Elkenien ken it gefoel bliid te wurden fan in fette hap op freedtejûn, dyn deistige coffee to go of it wykliks online bestellen fan nije klean. Omdatst it fertsjinne hast. Hoewol’t we witte dat it net altyd goed foar ús is en foar de wrâld dêr’t we yn libje, konsumearje we yn ús libbens hiel wat ôf. Wat fertelt it kontinu langjen nei flugge ympulzen oer ússels en de tiid dêr’t we yn libje? Wêrom stribje minsken gelok nei troch dingen te konsumearjen dy’t net goed foar se binne?
By Snackgelok leist yn in libbensgrut patatbakje en harkest nei in muzikale kompilaasje fan audiofragminten dêr’t minsken yn fertelle oer har drift om te konsumearjen en it gelok dat se dêroan ûntliene. Do ‘snackst’ om it sa te sizzen har ferhalen. Neist it genot komt ek de kearside fan snackgelok oan bod. Want wannear is it genôch?
Der binne sawol bakjes mei ferhalen foar folwoeksenen as foar bern.
“Dopamine. Wûnderlik net, hoe’t dat simpele stofke ús hiele libben oan elkaar knopet? Us motivearret en stimulearret. Us beleannet. Follet wat leech is. Bisto watst ytst? Watst keapest? Watst sammelest?
Underdiel fan It gelok fan Fryslân
Snackgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Yn dit fjouwerjierrige projekt fan Tryater ûndersykje teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans hoe’t it kin dat yn Fryslân de lokkichste minsken fan Nederlân wenje. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2021 zoome de teatermakkers no yn op it konsumearjen fan gelok.
Mear ynformaasje of boeke
Snackgelok wie al mei te meitsjen op de festivals Heechspanning, Oerol, Simmerdeis, FestiValderAa, Welcome to the Village, LAM Lisse, Noorderzon, De Karavaan, de Boekenbeurs Deventer, it Stadsfestival Zwolle en de Dordtse Cultuurnacht en stiet noch op it Maaiveld Festival yn Apeldoorn.
De ynstallaasje is noch te boeken foar festivals yn de simmer en de hjerst fan 2024. Sawol foar jeugd as folwoeksenen!
Nim foar mear ynformaasje of boeke kontakt op mei Nina Postma