Loading...
Pluk
Foto kind in tuin
skoallefoarstelling 4 + 9 Maaie O/M 30 Jun

Pluk

De Beweging
In meidûnsfoarstelling foar beukers oer groeie en bloeie

Neat is sa lekker as mei de hannen troch de earte, de beannen, de kastanjes en de pompoensiedden te gean, fynt Pluk.  
By beppe stean altyd potten en bakjes dêr’t Pluk har fingers troch glydzje lit.
Fiele,fiele loslitte. Fiele, glydzje, oppakke.  
Om dat hearlike gefoel te hâlden hat se altyd in hantsjefol yn har jasbûse.
De jasbûse fan de jas dy’t se yn túnsintrum ‘It groeit goed’ oan hat.
De jasbûse dy’t yn túnsintrum ‘It groeit goed’ skuort. 
Dêr giet har skat.
Dêr rôlet har skat oer de paden, spat út elkoar en rôlet oer elkoar hinne oer de grûn. 
Dêr begjint har skat in aventoer. 
In aventoer dêr’t Pluk mei de noas boppe op stean mei. 

Pluk is in nije meidûnsfoarstelling foar beukers, fan de makkers fan De Molkwei, oer groeie en bloeie, magyske siedsjes en plukke en priuwe. Dûns, teäter en muzyk by elkoar brocht yn in fantasyrike foarstelling dy’t beukers yn beweging sette sil en har belibje litte sil hoe’t in siedsje groeit. 


Boekingsinformatie

  • Leeftiid: 4+ , groep 1 en 2 (pjutteferzje op oanfraach)
  • Spylperioade: 9 maaie o/m 30 juny 2025 én maaie/juny 2026
  • Lokaasje: boarterslokaal of op lokaasje yn it túnsintrum. Tink derom: Yn it túnsintrum wurdt de foarstelling bûten spile. Pas dyn klean dêr op oan.    
  • Doer foarstelling: +/- 45 minuten 
  • Kosten: op oanfraach
  • Capaciteit: 25 (eks. learkrêften en begeliedende âlden) of 1 groep 
  • Taal: Frysk of Nederlânsk


Wolst mei dyn klasse nei Pluk? Nim dan kontakt op mei stichtingdebeweging@gmail.com foar de mooglikheden

Stipe troch Tryater
Foar Pluk stipet Tryater Stichting de Beweging yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.

Kredits

Janneke de Haan
Willy van Assen
Brecht Wassenaar
Peter Sijbenga
Mathilde van der Hoop
Konsept Janneke de Haan, Willy van Assen | Regy Janneke de Haan | Dûns & spul Willy van Assen, Brecht Wassenaar | Muzyk Peter Sijbenga | Foarmjouwing en kostúm Mathilde van der Hoop |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado