Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Swimbad
Een foto van een oudere en een jongere vrouw met een oranje badpak aan staand voor een tegelwand.
27 Maaie O/M 27 Jun’26

Swimbad

Dit liif ferjit neat
In byldzjende foarstelling yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean

In byldzjende foarstelling yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean, dêr’t badgasten en swimferieningen it wetter diele mei profesjonele akteurs

In pensjonearre badjuf (spile troch Joke Tjalsma) stiet op de dûkplanke. Se sjocht út oer it swimbad dêr’t se al har hiele libben komt. Se sjocht in lyts famke, yn panyk om’t se har heit kwyt is. In jongfaam krijt efter de patatkream har earste tút. In jonge mem fielt hoe bot har lichem feroare is nei twa bern. En in frou fan yn de fjirtich lûkt fanatyk baantsjes: wat besiket se fan har ôf te spielen?

Op in gewoane dei yn it swimbad lûkt in bysûnder libben oan ús foarby. Yn it swimbadwetter wurdt alles floeiber: tiid en identiteit, wat we wichtich fine, wat we achter ús lieten en wêr’t we fan dreame.

Fan de makkers fan Part-Time Paradise – suksesfoarstelling fan Oerol 2019 – Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans en skriuwer Wessel de Vries.

Kaartferkeap set útein fan 1 desimber 2025 ôf.

  • Spylperioade: 27 maaie o/m 27 juny 2026
  • Lokaasje: Zwembad Dúndelle, Mjûmster Wei 16, 9243 SK Bakkeveen
  • Entreeprizen: € 29,50 (standaard), € 24,50 (Freonen fan Tryater), € 17,50 (CJP/Jong o/m 25 jr)

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hier foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Swimbad. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!

SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Swimbad is rolstoeltagonklik.

AUDITIVE STIPE

  • By Swimbad is Roger gehoorondersteuning (Phonak) beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding.
    De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken:
    – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
    – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge
  • Helphûnen binne wolkom.

ONDERTITELING

  • Nederlandse ondertiteling is aanwezig.

LANGUAGE NO PROBLEM

  • English subtitles: available (smart glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’

Kredits

Joke Tjalsma
Tatiana pratley
Aukje Schaafsma
Karel Hermans
Wessel de Vries
Nina Thunnissen
Spul Joke Tjalsma , e.a. | Konsept Tatiana pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Regy Tatiana pratley | Tekst Wessel de Vries | Dramaturgy Nina Thunnissen |

Swimbad

 

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado