Tryater biedt tegearre mei skouwboarch de Lawei yn Drachten jonge makkers Stijn Schootstra (1999) en Sybren van der Velde (2001) in poadium.
Regisseur Karel Hermans (Tryater) begeliedt de jonge akteurs yn harren teatrale syktocht nei harren dielde woartels yn it Fryske doarp tichteby Drachten. Beiden sitte yn it ôfstudearjier fan de toanielskoalle: Sybren yn Maastricht, Stijn yn Amsterdam. Wat harren bynt is grutwurde op De Rottefalle, nettsjinsteande dat sy inoar kwealik út dat plak kenne en elk in hiel oar perspektyf op de doarpskultuer hat.
Doarpsyndruk
Dat ferskil yn perspektyf, fuorre troch somtiden ôfwikende werinneringen en in oare wize fan opgroeien yn ‘e mienskip, is de fiedingsboaiem foar it teäterstik dat de jongens meitsje. Wat it doarp foar elts fan ‘e spilers betsjut en de yndruk dy’t it op harren efterliet, komt nei foaren yn Rottevalle.
Hermans: ‘It is yntrigearjend hoe’t sy sa útienrinnend it bertedoarp belibje, en hoe’t it bygelyks útmakket watfoar plak dyn gesin yn sa’n mienskip ynnimt. Fierder giet Rottevalle benammen oer it doarpslibben, yn Fryslân mar miskien wol gewoan yn hiel Nederlân. De opfallende types, de sfear, de belibbenissen, de sosjale kontrôle mar ek de gearhing. It is in teätrale syktocht, dêr’t ek in soad lake wurde mei. En it is echt net makke allinne foar de Rottefalsters sels.’
- Rottevalle is in meartalige foarstelling (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk)
- Tagongsprizen: € 12,50 (regulier), € 10,- (Freonen fan Tryater), € 7,50 (Jong o/m 25 jr)
- Tagongsprizen Lawei: € 17,50 (regulier), € 15,- (CJP/Jongeren)