Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Selsfersekere nei de 60

19 12 2024

In tankber jier wie it, dat 2024. In klinkend jier ek. Middenyn it suksesfolle trijelûk dat we spilen omtrint de Fryske fanfare-kultuer begûnen we deroan. Suksesfol, omdat by it earste diel, Ynblaze, de tribunes al fol sieten en de resinsjes priizgjend wiene. By diel 2, Thúsblaze, setten we dat gewoan troch op de tribunes fan eigen meubilêr yn Fryske wenkeamers. Diel 3, Fanfare yn Easterlittens, sette as lokaasjefoarstelling fan ’t simmer in dik útropteken achter it gehiel, dat ek noch besikers en omtinken út de rest fan it lân oanluts. Wilens gie ús beukerfoarstelling Groeigraach it lân troch om ek net-Fryske skoalbern te ferwûnderjen oer grut of krekt lyts wêze en kaam ús bûtenlânske útwikseling binnen it Phōnē-projekt ta in moai ein op ferskate plakken yn Europa.

Sawiesa wie it jier suksesfol omdat we safolle nij publyk oansprutsen hawwe: omdat we fol ynsette koene op tagonklikens ha we by Fanfare en it minstens sa moaie Sâlt in moai tal ekstra minsken betsjinje kind. Mei help fan de revolusjonêre smart glasses en oare saken as neck loops en audiodeskripsje koene we besikers mei in beheining of oarstaligen in goede teätererfaring biede. Ek al binne we op dit mêd noch oan it learen, de reaksjes binne hertferwaarmjend en de doelgroepen tinke graach mei.

Like bliid binne wy mei de plom dy’t we fan de lanlike Raad voor Cultuur krigen op ús beliedsplan, wêrmei’t we ús plak yn de kulturele Basisynfradstruktuer (BIS) wer befêstige seagen. Sadwaande kinne we selsfersekere de takomst yn, mei allerearst fansels ús bysûndere jubileumjier foar de doar.

Want yn 2025 fiere we dat Tryater alwer 60 jier profesjoneel Frysktalich teäter meitsje mei, in plak biedt oan lokaal talint mar ek ûnderfining fan oer de grins nei Fryslân helje kin. Benammen yn dizze tiden is sa’n mylpeal de muoite wurdich om efkes goed by stil te stean. En dat sille we dwaan: fansels mei it jubileumboek dat yn septimber fia de Afûk ferskynt, ûnder mear mei tank oan it oerweldigjende tal donaasjes. Dat de achterban fan Tryater stevich is, wisten we al mar dat de crowdfunding sa útpakte makket dat wol ekstra dúdlik.  

In skiednis fan 60 jier en in trouwe, groeiende besikersgroep dy’t ús krekt folget en ek stipet. Dat jout ús in ferantwurdlikens om it goed dwaan te bliuwen. Dêrfoar sille we yn it nije jier wer alle war dwaan. Mei foarstellingen as Anwar en de wolf foar bern en Foekje foar it grutte publyk miene we alfêst wol wer wat moais yn ‘e hannen te hawwen. Mei de noch geheime, hiel spesjale jubileumfoarstelling dêr’t we foar septimber oan wurkje, tinke we de bysûndere ûnderfiningen ek trochsette te kinnen.

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!


Tatiana Pratley
Artistyk lieder

Nijs

Beeldmerk met de tekst Makke troch Minsken 10 11 2026

Makke troch minsken

Tryater bliuwt as kreative organisaasje fêsthâlden oan it sels meitsjen fan kreative uteringen. We ûntwurpen in label dat dit Fryske minskewurk útstrielt op ús uteringen: Makke troch minsken.

Campagnebeeld voor locatievoorstelling Drift met actrice Joke Tjalsma 29 10 2026

Muzikanten en motorriders socht foar Drift

Foar de foarstelling Drift, yn maaie-juny 2027 op it boppedek fan de Ljouwerter parkeargaraazje De Klanderij, binne wy op syk…

Sfeerfoto van cast bij de eerste lezing van Fierder nei it Noarden 02 09 2026

Yndrukwekkende earste lêzing Fierder nei it Noarden

Ferline wike tiisdei wie de earste lêzing fan ús nije lokaasjefoarstelling Fierder nei it Noarden. De cast, makkers en de…

02 09 2026

Utnûging presintaasje ‘een sterk staaltje jeugdtheater uit het Noorden’ op moandei 16 novimber

Bisto yn ‘e organisaasje of op ‘e skoalle dêr’tst wurkest dejinge dy’t teäterfoarstellingen boekt? Dan nûgje wy dy fan herte…

Portretfoto van Ruthger Zijlstra 15 04 2026

Tryater hjit nije saaklik direkteur wolkom

Ruthger Zijlstra (36) út Ljouwert is op 1 july saaklik direkteur-bestjoerder fan Frysk teäterselskip Tryater. Hy folget Valentijn Fit op, dy't koartlyn nei tsien jier ôfskied naam.

30 03 2026

GEZOCHT: figuranten Swimbad

Voor de grote locatievoorstelling Swimbad zijn we op zoek naar kinderen (7 t/m 10 jaar of oudere kinderen die er jong uitzien) en volwassenen die willen meespelen als figurant. Swimbad speelt van 20 mei t/m 13 juni in openluchtzwembad Dúndelle in Bakkeveen. 

23 03 2026

Tryater slút festivalwykein foldien ôf

Tryater sjocht tefreden werom op it Ienakterfestival dat op 21 en 22 maart yn eigen gebou plakfûn. Nettsjinsteande it strieljende wykeinwaar wiene de útfieringen troch amateurspilers hast allegear útferkocht, mei in útlitten festivalsfear yn it gebou as gefolch.

Campagnebeeld voor locatievoorstelling Drift met actrice Joke Tjalsma 03 03 2026

Tryater siket ferhalen fan froulju foar Drift

Yn 2027 bringt Tryater de spannende parkeargaraazjefoarstelling Drift op de planken, oer de prikeljende ûntdekkingstocht fan in frou op leeftiid. Teätermakker Eva Meijering is foar ynspiraasje op syk nei froulju tusken 50 en 90 jier dy't mei har yn petear wolle oer harren emosjonele ûntwikkeling fan harren jeugd ôf.

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado