Loading...
Under Wetter
12 Maaie O/M 9 Jul’22

Under Wetter

“Doch de eagen mar ris ticht. In famke bynt har redens ûnder. In jonkje hâldt him fêst oan in stoel, syn mem leart him hoe’t er ride moat. In heit brânt de mûle oan in beker waarme poeiermolke. Hjoed is in perfekte dei…”

Sûnt jier en dei leit de iisbaan op it lân fan de famylje Kingma. Wylst de geast fan Kingma senior noch omspûket, sit dochter Afke yn in spagaat. Hâldt se har oan har belofte om de baan te ûnderhâlden, of ferkeapet se de grûn om har buorkerij te rêden? Har soan hat rjocht op in takomst en reedride kin ommers hast noait mear. Yn Under Wetter wurdt in doarp konfrontearre mei grutte feroaringen. As sels de takomst fan de iisbaan op it spul stiet, wurdt it guon tefolle. Dan giet de natuer syn eigen gong. Bringt de iisbaan harren wer krekt as eartiids by elkoar?

Tryater lit ferskillende stimmen oan it wurd oer de takomst fan de iisbaan. De foarsitter dy’t alles by it âlde litte wol, de boerinne dy’t de grûn ferkeapje wol, de klimaatûndersiker dy’t de iisbaanproblemen yn in breder perspektyf pleatst en it bern dat noch noait op natueriis riden hat.

Op de prachtige iisbaan fan Wergea ferbyldzje akteurs, dûnsers, musisy en figuranten it ferhaal fan de famylje Kingma. Under Wetter is in oade oan tal fan iisbanen yn Fryslân en dy’t – ek al binne de winters waarmer – noch altyd funksjonearje. In foarstelling oer langstme en tradysje, fol drama én feest.

Gearwurking Ivgi&Greben

Tryater wurket foar Under Wetter yntinsyf gear mei dûnsselskip Ivgi&Greben, ek fêstige yn Ljouwert. Ivgi&Greben makket ekspressive dûnsfoarstellingen fan ynternasjonaal nivo. Urginte maatskiplike tema’s wurde fertaald nei minsklike bylden dy’t dy reitsje en net mear loslitte. Foar Under Wetter makket Ivgi&Greben oansteklike goreografyen dy’t it dûnsjen mei ús allen, as mienskip, fiere. De seis dûnsers jeie de oare spilers oan en helpe bepaalde aspekten yn it ferhaal út te fergrutsjen. Lykas krêften út de natuer en gefoelens as fertriet of langstme.

  • Oanfang: fan 20.45 oere ôf rinne fan it startpunt nei de iisbaan. Start foarstelling op iisbaan 21.30 oere
  • Tagongsprizen: € 29,50 (regulier), € 24,50 (Freonen fan Tryater), € 17,50 (oant 18 jier). Try-outs € 2,50 korting

Berikberheid

Mei de auto
Parkeare op it Fricoterrein (navigaasje Kerkbuurt 1, 9005 PD Wergea). Fan it parkearterrein ôf rinst yn 10 minuten (600m) nei de iisbaan. Wêr mooglik, graach carpoole yfm de kapasiteit fan it parkearterrein.

Mei it iepenbier ferfier
Mei dyn OV-chipkaart of in Arcadia OV-dagticket rydst mei de spesjale Under Wetter-bus (lijn 422) fan it busstasjon fan Ljouwert nei Wergea. Fertrek by busstasjon om 19:55 oere, fertrek út Wergea nei ôfrin foarstelling om 23.05 oere.

Tip: reizgest mei de bussen of treinen van Arriva? Keapje dan it spesjale Arcadia OV-dagticket en reizgje de hiele dei duorsum foar mar € 7,50! Plan dyn reis mei de nije Glimble reisapp van Arriva.

Op de fyts
Komst mei de fyts? Graach! Wy soargje foar in fytsenstalling by it parkearterrein by it Fricoterrein.

Fotografy: Anna van Kooij

  • Goed om te witten
  • Der is in koarte kuier (600m, sa’n 10 minuten) fan it parkearterrein nei de iisbaan
  • Under Wetter is geskikt foar elkenien fan 12 jier en âlder
  • Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen yn Under Wetter. Undertiteling is oanwêzich
  • English subtitles available (Smart Glasses). Choose the ‘ticket + english subtitles’
  • Under Wetter is rolstoeltagonklik. Bestel dan in rolstoelplak
  • Op sneon 2 july is in blinetolk fan Komt het Zien oanwêzich. Wolst hjir gebrûk fan meitsje, bestel dan in Komt hetZien! plak
  • As de foarstelling fanwegen min waar net trochgean kin dan wurdt dizze ynhelle op de earstfolgjende snein of moandei. Kaarten bliuwe jildich foar de oanbelangjende ynheldatum

Sko oan en meitsje dyn jûn kompleet! 

Captain’s Dinner

Meitsje dyn jûn yn Wergea kompleet en yt yn it foar in hapke mei! Sjef-kok Geert-Jan Vaartjes (û.o. Lauswolt, De Librije en no Oan Tafel en Grand Café JAN! yn syn bertedoarp Wergea) siedt yn in spesjaal pop-up restaurant in modern, wintersk miel yn ‘e maitiid. Mei û.o. ‘blote-billetjes-in-het-gras’, hite bliksem mei bargefleis en tafelsoer. Fansels is der ek in fariant foar fegetariërs. Ek oanskowe oan ‘e lange kapiteinstafel? Boek dan foar € 20 p.p. in diner mei!  

Let op der is beheind plak. Priis eksklusyf dranken.
Ytst fegetarysk? Dat kinst by it bestellen oanjaan.

VIP Diners

Neist it lekkere en gesellige Captain’s Dinner yn de Bidler, binne der ek twa VIP-arranzjeminten ûntwikkele troch Geert-Jan Vaartjes en brigade. Dy wurde servearre yn Grand-Café JAN! en proeflokaal Oan Tafel. Under mear geskikt om dyn sakerelaasjes mei nei ta te nimmen!

Lês mear oer de VIP-arranzjeminten


Arcadia – Programmaline IIS

Under Wetter makket diel út fan de programmaline IIS fan Arcadia, dêr’t meardere projekten ûnder falle wêrby’t keunstners mei de mienskip sykje nei nije wizen fan mei-inoar ferbûn wêze. Arcadia is in 100 dagen duorjende keunst- en kultuermanifestaasje as ferfolch op Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Arcadia is om de trije jier mei in earste edysje yn 2022.


Under Wetter wurdt mei mooglik makke troch it Leeuwarder Ondernemersfonds (LOF), it Nieuwe Stads Weeshuis, it Prins Bernhard Cultuurfonds, de Stichting Ritske Boelema Gasthuis en de Meindersma-Sybenga Stichting, neist ús fêste subsidiïnten Ministerie van OCW, Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Wolsto dy foarôf alfêst ûnderdompelje litte yn de tematyk fan Under Wetter? Of noch even neigenietsje fan dizze teaterfoarstelling? Op fiif plakken yn Fryslân – Berltsum, Holwert, Beetstersweach, Wergea, Wikel – kinst in Under Wetter Kuierferhalen rûte rinne. Mei help fan in app rinst in rûte dy’t begjint by in iisbaan. Underweis krijst koarte ferhalen te hearren en wurdst oan it wurk setten mei leuke opdrachten om te d waan. De ferhalen binne skreaun troch skriuwers dy’t harren ynspirearje litten hawwe troch de foarstelling. De rûtes binne sa’n seis kilometer lang. Leuk foar mei dyn mem, pake, of mei it hiele gesin! 

Wat hast nedich?

  • mobile telefoan (mei genôch batterij)
  • ynternet (foar downloaden rûte)
  • kuierskuon
  • earkes

TIP:
Om de ferhalen sa goed mooglik te belústerjen, riede wy oan om by de ferhalepunten even stil te stean en earkes te brûken. De rûtes binne foar it grutste part frij fan auto’s, mar hâld altyd rekken mei it ferkear.

Hoe wurket it?

  • Stap 1: Download de ‘Locatify Smart Guide-app’ troch dizze QR-code te scannen
Foar App StoreFoar Google Play
  • Stap 2: Iepenje de app.
  • Stap 3: Typ yn de sykbalke boppe-oan: ‘tryater’.
  • Stap 4: Sjochst no fiif beskikbere rûtes. Klik op in rûte.
  • Stap 5: Klik op ‘download’ en dêrnei op ‘start’.

De rûtes binne sa’n 6 km lang en sette útein en einigje by in iisbaan. Ideaal om mei in selskip fan twa of mear persoanen te kuierjen.
 

Rûte: Hoorn (Skylge) – allinnich tidens Oerol
In rûte oer smelle en brede boskpaden, troch prachtich heidegebiet, lâns strânpaviljoen Kaap Hoorn en it ‘huisje met de handschoenen’.

Dit is de fêste rûte fan Steatsboskbehear troch de Hoornerbosk. Kinst de pealtsjes mei blauwe buordsjes folgje, mar fanwege spyllokaasjes yn de bosk is der in lytse omlieding yn dizze rûte oanbrocht. Folgje dêrom goed de blauwe line yn de Locatify Smart Guide-app. Tink der om: Kinst dizze rûte net dwaan nei 20.00 oere, y.f.m. foarstellingen tidens Oerol.

Parkeare: Kinst de fyts delsette by it houten fytserek njonken iisbaan ‘Hêdredersplak’.
Startpunt: Do begjinst by it startbuordsje dat stiet by de fytserekken. Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Berltsum
In rûte oer hiel wat brechjes, it Hemmemapark, hofke mei fruitbeammen en lâns it byld fan de Berltsumer hûntsjes. Dizze rûte is net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: Kin oeral yn Berltsum. Hâld wol rekken mei de bewenners. 
Startpunt: Begjinst by it giele startbuordsje.Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Holwert
In rûte troch it doarp, rjochting it byld ‘wachten op hoog water’, fierders prachtich wiid bûtengebiet. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: Kin oeral yn Holwert. Hâld wol rekken mei de bewenners. 
Startpunt: Begjinst by it giele startbuordsje (by de buslus). Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Beetstersweach
Foar it grutste part lâns markes, troch bosk en lâns heide. By de start kinst yn in drûge perioade ek kieze foar it flonderpaad. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: Parkeerplaats Poostweg
Startpunt: Begjinst by it giele startbuordsje. Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Wergea
In rûte dy’t begjint by de iisbaan fan Wergea, de spyllokaasje is fan de foarstelling. Rinst lâns greiden, oer brechjes en lâns it prachtige terptsjerkje fan Swichum. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Fyts parkeare: iisba : Kin oeral yn Wergea. Hâld graach wol rekken mei de bewenners.
Startpunt: Begjinst by it startbuordsje. Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Wikel (net mooglik fan 9 juny o/m 19 juny)
Foar it grutste part in rûte mei hurde ûndergrûn dy’t start yn it Wikelerbosk (ek wol Van Coehoornbosk) wêrby’tst ek lâns it prachtige stedsje Sleat komst. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: By de Herfoarme Tsjerke
Startpunt: Begjinst by it giele startbuordsje. Klik hjir foar de eksakte lokaasje.

In soad kuierwille!

We kinne der net omhinne: kâlde winters wurde seldsumer. Bist benijd wat dat betsjut foar de takomst fan de iisbaan yn Fryslân? Lústerje dan op spotify nei Underweis nei Under Wetter, wêryn’t klimaatdeskundigd Pier Vellinga, manager klimaatadaptaasje Karel Veeneman en iismaster Johannes de Vries harren ljocht skine litte oer dit ûnderwerp. Ferdjipjende audio foar ûnderweis nei de foarstelling, of nei ôfrin, om noch wat langer by de takomst stil te stean.

Nederlandse vertaling programma
English translation program

Tatiana Pratley – De aanleiding
Personages / spelers
Eerste deel: De iisbaan
Wessel de Vries – Het vooronderzoek
Tweede deel: It feest
Sytze Pruiksma – De muziek
Derde deel: Wiete fuotten
Johan Greben – De dans
Vierde deel: De Jierfergadering
Over Arcadia en IIS
Over Oerol
Epiloog: Under Wetter

“Yn oanrin nei de foarstelling dielden in soad minsken waarme oantinkens oan de iisbaan. Se neamden it in plak fan ferbining, elkenien is gelyk. Se kamen mei anekdoates oer wille, freonskip, leafde. Ien neamde natueriis it feest fan de natuer. Dat rekke my.”

De oanlieding 

Doe’t ik trije jier lyn by de iisbaan fan myn doarp rûn, frege ik my ôf wat de takomst fan dat plak wêze soe. Hoe faak soe der noch iis lizze? Yn Fryslân hat hast elk doarp in iisbaan, faak op in prachtich en sintraal plak. De iisbanen wurde it hiele jier troch ûnderhâlden: lotten wurde ferkocht, it gers wurdt meand en alle winters wurdt de baan ûnder wetter set. Hoopjend op froast. Mar kâlde winters wurde hieltyd seldsumer. 

Yn oanrin nei de foarstelling dielden in soad minsken waarme oantinkens oan de iisbaan. Se neamden it in plak fan ferbining, elkenien is gelyk. Se kamen mei anekdoates oer wille, freonskip, leafde. Ien neamde natueriis it feest fan de natuer. Dat rekke my. In feest dat we generaasjes lang fiere mochten. Mar de generaasjes nei ús, sille dy it noch meimeitsje? En as de natuer net sa faak mear feest fiert, wat docht dat mei ús? 

Yn Under Wetter stiet sintraal hoe’t we omgean mei it feroarjen fan tradysjes. Ik wol sjen en fiele litte wat de iisbaan betsjut foar ferskillende generaasjes. Hoe sterk oftst ferbûn wêze kinst mei in plak en wat der bart as we twongen wurde ûnder eagen te sjen dat de takomst op dat plak ûnwis wurdt.  

By it ta stân kommen fan Under Wetter krige de tematyk hieltyd mear urginsje. Krige ik trije jier lyn noch faak te hearren: ‘sa hurd sil it wol net gean’, sûnt it útkommen fan it klimaatrapport is foar Friezen net allinne de takomst fan it natueriis ûnwis. It is sels reëel dat troch de opwaarming fan de ierde en heger wurdende seespegel ús provinsje op termyn ûnderstrûpe sil. In driigjend takomstperspektyf. 

As teatermakker fiel ik my útdage om de grutte fraachstikken dy’t ferbûn binne oan de takomst fan de iisbaan werom te bringen ta werkenbere en minsklike ferhâldingen. Om se in hert en stim te jaan. Under Wetter bringt minsken wer by elkoar op de iisbaan: in plak dat ús desennialang sterk ferbûn.  

Tatiana Pratley 

Nei boppe

Personages / spelers

DE STAMBEAM 

Hendrik Kingma Sr – Joop Wittermans 
Afke har stoarne heit, âld-foarsitter fan de iisklup, spûket noch altyd op de iisbaan om 

Afke Kingma – Tamara Schoppert 
boerinne en eigener fan de grûn dêr’t de iisbaan leit 

Hylkje Kingma – Gonny Gaakeer 
Afke har suster, wennet al jierren yn it bûtenlân 

Hendrik Kingma Jr – Mattheüs Douwes 
Afke har soan, sil op termyn de buorkerij oernimme 

Benthe Kingma – Lieke Venema 
de dochter fan Afke, noch net dwaande mei de takomst 

Sara Nadeem – Ayisha Siddiqi 
de freondinne fan Hendrik Jr, sil nei de simmer Future Planet Studies studearje 

Dennis Hazebos – Rogier in ‘t Hout 
Afke har finansjeel adviseur, hat in plan om de iisbaan te ferkeapjen 

Jasper van der Meer – Lourens van den Akker 
nije foarsitter fan de iisklup, wol dat alles by it âlde bliuwt 

SPILERS 

Ayisha Siddiqi 
Studearre ôf oan de Toneelacademie yn Maastricht en spile by û.o. Toneelgroep Oostpool, Het Nationale Theater en DOX. 

Gonny Gaakeer 
Spile û.o. yn de films All Stars en Nynke en by Het Nationale Toneel, Noord Nederlands Toneel en ZT Hollandia. Siet by Tryater yn De Trije Susters (2007) en de Alvestêdetocht (2008). 

Joop Wittermans 
Spile yn telefyzjesearjes en films en by selskippen as NNT, Suver Nuver, Peergroup en Pier21. Wie by Tryater û.o. te sjen yn Karlsson fan it dak en Trouwerijen en rjochtsaken ensf.  

Lieke Venema 
Spile jierren by Meeuw Jeugdtheaterschool, û.o. yn Hjir Ha Ik West (koproduksje mei Tryater, 2019) en Olympia Palace (2021). 

Lourens van den Akker 
Spile by Tryater û.o. yn Part-time Paradise, Karlsson fan it dak en Jonges. As mei-oprjochter fan kollektyf Akkers en Velden kreëarret en produsearret er ek eigen foarstellingen. 

Mattheüs Douwes 
Die de oplieding Artiest Theater yn Ljouwert en siet twa jier by Jong Tryater. Spile mei yn Wereldburgers van de Voorstreek en Nacht

Rogier in ‘t Hout 
Wie in skoft fêste spiler by it Ro Theater en it Noord Nederlands Toneel. Siet yn tal fan telefyzjesearjes en spilet en skriuwt al 25 jier foar telefzyjeprogramma Het Klokhuis. 

Tamara Schoppert 
Spilet al jierren foar Tryater, û.o. yn Hamlet, Pak ‘m Stanzi en Ronja de Rôversdochter. Se is ek teatermakker en regissearre by Tryater û.m. Fabelkracht (2012) en Karawane (2018). 

Nei boppe

Simmer 2022 – Earste diel: De iisbaan

Hylkje is werom yn it doarp, it feest wurdt taret, Afke hat noed oer de finansjele problemen fan de buorkerij.  

“Op dizze iisbaan leit ús hiele libben” Afke Kingma (Tamara Schoppert)

Nei boppe

Wessel de Vries – It foarûndersyk

Ynspiraasje út de wrâld fan no 

Foar it skriuwen fan de tekst fan Under Wetter die toanielskriuwer Wessel de Vries ynspiraasje op troch moetingen mei iisklup-bestjoerders, fanatike reedriders, klimaatwittenskippers en oerstreamings-eksperts. Hy fertelt oer fjouwer moetingen dy‘t him ynspirearren.  

8 maaie 2021 / Pier Vellinga: 
“Middenyn koroana, dus in online petear mei klimaatwittenskipper Pier Vellinga út Nijlân. Vellinga wie foarsitter fan stichting Urgenda en wie ien fan de earste wittenskippers yn Nederlân dy’t (al yn de jierren tachtich) warskôge foar de gefolgen fan klimaatferoaring. Vellinga fertelt dat er – berne yn Fryslân – in fanatyk rider is. It falt op dat Vellinga optimistysk is oer de takomst en yn oplossingen tinke wol. Ja, klimaatferoaring is in probleem – mar it is wol in probleem dêr’t we mei ús allen wat oan dwaan kinne. Fan de klimaatkrisis kinne we ek in soad leare. Vellinga tinkt dat we statistysk sjoen wis noch in Alvestedêtocht krije sille en foar de iisbanen yn Fryslân hat er in plan: wêrom soenen we gjin sinnepanielen op de iisbanen lizze dy’t we yn ’e winter fuorthelje kinne? Mei de stroom út dy sinnepanielen kin dan winters in keunstiisbaan fan stroom foarsjoen wurde! It entûsjasme fan Vellinga is oansteklik en syn sinnepanieleplan sil yn de foarstelling weromkomme by it personaazje fan Hylkje.”  

10 maaie 2021 / Jan van Zalinge:  
“It reint de hiele dei en ik rin fan stasjon Dronryp oer de dyk nei it doarp (dat is noch in hiel ein). It is efkes sykjen nei de iisbaan, mar al gau sjoch ik de karakteristike lantearnepeallen. Foar it klupgebou stiet Jan van Zalinge, foarsitter fan it bestjoer fan de iisklup yn Dronryp, al klear. As we drûch yn it klupgebou sitte, begjint er te fertellen: Dronryp hie ôfrûne winter it moaiste iis fan Fryslân, om’t se de dei foardat it begûn te friezen (mei alle masines dy’t se mar fine koenen) de iisbaan leechpompt – en doe op ’e nij ûnder wetter set hienen. Jan en de oare bestjoersleden ha dúdlik passy foar de iisklup. It binne allegearre boeren. Neffens Jan is reedride in echte boeresport en wurde guon iisbanen yn Fryslân troch boeren ûnderhâlden. De measte iisbanen lizze ek nochris op boerelân. Ik hie noait stilstien by de bân tusken iis en boeren, mar fyn it nijsgjirrich en sa ûntstiet it idee om it ferhaal fan de iisbaan oan it ferhaal fan in boerefamylje te keppeljen. Klimaatferoaring is op dit stuit ommers net allinnich foar iisklups, mar ek foar boeren in wichtich tema!” 

22 maaie / Johannes de Vries: 
“Op besite by Johannes de Vries yn Grou, foarsitter fan it bûn fan de iisklups. We ha beide de koarte broek oan, it is smoarhyt. Prachtich om te sjen hoe’t De Vries ek middenyn de simmer drok dwaande is mei syn grutte passy: natueriis. Yn ús petear wurdt er meardere kearen belle oer saken dy’t te krijen ha mei natueriis. It giet nammentlik it hiele jier troch! Ynspirearjend fyn ik it, hoe’t De Vries him net út it fjild slaan lit troch winters dy’t miskien waarmer wurde. We moatte trochgean! Dy mentaliteit kin ik moai brûke foar it personaazje fan Jasper (de nije iisklup-foarsitter) en Hendrik Kingma Sr (dy’t oait iisklup-foarsitter wie).  

8 septimber / Karel Veeneman 
“Ek in waarme dei. Mei Tatiana en Karel (fan Wetterskip Fryslân) sitte we op it terras fan Tryater. We prate oer de takomst fan Fryslân. Karel is realistysk, en ik fyn it in alarmearjend ferhaal. Hy fertelt oer wat der barre sil as it wetter echt te heech wurdt. Foar ekonomysk wichtige gebieten as de Rânestêd wol de oerheid miskien noch wol jild betelje foar de ferheging fan diken. Mar as Fryslân (troch it sâlter wurden fan lânbougrûn) it grutste part fan syn ekonomyske wearde ferliest, is it goed mooglik dat besletten wurde sil om Fryslân oerstreame te litten. It Noarden fan Fryslân wurdt dan ûnbewenber. Ik fyn it in nijsgjirrich, mar ek soarchlik ferhaal. It komt tichtby. Dat we dizze ynformaasje brûke moatte, dêr bin ik wis fan, en sa begjinne we nei te tinken oer de epilooch.”  

“It falt op dat Vellinga optimistysk is oer de takomst” 

“Neffens Jan is reedride in echte boeresport” 

Wessel de Vries wurket sûnt syn ôfstudearjen oan de oplieding Writing for Performance (HKU, 2017) geregeld as skriuwer foar Tryater. Hy skreau û.o. it script foar de famyljefoarstelling Karlsson fan it dak en de Oerolhit Part- Time Paradise (ko-produksje mei Skoft&Skiep). Yn 2021 skreau Wessel de aventoerlike lokaasjefoarstelling Nacht. Neist syn wurk by Tryater wurket Wessel as skriuwer foar û.o. Meeuw Jonge Theatermakers, Theater Sonnevanck en Videoland. 

Nei boppe

Simmer 2022 – Twadde diel: It feest

Het is feeIt is feest op de iisbaan, der wurdt neitocht oer de takomst, Afke tinkt deroer om de iisbaangrûn te ferkeapjen.

Ik tocht altyd: as ik achttjin bin, dan begryp ik hoe’t it sit…” Hendrik Kingma Jr (Mattheüs Douwes)

Nei boppe

Sytze Pruiksma – De muzyk

“Heardest hjir tweintich jier lyn de guozzen… dan kaam de winterMar dy guozzen binne der no al yn ’e simmerSe bliuwe” 

De toan fan de foarstelling 
Dat komponist/slachwurker Sytze Pruiksma de muzyk skreaun hat foar Under Wetter soe eins hielendal net. “Tatiana hie my frege oft ik in pear kear meisjen woe mei it skript. Ik bin al jierren mei de tematyk klimaatferoaring dwaande. As ien fan de inisjatyfnimmers fan Kening fan ’e Greide en ek mei Plant fansels, de plaat en it projekt fan Nynke (Laverman, red.) en my”, fertelt Sytze. “Yn de simmer fan 2021 ha ik meilêzen en hawwe we by inoar sitten. Nei de tredde kear frege Tatiana my: ‘wat hearsto eins asto dit sa lêst?’ Doe sei ik: blazers! Net in fanfare, mar wol tromboanes. Dy kinne sa moai glydzje en tagelyk in alarmlûd meitsje. Ik fertelde ek dat ik al jierren in hiele goeie trombonist koe: Brandt Attema. Doe kaam hiel natuerlik de fraach oft ik dan wol wat komponearje woe.” 

Kleur en tsjinkleur jaan 
Fan de tolve trombonisten dy’t Sytze yn earste ynstânsje yn ’e holle hie, binne it seis wurden. Al in hiel soad en mei in machtich lûd. Brandt, berne yn Fryslân, wie al fuortendaliks entûsjast. Hy dielt syn rol as bandlieder mei in oare topper op tromboanemêd: Sebastiaan Kemner. Sytze: “Mei de tromboanes kinne we alle sênes kleur en tsjinkleur jaan. Oan de start ha ik wol sa’n 25 ‘filmyske’ stikken skreaun foar seis tromboanes. Der ûntstie in leitmotiv en in tal spilers krige in eigen kleur of tema. As dy opkomme, begjint harren muzyk wer.” De tromboanes bepale letterlik en figuerlik mei de toan fan de foarstelling, mar Sytze miste ek wat: “Tromboanes kinne net superheech of leech. Dêrom betocht ik it harmoanium derby. Ik oppere: Joop moat dat eins bespylje en dan leafst wylst er yn in belslide sit. En dat waard ek noch útfierd! Te gek fyn ik dat.” It wie ek Sytze syn idee om by it feest in drummer yn te setten. “De drums ha je nedich by in wier feest. Ik sei: it soe moai wêze as dy drummer dan op it dak fan it iisgebouke stiet. En ek dat is sa kommen!” 

De krêft fan it kollektyf 
It ta stân kommen fan de foarstelling is dúdlik it resultaat fan in yntinsive gearwurking. “Elkenien docht wat. Oft it no it spyljen, it ljocht, de dûns of it lûd is. Litte je de muzyk wei dan soest it misse, mar dat jildt ek foar de oare aspekten.” Under Wetter is dus it gehiel fan in soad ûnderdielen en tagelyk lit it in hiel soad perspektiven sjen. “De personaazjes binne hiel ferskillend. Kwa eftergrûn, miening oer it no en fyzje op de takomst. Dat is hiel werkenber, want dat is yn it echt ek sa. Mar dat makket de minske ek kwetsber. Je moatte in kollektyf wurde. Sjoch mar nei fûgels: in kloft protters is sterk!” Ek de musisy binne in machtich moai team: “Se fine it geweldich om mei-inoar te wurkjen. En al hielendal mei in professional derby. Sa’n man as Brandt kin minsken yn fiif minuten noch better meitsje.” 

Fan de 25 oarspronklike komposysjes binne sa’n fjirtjin oer. De seleksje en de eksakte foarm binne wurkjendewei ta stân kommen: “Alle middeis ha ik by de repetysjes west en de oare moarn wurke ik dan wer dingen út. As de foarstelling klear is, is alles by inoar kommen. Dan fertelle we mei de kombinaasje fan it spul, de dûns, de technyk en de muzyk in ferhaal. Ik hoopje dat it ús slagget om dermei de minsken te reitsjen.” 

“De tromboanes bepale letterlik en figuerlik mei de toan fan de foarstelling” 

“Dan fertelle we mei de kombinaasje fan it spul, de dûns, de technyk en de muzyk in ferhaal. Ik hoopje dat it ús slagget om dermei de minsken te reitsjen.” 

Sytze Pruiksma is slachwurker, komponist en fûgelleafhawwer. Syn eigensinnige spylstyl ûnderskiedt him troch grutte oandacht foar klankkleur, ynspirearre op lânskippen, natuer en fûgels. Nei it konservatoarium wurke er mei oan tal fan teaterproduksjes fan û.o. Tryater, Peergroup, Via Berlin en Orkater. Sûnt 2003 wurket er as producer en muzikant gear mei sjongeres Nynke Laverman. Yn 2018 gie Conference of the Birds yn premjêre, in grutte lokaasjefoarstelling yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. 

Nei boppe

Jannewaris 2023 – Tredde diel: Wiete fuotten

In soarchlik klimaatrapport ferskynt, de jiergearkomste fan de iisklup wurdt taret, Afke tekenet in kontrakt om de iisbaangrûn te ferkeapjen. 

“Do doarst net nei de takomst te sjen, Jasper. Mar foardatst it yn de gaten hast- Sitst der middenyn” Dennis Hazebos (Rogier in ’t Hout)

Nei boppe

Johan Greben – De dûns 

EEN EKSTRA LAACH

Ivgi&Greben, sûnt 2021 it fêste dûnsselskip fan Ljouwert, makket ekspressive, rauwe dûnsfoarstellingen fan ynternasjonaal nivo. De Israelyske Uri Ivgi en yn Ljouwert berne Johan Greben fertale maatskiplike tema’s nei minsklike bylden dy’t dy reitsje. De twa dûnsmakkers en libbenspartners nimme de goreografyen foar ‘Under Wetter’ foar har rekken. 

Johan Greben: “Uri en ik ha hast tweintich jier oer de wrâld swalke en mei ynternasjonale selskippen wurke. In grut aventoer, mar ek hieltyd in proses fan loslitte. Meastentiids wienen we sa’n seis oant acht wiken yntinsyf mei in groep dûnsers dwaande om in wurk yn te studearjen. Boust in profesjonele en faak ek persoanlike bân mei se op, oant it stik klear is. Dan stapst op it fleantúch en is it ynienen foarby. Op in stuit fielden we dat we wat oars woenen en begûnen we nei te tinken oer de takomst. Yn 2018 ha we We Are In Trouble makke foar Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Echt hiel moai,  werom yn myn bertestêd. Dy produksje wie foar ús de trigger om te ûndersykjen oft yn Fryslân draachflak wie foar in fêst dûnsselskip. En dat wie der!” 

Nije mooglikheden 
“It jout ús tal fan nije mooglikheden. It noflike fan in selskip mei in fêste groep dûnsers is dat je mei elkoar wat op- en útbouwe. De dûnsers leare dyn styl, dyn hânskrift kennen en kinne op dy wize harsels ek fierder ûntwikkelje. It meitsjen fan wurk is sa’n 50% fan watst dochst as goreograaf, mar it trochûntwikkeljen fan dyn oeuvre is de oare 50%. Nei in foarstelling krijst feedback. Fan elkoar, fan kritisy en fan it publyk en dy kinst weromjaan oan de dûnsers en meinimme yn it oanskerpjen fan dyn wurk. Dat koenen we net en it fielt as in enoarme mearwearde. Boppedat hâlde we op dizze wize ús materiaal ticht by ús. Dat fielt hiel oars as in wurk ôf te leverjen en wer fierder te lûken.” 

“Dat we no mei in teaterselskip wurkje, is foar ús in hiele nije stap, dat ha we noch noait dien. Doe’t we ús yn Ljouwert fêstigje soenen, binne we fansels mei in hiel soad selskippen en ynstellingen yn de kunde kaam, ek mei de winsk om mei oare dissiplines gear te wurkjen. We hienen Tryater noch net moete, doe’t se ús al bellen: ‘we meitsje in lokaasjefoarstelling en dêr wolle we dûns by, sille we prate?’ It klikte fuort goed, de ideeën en de iepenheid fan regisseur Tatiana Pratley sprutsen ús bot oan. We binne fierder gien, ha it geweldige team moete, skriptlêzingen bywenne, in soad praat. Dizze produksje is al twa jier yn tarieding en we stappe healweis oan board. Dat is ek spannend foar ús: gewoanwei wienen we yn ús wurk fan it begjin ôf ‘in charge’ en belutsen by de muzykkar, it toanielbyld, alles. Dat is in nije wize fan wurkjen foar ús en jout in moaie dynamyk.” 

Ekstra laach 
“Tatiana hie guon sênes yn de holle dêr’t se dûns by woe. Mar it is fansels net in toanielstik mei sa no en dan in dûnske. In goreografy jout in ekstra laach oan in foarstelling. Hoe ferhâlde we ús ta de lokaasje, hoe meitsje we de konneksje mei de ierde, de grûn en hoe fertale we dat nei dûns. It is hiel spannend en leuk en we hawwe der in soad nocht oan!” 

“A tánc számomra egy folytonos kihívás, egy lehetőség és eszköz, mellyel mélyebben, tudatosabban megismerhetem magamat és a testemet. Itt tudok leginkább fejlődni, álarcok nélkül létezni és itt találkozhatok a legtisztábban önmagammal.”

Dûns is hieltyd in útdaging, in prachtige kâns en in oar soarte fan helpmiddel dêr’t ik mysels en myn lichem op ferskillende nivo’s better mei kennen leare kin. Wannear’t ik dûnsje, kin ik my it measte ûntwikkelje, kin ik mysels wêze sûnder maskers en kin ik mysels it bêste moetsje.  

Bettina Jurák, dûnseres ut Hongarije by Ivgi&Greben

Uri Ivgi (links) en Johan Greben binne nei in nomadysk, ynternasjonaal bestean as dûnsmakkers delstrutsen yn Ljouwert. Ivgi&Greben is it nije dûnsselskip fan de stêd en makket de goreografy foar Under Wetter. De seis dûnsers út it selskip sitte allegear yn de foarstelling. 

Nei boppe

Jannnewaris 2023 – Fjirde diel: De Jierfergadering

Op de jierfergadering ûntstiet spul oer de takomst fan de iisbaan, der wurdt oranjekoeke iten, net ien wit hoe no fierder.

“Ik ben er gewoon n“Ik bin der gewoan noch net oan ta om ôfskie te nimmen” Jasper van der Meer (Lourens van den Akker)

Nei boppe

Oer Arcadia en IIS

PARTNERS

Arcadia 
“Is de Fryske iiskultuer in ranende tradysje of bliuwe de Fryske iisbanen in waarm klopjend hert fan it Fryske doarpslibben? De wrâld feroaret sterk en dus ek it doarp en de wyk. Wat betsjutte dy feroaringen foar de mienskip en hoe hâlde we dêrbinnen it ferienings-, doarps- en wyklibben aktyf? By Under Wetter wurde dizze fragen op yngeande wize ynfielend makke. Tagelyk mei Under Wetter start it grutte mienskipsprojekt IIS fan Arcadia. We binne hiel grutsk op dizze moaie gearwurking en klapje hurd foar Tryater, Ivgi&Greben, Wergea en alle makkers fan Under Wetter!” 

Sjoerd Bootsma, artistyk direkteur Arcadia 

IIS  

Ferbinende mienskipsprojekten yn hiel Fryslân 
IIS is it mienskipsprojekt fan Arcadia. Neist Under Wetter binne dat sa’n tritich projekten en it oantal nimt ta. Alle IIS-projekten binne makke troch en/of mei de mienskip, en dat fielst. It mei-elkoar ien wêzen, de ferbining en de Fryske taal en kultuer binne sichtber, hearber en fielber yn tal fan foarstellingen, ferhalen en multymediale hichtepunten. Belibje se, en kom yn hûndert dagen yn de kunde mei Fryske doarpen, stêden, wiken en iisferieningen.  

IIS is belangryk foar de Friezen. Sadree’t it friest, komme de redens út it fet en giet jong en âld op it iis. Tal fan Fryske iisbanen binne dan ek in symboal fan ferbining. Mar tsjinwurdich ék in symboal fan krisis: de aarde waarmet op, it klimaat feroaret en de gesellige doarpske iisbanen wurde de lêste winters faker befolke troch skiep en boartsjende bern, as troch entûsjaste riders. Wat kinne we dêroan dwaan? Wat wolle we trochjaan oan de kommende generaasjes? Of: Hoe kinne we in goede foarâlder wêze? Dizze fragen stean sintraal by alle projekten fan IIS. 

Der binne eksposysjes, foarstellingen en kulturele manifestaasjes. Besikers wurde traktearre op bysûndere moetingen en weardefolle petearen. Fryslân brûst, fan Bûtenpost oant Aldegea en fan Warkum oant Eastermar. IIS is in koproduksje fan Arcadia en Keunstwurk, mei Provinsje Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds en Univé as haadpartners. 

Tiid om wat nijs te ûntdekken 
Arcadia barst hûndert simmerdagen lang út de foegen mei lokaal en ynternasjonaal moais by de fraach ‘Yn watfoar wrâld wolst wenje?’ 

Alle dagen kinst dy ûnderdompelje yn keunst en kultuer, sjoch foar it folsleine programma op www.arcadia.frl/iis 

Nei boppe

Oer Oerol

PARTNERS

Oerol 
“Tryater hat in lange tradysje fan spyljen op Oerol. Underwilens alwer jierren lyn hat Tryater echt namme makke mei Peer Gynt en sûnt dy tiid is it selskip fêste gast. Ek foar Tatiana Pratley is it net har earste regy op Oerol. Wa’t Part-Time Paradise sjoen hat, sil dizze foarstelling net gau ferjitte. Hoe moai is it dan dat dizze earste grutte Tryater-lokaasjefoarstelling ûnder har ferantwurdlikheid ek op Oerol stiet. Yngenieus is it hoe’t Tatiana it klimaatfraachstik behannelet. Net troch te sizzen hoe min oft it giet of hoe’t we it allegear better dwaan moatte. Mar troch fragen te stellen oan de hân fan wat dat ús bynt. De iisbaan dy’t eartiids yn elke stêd en elk doarp foar in pear wiken yn de winter it sintrum fan de mienskip wie en no miskien foar altyd wol in leech fjild mei wetter bliuwt.” 

Siart Smit, algemien direkteur Oerol 

In tydlike ideale maatskippij op Skylge 
Hiele generaasjes binne opgroeid mei Oerol en nimme har ûnderfiningen en aventoeren op it Waadeilân Skylge mei yn har libben. Foar elke yndividuele besiker betsjut Oerol wat oars. Wat foar elkenien lykwols gelyk is, is dat by it útfarren fan de haven fan Harns de ‘gewoane’ wrâld efkes plakmakket foar in tydlike ideale maatskippij dy’t de holle leech makket, de eagen iepenet en de aventoerlikheid oanfjurret. In wurkpleats foar in leefbere takomst dêr’t fan alles yn mooglik is, ast dy mar iepenstelst foar dat wat op dyn paad komt. 

Mear Tryater by Oerol 
By Oerol 2022 is fan Tryater net allinne Under Wetter te sjen, mar ek de ynstallaasje Snackgelok. By Snackgelok leist yn in libbensgrut patatbakje en harkest nei in muzikale kompilaasje fan audiofragminten dêr’t minsken fertelle oer har drift om te konsumearjen en it gelok dat se dêroan ûntliene. Snackgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2021 zoome de teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans no yn op it konsumearjen fan gelok. 

Nei boppe

Simmmer 2038 – Epiloog: Under Wetter

Friesland dreigt te oFryslân driget ûnder te strûpen, it doarp wurdt evakuearre. 

“Ik hâld fan wat ik net ha, en mis wat der net is” Benthe Kingma (Lieke Venema)

Nei boppe

Meitsje dyn jûn by Under Wetter yn Wergea kompleet en yt yn it foar in hapke mei! Sjef-kok Geert-Jan Vaartjes (û.o. Lauswolt, De Librije en no Oan Tafel en Grand Café JAN! yn syn bertedoarp Wergea) siedt yn in spesjaal pop-up restaurant in modern, wintersk miel yn ‘e maitiid. Mei û.o. blote-billetjes-in-het-gras’, hite bliksem mei bargefleis en tafelsoer. Ek oanskowe oan ‘e lange kapiteinstafel? Boek dan foar € 20 p.p. in diner mei!

  • Let op: der is beheind plak
  • Priis eksklusyf dranken
  • Ytst fegetarysk? Dat kinst by it bestellen oanjaan

Wiidweidiger ite foarôfgeand oan Under Wetter? Mei it managementteam of relaasjes nei de foarstelling? Dan binne de twa VIP-diners – ûntwikkele troch sjef-kok Geert-Jan Vaartjes en syn brigade – poergeskikt.  

Arranzjemint VIP by JAN! 

  • Untfangst: tusken 17.00 en 18.00 oere
  • Lokaasje: Grand Café JAN!
  • Te boeken fan 2 persoanen ôf
  • Diner:in trijegonge-shared dinner-menu mei foarôf in feestlik aperityf yn de bûtentún fan JAN! en by it iten in bypassend arranzjemint mei drinken. 
  • Kosten: € 89,50 foar elk persoan (ynkl. foarstellingsticket)

Arranzejmint VIP by Oan Tafel 

  • Untfangst: tusken 17.00 en 18.00 oere
  • Lokaasje: Proeflokaal Oan Tafel
  • Te boeken foar 2 o/m 6 persoanen (of hiele saak: 35)
  • Diner: in fjouwergonge-ferrassingsmenu fan top-sjefs Geert-Jan Vaartjes en Tom Zwerver mei foarôf sjampanje en by it iten in bypassend arranzjemint mei drinken.
  • Kosten: € 119,50 foar elk persoan (ynkl. foarstellingsticket)

Fragen of reservearje?

Entûsjast? Dan sjogge we dyn oanfraach/boeking graach temjitte.
Fragen? Nim kontakt op mei Jelly Steenstra, j.steenstra@tryater.nl / 058 – 288 2335.

Tink derom: 

  • It is handich om in alternative datum te hawwen, foar as de foarkarsdatum al folboekt is.
  • Jou by de definitive reservearring a.j.w. oan oft der winsken binne foar foarsjenningen by de foarstelling (lykas rolstoelplak of Ingelske oersetting) en wat eventuele dieetwinsken/allergyen binne.
  • It is belangryk om de kontaktgegevens (namme, mailadres en mobyl telefoannûmer) te krijen fan dyjinge dy’t op de dei/jûn sels oansprekpunt is.
  • By it ferpleatsen fan in foarstelling troch min waar, dogge we ús uterste bêst it diner mei te ferpleatsen.
  • Y.f.m. de beheinde kapasiteit fan Oan Tafel kin it foarkomme dat útwykt wurdt nei Grand Café JAN!
 
Oflevering 2 'Fan Binnenút' wêrby't Tryater folge wurdt by it meitsjen fan Under Wetter
Omrop Fryslân 11-4-2022
 
Oflevering 1 'Fan Binnenút' wêrby't Tryater folge wurdt by it meitsjen fan Under Wetter
Omrop Fryslân 4-4-2022
 
Sytze hoeft het niet te weten
Leeuwarder Courant 08-03-2022
 
Verbinding op de ijsbaan, kan dat nog?
Leeuwarder Courant 17-11-2021

Kredits

Tamara Schoppert
Joop Wittermans
Lourens van den Akker
Gonny Gaakeer
Rogier in't Hout
Mattheüs Douwes
Ayisha Siddiqi
Lieke Venema
Bettina Jurák
Christian Leveque
Daniel Flores Pardo
Fabrizio Di Franco
Manon Adrianow
Noa van Tichel
Tatiana Pratley
Wessel de Vries
Uri Ivgi
Johan Greben
Sytze Pruiksma
Brandt Attema
Sebastiaan Kemner
Nina Thunnissen
Judith Schoneveld
Janne Sterke
Hanne Pierrot
Mathilde van der Hoop
Minke Hoogenboezem
Bart Schurer
Ben Vrielink
Aart Laferte
Gerard Jorna
Gido Bamboe
Sigrid Jonker
Spul Tamara Schoppert, Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Gonny Gaakeer, Rogier in't Hout, Mattheüs Douwes, Ayisha Siddiqi, Lieke Venema | Dûns Bettina Jurák, Christian Leveque, Daniel Flores Pardo, Fabrizio Di Franco, Manon Adrianow, Noa van Tichel | Konsept en regy Tatiana Pratley | Tekst Wessel de Vries | Koreografy Uri Ivgi, Johan Greben | Muzyk Sytze Pruiksma | Bandlieder Brandt Attema, Sebastiaan Kemner, Bastiaan Woltjer, Remko de Jager | Dramaturgy Nina Thunnissen | Dramaturgy Ivgi&Greben Judith Schoneveld | Foarmjouwing Janne Sterke | Kostúmûntwerp Hanne Pierrot | Kostúmútfiering Mathilde van der Hoop | Regyassistint Minke Hoogenboezem | taalcoach Peter Sijbenga | Ljochtûntwerp Bart Schurer | Lûdsûntwerp Ben Vrielink | Foarstellingslieder Aart Laferte | Technyk Gerard Jorna, Gido Bamboe | Undertiteling Sigrid Jonker |

Under Wetter

 

Kuierferhalen

Kuierrûtes foar it hiele gesin

lês mear

Podcast

Underweis nei Under Wetter

lês mear

Programmaboekje

lês mear

Captain's Dinner

Schuif aan en maak je avond compleet!

lês mear

VIP-arranzjemint

VIP-diners by Under Wetter

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado