven (dramaturgisch advies) | Janne Sterke | Hanne Pierrot | Minke Hoogenboezem | Ekko de Bakker, Amarins Jansma | Aart Laferte, Bart Schurer, Gerard Jorna | Citycamping De Wetterpôlle, Camping De Kooi, MEEUW jonge theatermakers, Station Noord, Carlo Scheldwacht, Scheffers Administratie, figuranten |