Loading...
Romte
5 Okt O/M 17 Des’22

Romte

In sitcom oer wenjen
-

Elkenien hat langstme nei in fertroud plak; in eigen romte dy’tst thús neame meist. Tagelyk hawwe we ek ferlet fan ferbining, fan mienskip, fan buorlju dy’t we groetsje. Dy twa passe net altyd goed by elkoar. Hoe wolle we libje en foaral: mei elkoar libje? Dêr giet de lokaasjefoarstelling Romte oer.

Yn dizze komyske en krityske sitcom reizgest mei fjouwer personaazjes troch de tiid. Mei har belibbest (of belibbest op ’e nij) de wenningneed yn de jierren ‘50, de útwrydske wenideeën fan de jierren ‘70 en de yndividualisearring yn de jierren ‘90. Om úteinlik yn it no te kommen, dêr’t in nije wenkrisis him oantsjinnet. Fine de fjouwer dé wenfoarm fan moarn? 

It meartalige en muzikale Romte spilet fan oktober 2022 ôf op ferskillende lokaasjes yn Fryslân dy’t in link ha mei it tema wenjen. Wy binne te gast by de Friso Bouwgroep yn Snits en yn Ljouwert, oannimmersbedriuw Bangma yn Sint Nyk, de oplieding Bouw en Infra fan ROC Friese Poort yn Drachten, doarrenleveransier Van Vuuren yn Grou, Bakker Konstruktiewerken yn Warkum, Bouwbedrijf Van Dijk yn Surhústerfean, Jorritsma Bouw yn Boalsert, Siderius Heftrucks yn Ljouwert, Noord Nederlandse Draadindustrie yn Dokkum, Spruyt Waterwoningen op It Hearrenfean, Bouwbedrijf Van Marrum yn Frjentsjer en Mensonides Installatie yn Harns.

  • Oanfang: 20.00 oere
  • Tagongsprizen: € 17,50 (regulier), € 15,50 (Freonen fan Tryater), € 12,50 (o/m 18 jr/studinten)
  • Spyllist: Klik foar de folsleine spyllist op ‘Bestel kaarten’ rjochtsboppe-oan dizze side
  1. Goed om te witten
  2. Romte is geskikt foar elkenien fan 12 jier en âlder
  3. Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen yn Romte
  4. Nederlandse ondertiteling beschikbaar via smartglasses. Kies het ticket met smartglasses (ENG/NL)
  5. English subtitles available (smartglasses). Choose the ticket with smartglasses (ENG/NL)
  6. Romte is rolstoeltagonklik. Bestel dan in rolstoelplak
  7. Rolstoeltoilet oanwêzich: 19 o/m 21 oktober by de ROC Friese Poort yn Drachten, 11 en 12 novimber by Siderius Heftrucks yn Ljouwert, 25 en 26 novimber by Friso Houkesloot yn Snits en 30 novimber o/m 3 desimber by Spruyt Waterwoningen op it Hearrenfean
  8. Op sneon 12 novimber is der in blinetolk fan Komt het Zien oanwêzich. Wolst hjir gebrûk fan meitsje, bestel dan in Komt het Zien! plak

Fotografy: Bas de Brouwer

 
Wonen is inspiratie voor voorstelling Romte
Leeuwarder Courant
Resinsje Tryater-foarstelling Romte: Wjerspegeling fan it inerlik
Omrop Fryslan

Kredits

Eelco Venema
Beppe Costa
Lourens van den Akker
Marjolein Ley
Pleun de Roode
Tekst Eelco Venema | Konsept en regy Eelco Venema | Muzyk Beppe Costa | Spul Beppe Costa, Lourens van den Akker, Marjolein Ley, Pleun de Roode | Dekor Afke Manshanden | Kostúmûntwerp Afke Manshanden | Ljochtûntwerp Koos de Vries | Dramaturgy Peter Sijbenga | Regyassistint Raymond Muller | Foarstellingslieder Jan Bruinsma | Lûdstechnikus Ben Vrielink | Ljochttechnikus Sigrid Jonker | Undertiteling Franke Fennema | stazjêr technyk en foarmjouwing Marije Stapert, Eshja Bol | Mei tank oan alle medewerkers, alle vrijwilligers en Rinsma Macrame |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado