Resinsje Bingo: in pearel fan in foarstelling oer earmoed
01 02 2023De foarstelling Bingo mei Tamara Schoppert giet yn ‘e reprize. Moai! Bingo is in pearel fan in foarstelling. Oer earmoed.
Se komt te let binnen. Tine, de frou dy’t de baltsjes fan de bingo rôlje litte moat. En se nimt it publyk daliks mei yn har ferûntskuldiging. Dat har mem krektlyn ferstoarn is. Dat se de tiid fergetten wie doe’t se niiskrekt noch eefkes it âlderlik hûs besocht. Hoe keal en suterich oft har mem eins wenne. Symboalysk foar har libben en karakter.
De foarstelling is ferline jier ûntstien op inisjatyf fan de stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân. Koördinator Douwe Beimin woe dêrmei de earmoed ûnder de âlderein yn byld bringe. Benammen besprekber meitsje. De taskôgers koene nei ôfrin fan it stik mei-inoar oer har eigen situaasje prate. En oer de iensumens dy’t earmoed gauris mei him meibringt. Aktrise Tamara Schoppert en har selskip ‘Ploech en eide’ naam de útdaging oan om in stik te meitsjen oer dizze problematyk.
De foarstelling waard bewust net yn it teäter, mar yn doarpshuzen en buerthuzen spile. En it wie boppedat fergees tagonklik. It waard in sukses.Reden foar Tryater om it stik no ek yn in Fryske ferzje te bringen.
En sa wurdt keunst ynset om in maatskiplik doel te berikken. Al mei de artistike wearde wat Tamara Schoppert oanbelanget dêrby net ûndersnije. It is om de drommel wol echt toaniel wat op de planken brocht wurdt. Gjin Spielerei.
Fan de fleurige bingomaster nei de dochter dy’t fynt dat mem har yn de kjeld stean litten hat.Of is it krekt oarsom? Want neat is wat it liket. “Earmoed makket fan jo ien dy’t jo net wêze wolle, is de bittere slotkonklúzje fan de dochter. Mar foardat it safier is, wurdt tuskentroch noch echt bingo spile. Kompleet mei kraskaarten en in tafel fol prizen. En fansels de bingoballemole wêrmei’t de priiswinnende nûmers bekend makke wurde.
De foarstelling biedt net allinnich in fermaaklike jûn, wêrby’t ek noch pryskes te winnen binne, mar konfrontearret de taskôger op subtile wize mei de grauwe pôk dy’t earmoed hjit. En hoe’t we boppe-al skuld en skamte ôfsmite moatte foardat we wurde dy’t we net wêze wolle. En in dochter har mem wer yn leafde weromfynt. Moai!
– Tekst: Henk te Biesebeek – Omrop Fryslân
– Foto: Ruben van Vliet