In magyske foarstelling yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean, dêr’t badgasten it wetter diele mei akteurs
Swimbad slút it jubileumseizoen (60 jier) fan Tryater op grutte wize ôf, yn iepenloftswimbad Dúndelle yn Bakkefean. Neist in cast fol bekende en nije Tryater-gesichten, sjocht it publyk tal fan útienrinnende bysûndere badgasten op in gewoane dei yn it swimbad.
Swaantsje (spile troch Joke Tjalsma), in pensjonearre badjuf stiet op de dûkplanke. Se sjocht út oer it swimbad dêr’t se al har hiele libben komt. Se sjocht in lyts famke, yn panyk om’t se har heit kwyt is. In jongfaam krijt efter de patatkream har earste tút. In jonge mem fielt hoe bot har lichem feroare is nei twa bern. En in frou fan yn de fyftich lûkt fanatyk baantsjes: wat besiket se fan har ôf te spielen? Swaantsje knipperet mei de eagen: it liket wol as sjocht se hieltyd nei harsels…
Mei syngroanswimmers, akwajoggers, baantsjeswimmers en in topcast dy’t njonken Tjalsma út ûnder oaren Karel Hermans, Marjolein Ley en Anna Raadsveld bestiet, hellet Tryater in magyske wrâld foar it ljocht. It iepenloftswimbad yn it grinsgebiet fan Fryslân, Grinslân en Drinte wurdt yn de hannen fan Tryater in floeibere teäterseal. Jong en âld, oantinkens en it no floeie gear ta in krêftige en hertferwaarmjende oade oan it libben.
De makkers: “Nearne binne we sa neaken as yn it swimbad: we diele it wetter mei minsken dy’t we net kenne en wurde konfrontearre mei in oar syn lichem. Dit soarget foar ûngemaklike en komyske situaasjes. Mar it wetter fan it swimbad draacht ús ek, in hiel libben lang. It wetter is it plak dêr’t wy ús lichter fiele kinne, en befrijd. Dizze foarstelling toant de rykdom en krêft fan alle oantinkens dy’t opslein binne yn in lichem. Us libben, dat begjint yn fruchtwetter en wêryn’t wy yn ferskillende fazen hieltyd op in oare wize mei wetter ferbûn bliuwe. Wy feroarje, mar it wetter bliuwt itselde. It draacht ús.”
Spylperioade: 20 maaie o/m 13 juny 2026
Lokaasje: Swimbad Dúndelle, Mjûmster Wei 16, 9243 SK Bakkefean
Betide boekers koarting: € 2,50 koarting de kaart oant 1 febrewaris 2026
Leeftiid: Swimbad is geskikt foar elkenien fan 12 jier en âlder
Taal: Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen yn Swimbad. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ‘ticket + smart glasses’
Min waar: As de foarstelling fanwegen min waar net trochgean kin dan wurdt dizze ynhelle op de earstfolgjende snein- of moandeitejûn. Kaarten bliuwe jildich foar de oanbelangjende ynheldatum
Tagonklikheid Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Swimbad. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Oanbieding foar Freonen fan Tryater Spesjaal foar Swimbad kinst as Freon fan Tryater 4 kaarten mei Freonenkoarting fan mar leafst € 5 de kaart bestelle yn plak fan de gewoanlike 2 koartingskaarten. Noch gjin Freon? Foar mar €25,- it seizoen wurdst Freon fan Tryater! En dêr makkest ús bliid mei, want sa kinne we trochgean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teäter.
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!
SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?
Rolstoelplakken beskikber: Swimbad is rolstoeltagonklik.
AUDITIVE STIPE
By Swimbad is Roger gehoorondersteuning (Phonak) beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding. De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken: – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp. – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses fan 27 maaie ôf.
*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.
FISUELE STIPE
Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge fan 27 maaie ôf.
Helphûnen binne wolkom.
ONDERTITELING
Nederlandse ondertiteling is aanwezig.
LANGUAGE NO PROBLEM
English subtitles: available (smart glasses) as from May 27. Choose the ’ticket + smart glasses’
Meitsje dyn jûn by Swimbad yn Bakkefean kompleet en yt yn it foar in hapke! By swimbad Dúndelle, pannenkoeken en grill-restaurant De Dwaler én by eetcafé Gewoon De Brink kinst foarôfgeand oan de foarstelling genietsje fan in hearlik Swimbad-menu. Reserveare dochst rjochtstreeks by Dúndelle, De Dwaler en De Brink.
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Wy brûke funksjonele en analytyske cookies foar optimalisaasje en statistiken. As jo gjin tastimming jouwe of jo tastimming ynlûke, kin dit bepaalde funksjes en opsjes op dizze webside negatyf beynfloedzje.
Klik hjirûnder om tastimming te jaan oan it boppesteande of meitsje spesifike karren. Jo karren wurde allinich tapast op dizze side. Jo kinne jo ynstellings op elk momint feroarje, ynklusyf it ynlûken fan jo tastimming, troch de skeakels te brûken op it Cookiebeleid, of troch te klikken op de knop tastimming beheare ûnderoan it skerm.
Functioneel
Always active
Funksjonele cookies soargje derfoar dat bepaalde dielen fan 'e side goed wurkje en dat jo brûkersfoarkarren bekend bliuwe. Wy kinne dizze cookies pleatse sûnder jo tastimming.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technyske opslach of tagong dy't allinich brûkt wurdt foar anonime statistyske doelen. Sûnder in dagvaarding, frijwillige neilibjen fan 'e kant fan jo ynternettsjinstferliener, of oanfoljende records fan in tredde partij, kin ynformaasje opslein of ophelle foar dit doel allinich net normaal brûkt wurde om jo te identifisearjen.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.