Meitsje dyn jûn of middei by Anwar en de wolf kompleet en yt in hapke mei! Skow oan foar ferskillende smaken út de wrâldkeuken!
- Priis (eksl. drankjes): € 7,50 p.p.
- Wannear: 21, 23, 28 en 30 desimber
- Kombinaasje fan fleis- en fegetaryske gerjochten
- Allergyen: Hast allergyen of spesjale winsken, jou dat dan troch fia kaarten@tryater.nl
- Reservearje is needsaaklik
21 desimber| 16:30-17:45
Yalda Middei – In Iraanse fiering fan ljocht, iten en poëzij
Untdek de magy fan Yalda, in iuwenâlde Perzyske tradysje dy’t alle jierren yn ‘e nacht fan 20 op 21 desimber fierd wurdt. Yn dizze langste nacht fan it jier komme famylje en freonen by-inoar om it tsjuster troch te kommen mei iten, ferhalen en poëzij – en it weomkommende ljocht wolkom te hjitten.
Us Yalda Middei bringt dizze bysûndere sfear ta libben. De iterstafel wurdt feestlik fersierd mei reade aksinten en symboalen fan waarmte, lykas granaatappels en ferskate swietichheden. Wylst we genietsje fan tradisjonele Iraanske gerjochten, wurdt poëzij foardroegen: in fêst ûnderdiel fan de Yalda-tradysje.
Lit dy meifiere troch de smaken, kleuren en lûden fan dizze iuwenâlde fiering en ûnderfyn tegeare mei ús de krêft fan ferbining en ljocht op de Yalda Middei.
23 desimber | 18:00-19:15
Surinaamske jûn
Sjef/koki Dionne Rozenblad makket dizze jûn in feestlik miel dat folslein past by de Surinaamske tradysjes om it ein fan it jier hinne. Mei kryst en âld en nij komme yn in soad Surinaamske húshâldens de geuren en smaken fan Nederlânske klassikers likegoed as Surinaamske favoriten by-inoar. Oaljekoeken, pom, pyk út ‘e oven en riis, bygelyks.
Foar dizze bysûndere jûn servearret Dionne in tradisjonele pastei mei riis, hinnefleis en grienten, mei dêrby in ferfrissend en alkoholfrij gemberbierke.
28 desimber| 16:30-17:30
Mezze Middei – rike smaken fan it Middellânske Seegebiet
Mezze is in samling fan lytse, smaakfolle gerjochten dy’t mei-inoar servearre wurde: perfekt om te dielen.
Kinst it ferlykje mei Spaanske tapas, mar dan mei in twist út it Midden-Easten en it eastlike Middellânske Seegebiet. Dizze manier fan iten is benammen populêr yn lannen as Libanon, Grikelân, Turkije, Syrië, Israël en Egypte.
Lit dy ferrasse troch it ferskaat oan smaken, krûden en kleuren dy’t mei elkoar de hertlike en gastfrije ytkultuer fan dizze regio ta libben bringe. Reservearje dyn plak en genietsje mei-inoar fan dizze hearlike reis troch de mediterrane keuken!
30 desimber | 18:00–19:15
Oekraÿnske jûn
Yn Oekraïne is de winter in feestlike perioade fol waarmte, tradysjes en gearkommen. De feestdagen begjinne mei Kryst, folge troch Nijjier, en einigje mei it Feest fan it Hillige Wetter (Driekoningen). Elts fan dizze dagen hat syn eigen gerjochten, rituëlen en gebrûken. Op krystjûn geane minsken ferklaaid by de doarren del om lietsjes te sjongen, en mei âld en nij ferskine de mytyske figueren Heity Froast en it Sniefamke om it nije jier binnen te heljen.
Op dizze jûn kinst genietsje fan tradisjonele Oekraÿnske gerjochten, harkest nei muzyk en dielst ferhalen mei elkoar oer dizze bysûndere winterfeesten. Belibje de waarmte fan de Oekraÿnske winter oan tafel. Reservearje dyn plak en fier mei!


