Selsfersekere nei de 60
19 12 2024In tankber jier wie it, dat 2024. In klinkend jier ek. Middenyn it suksesfolle trijelûk dat we spilen omtrint de Fryske fanfare-kultuer begûnen we deroan. Suksesfol, omdat by it earste diel, Ynblaze, de tribunes al fol sieten en de resinsjes priizgjend wiene. By diel 2, Thúsblaze, setten we dat gewoan troch op de tribunes fan eigen meubilêr yn Fryske wenkeamers. Diel 3, Fanfare yn Easterlittens, sette as lokaasjefoarstelling fan ’t simmer in dik útropteken achter it gehiel, dat ek noch besikers en omtinken út de rest fan it lân oanluts. Wilens gie ús beukerfoarstelling Groeigraach it lân troch om ek net-Fryske skoalbern te ferwûnderjen oer grut of krekt lyts wêze en kaam ús bûtenlânske útwikseling binnen it Phōnē-projekt ta in moai ein op ferskate plakken yn Europa.
Sawiesa wie it jier suksesfol omdat we safolle nij publyk oansprutsen hawwe: omdat we fol ynsette koene op tagonklikens ha we by Fanfare en it minstens sa moaie Sâlt in moai tal ekstra minsken betsjinje kind. Mei help fan de revolusjonêre smart glasses en oare saken as neck loops en audiodeskripsje koene we besikers mei in beheining of oarstaligen in goede teätererfaring biede. Ek al binne we op dit mêd noch oan it learen, de reaksjes binne hertferwaarmjend en de doelgroepen tinke graach mei.
Like bliid binne wy mei de plom dy’t we fan de lanlike Raad voor Cultuur krigen op ús beliedsplan, wêrmei’t we ús plak yn de kulturele Basisynfradstruktuer (BIS) wer befêstige seagen. Sadwaande kinne we selsfersekere de takomst yn, mei allerearst fansels ús bysûndere jubileumjier foar de doar.
Want yn 2025 fiere we dat Tryater alwer 60 jier profesjoneel Frysktalich teäter meitsje mei, in plak biedt oan lokaal talint mar ek ûnderfining fan oer de grins nei Fryslân helje kin. Benammen yn dizze tiden is sa’n mylpeal de muoite wurdich om efkes goed by stil te stean. En dat sille we dwaan: fansels mei it jubileumboek dat yn septimber fia de Afûk ferskynt, ûnder mear mei tank oan it oerweldigjende tal donaasjes. Dat de achterban fan Tryater stevich is, wisten we al mar dat de crowdfunding sa útpakte makket dat wol ekstra dúdlik.
In skiednis fan 60 jier en in trouwe, groeiende besikersgroep dy’t ús krekt folget en ek stipet. Dat jout ús in ferantwurdlikens om it goed dwaan te bliuwen. Dêrfoar sille we yn it nije jier wer alle war dwaan. Mei foarstellingen as Anwar en de wolf foar bern en Foekje foar it grutte publyk miene we alfêst wol wer wat moais yn ‘e hannen te hawwen. Mei de noch geheime, hiel spesjale jubileumfoarstelling dêr’t we foar septimber oan wurkje, tinke we de bysûndere ûnderfiningen ek trochsette te kinnen.
Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!
Tatiana Pratley
Artistyk lieder