Loading...
Sirius en de Spacecowboy
14 Sep O/M 24 Des’23

Sirius en de Spacecowboy

Firma Draaijer&DeVries

in aventoerlike poppeteäterfoarstelling foar de lytste ierdbewenners

Alle jûnen winsket Inca de helderste stjer oan de himel goenacht. As de brutale cowboy Billy op in jûn mei syn lasso de stjer út de himel lassoot om him ta te heakjen oan syn samling fan dingen-dy’t-er-hawwe-woe-en-no-fan-him-binne, kin Inca net mear sliepe. 
 
Sirius en de Spacecowboy is in aventoerlike, fantasyrike en filosofyske poppeteäterfoarstelling foar de lytste ierdbewenners. In foarstelling mei belangrike fragen, lykas wat ‘besit’ betsjut en wannear’tst ergens rjocht op hast. Fragen oer saken dy’t folwoeksen miskien wol hiel normaal begûn binne te finen? 


Boekingsynformaasje skoalfoarstellingen
De foarstelling spilet yn de hjerst fan 2023 as skoalfoarstelling foar Fryske beukers. Wolst mei dyn klasse Sirius en de Spacecowboy sjen? Nim dan kontakt op mei mail@firmadraaijerendevries.nl  foar de mooglikheden. 

  • Spylperioade: septimber o/m desimber 2023
  • Leeftiid: 4+, groep 1 en 2
  • Lokaasje: speellokaal
  • Taal: meartalich (Nederlânsk en Frysk)
  • Doer foarstelling: 45 minuten

Foar Sirius en de Spacecowboy stipet Tryater Firma Draaijer&DeVries yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.

Kredits

Romke Gabe Draaijer
Eline de Vries
Konsept, poppen & spul Romke Gabe Draaijer, Eline de Vries | Tekst Eelco Venema | Einregy Mark Haayema | Senografy Leoni Pirenne | Muzyk David Schwarz | Saaklike stipe Amarins Jansma, Jojanneke Braam | assistint produksje Jetske Wierda | Technyk Harald Schnuck | Kampanjebyld Jeroen Vos | Mei tank oan Tryater, Theater de Koornbeurs Franeker, Frouke Wiersma, Planetarium Franeker | Mei mooglik makke troch Provincie Fryslân, NORMA Fonds, Lira Fonds, Janivo Stichting, Prins Bernhard Cultuurfonds, Gemeente Leeuwarden, Het Nieuwe Stads Weeshuis, Gemeente Tytsjerksteradiel en P.W. Janssen's Friesche Stichting |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado