Op woansdei 17 novimber om 20.30 oere is de einpresintaasje fan Try This
Op de woansdeitejûn brûst it yn ús gebou: Try This is wer op stoom. Mar leafst 28 jongeren binne ûnder lieding fan teatermakers Zen Roorda en Jelke Rijpma oan it wurk. Yn twa groepen nimme se de tematyk fan Vader & Zoon ûnder hannen, wêrby ’t de ferskillende generaasjes sintraal stean.
Op woansdei 17 novimber om 20.30 oere fynt de einpresintaasje plak. Set it fêst yn dyn agenda! Elkenien is fan herte wolkom. De tagongs is fergees, maar meld dy al even oan.
Wolst komme te sjen, meld dy dan oan troch op dizze link te klikken . De tagong is fergees.
Coronatagongsbewiis
Foar in besyk oan de presintaasje hast in coronatagongsbewiis nedich. Dit kin fia de CoronaCheck-app of troch in papieren coronabewiis fia CoronaCheck.nl te printsjen.