Loading...
Theater Na de Dam
Foto: Unsplash / Jr Korpa
4 Maaie’22

Theater Na de Dam

oarlochsgedichten
Tryater, Arcadia/IepenUP en Ira Judkovskaja

Dizze bysûndere byienkomst wurdt organisearre troch Ira Judkovskaja, Tryater en IepenUP, yn it ramt fan Theater Na de Dam. De IepenUP-talkshow ferskoot dêrfoar foar ien kear fan Neushoorn nei Tryater (Oostersingel 70, Ljouwert. Tink derom: oanfang 21.00 oere, ynrin fan 20.30 oere ôf. Fergees tagong. De byienkomst is ek online te folgjen fia de Arcadia-socials.


Litte we ús ferbine troch ús talen en mei poëzy foarm besykje te jaan oan it ûnbeneambere.

Ken je het land waar de kanonnen bloeien? 
Je kent het niet? Je zult het leren kennen! 
Daar staan de chefs van trots en moed te gloeien –  
in kantoren als kazernes, ‘t zal nooit wennen

(út: Erich Kästner – Kennst du das Land…) 

Op 4 maaie stean we stil by de slachtoffers fan de oarloch fan doe. Dat falt net los te sjen fan de oarloch fan no. Lit ús mei elkoar gedichten lêze, elk yn syn eigen taal. Gedichten dy’t in soad foar ús betsjutte, dy’t treast biede, ús ferbine. Akteurs Marjolein Ley, Sjoerd Blom en Beppe Costa jouwe mei makker/regisseur Ira Judkovskaja har eigen lêzing oan oarlochsgedichten út Nederlân, Dútslân, Italië en de Sovjet-Uny. Ynwenners fan Ljouwert en Fryslân skowe derby oan en lêze gedichten yn har memmetalen: Oekraynsk, Russysk en Dútsk. Se fertelle ek wat dizze gedichten no foar har betsjutte.

Spesjale gast
Dêrneist hawwe we in spesjale gast: Mohamedou Ould Slahi. In leauwige, tûke jonge út Mauritanië dy’t – nei in stúdzje yn Dútslân – begjin jierren ’90 yn Afganistan fjochtet tsjin de Russyske besetter mei in groep dy’t letter ta Al Qaida hearre sil. Hy wurdt oppakt en sit 15 jier lang ûnskuldich fêst op Guantánamo Bay. Syn libbensferhaal waard ferfilme (The Mauritanian) en op dit stuit wurket er mei it Noord Nederlands Toneel oan de foarstelling Freedom, dy’t ek by Arcadia te sjen wêze sil.

Ik weet niet welke richting uit te gaan.
Het pad waarlangs wij kwamen stortte dicht,
en nergens voor ons zien wij enig licht
wijzend een weg uit deze grot vandaan. 

(út: Martinus Nijhoff – De Grot) 

O, wat schreeuwen de vogels!
O, wat schreeuwen de vogels!
Na het bombardement in het bos:
In schokgolven schopten hun nesten los – 
Ze vlogen uit de bomen,
Omdat het oorlog was. 

(út: Yuri Belasj – Oh wat schreeuwen de vogels)   

Oer IepenUP
IepenUP is it plak dêr’t makkers, tinkers en doggers gearwurkje en prate oer wat der bart yn Ljouwert, Fryslân en de wrâld fier dêrbûten. IepenUP stiet foar moeting en debat, ferdjipping en ferwûndering en nûget elkenien dy’t der is út om sûnder sjêne in stientsje by te dragen.
https://arcadia.frl/projecten/iepenup/

Oer Theater Na de Dam
Op de jûn fan de Nasjonale Deadebetinking op 4 maaie om 21.00 oere sette teatermakkers en artysten yn hiel Nederlân har yn om dizze dei fan ekstra betsjutting te foarsjen. Elk jier spylje tagelyk mear as hûndert foarstellingen dy’t elk op har eigen wize te krijen hawwe mei de Twadde Wrâldoarloch.
https://theaternadedam.nl/

Foto: Unsplash / Jr Korpa  

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado