Loading...
">
5 Aug O/M 30 Nov

Snackgelok

In fette ynstallaasje

Elkenien ken it gefoel bliid te wurden fan in fette hap op freedtejûn, dyn deistige coffee to go of it wykliks online bestellen fan nije klean. Omdatst it fertsjinne hast. Hoewol’t we witte dat it net altyd goed foar ús is en foar de wrâld dêr’t we yn libje, konsumearje we yn ús libbens hiel wat ôf. Wat fertelt it kontinu langjen nei flugge ympulzen oer ússels en de tiid dêr’t we yn libje? Wêrom stribje minsken gelok nei troch dingen te konsumearjen dy’t net goed foar se binne?

By Snackgelok leist yn in libbensgrut patatbakje en harkest nei in muzikale kompilaasje fan audiofragminten dêr’t minsken yn fertelle oer har drift om te konsumearjen en it gelok dat se dêroan ûntliene. Do ‘snackst’ om it sa te sizzen har ferhalen. Neist it genot komt ek de kearside fan snackgelok oan bod. Want wannear is it genôch?

Dopamine. Wûnderlik net, hoe’t dat simpele stofke ús hiele libben oan elkaar knopet? Us motivearret en stimulearret. Us beleannet. Follet wat leech is. Bisto watst ytst? Watst keapest? Watst sammelest?

Underdiel fan It gelok fan Fryslân
Snackgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Yn dit fjouwerjierrige projekt fan Tryater ûndersykje teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans hoe’t it kin dat yn Fryslân de lokkichste minsken fan Nederlân wenje. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2021 zoome de teatermakkers no yn op it konsumearjen fan gelok.

Mear ynformaasje of boeke

Snackgelok wie al mei te meitsjen op de festivals Heechspanning, Oerol, Simmerdeis, FestiValderAa, Welcome to the Village, LAM Lisse, Noorderzon, De Karavaan, de Boekenbeurs Deventer, it Stadsfestival Zwolle en de Dordtse Cultuurnacht en stiet noch op it Maaiveld Festival yn Apeldoorn.
De ynstallaasje is noch te boeken foar festivals yn de simmer en de hjerst fan 2024.

Nim foar mear ynformaasje of boeke kontakt op mei Amarins Jansma

Verslaggeefster Wendy Kennedy op Oerol Festival in gesprek met Aukje Schaafsma
Omrop Fryslân - Op en Ut
Vet gelukkig in een levensgrote patatbak op het terrein van Lisser Art Museum: 'Ben jij wat je eet?'
Leidsch Dagblad

Kredits

Aukje Schaafsma
Karel Hermans
Raymond Muller
Janne Sterke
Peter Sijbenga
Ben Vrielink
Aart Laferte
Gerard Jorna
Konsept Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Ynterviews & montaazje Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tom Tieman | Voice-over Raymond Muller | Foarmjouwing Janne Sterke | Muzyk Peter Sijbenga | Lûdsûntwerp Ben Vrielink | Dekorbou Ben Vrielink, Aart Laferte, Gerard Jorna | Kampanjebyld Heleen Haijtema | Sênefotografy Heleen Haijtema, Lucas Kemper | Mei mooglik makke troch Station Noord |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado