Loading...
Pinokkio lost time
14+ 16 O/M 19 Febrewaris

Pinokkio lost time

Folwoeksen coming-of-age-mearke
Firma Draaijer&DeVries
Bestel kaarten
Tongersdei 16 Febrewaris 2023

Pinokkio lost time

20:30
Tryater - Oostersingel 70, Leeuwarden/Ljouwert
Tariven
  • entree regulier (incl. transactiekosten) €10.75
try-out
Freed 17 Febrewaris 2023

Pinokkio lost time

20:30
Tryater - Oostersingel 70, Leeuwarden/Ljouwert
Tariven
  • entree regulier (incl. transactiekosten) €10.75
premjêre
Sneon 18 Febrewaris 2023

Pinokkio lost time

20:30
Tryater - Oostersingel 70, Leeuwarden/Ljouwert
Tariven
  • entree regulier (incl. transactiekosten) €10.75
Snein 19 Febrewaris 2023

Pinokkio lost time

15:00
Tryater - Oostersingel 70, Leeuwarden/Ljouwert
Tariven
  • entree regulier (incl. transactiekosten) €10.75

Wêrom kaam teatermakker Romke Gabe Draaijer (32) sa let – pas op syn 27e – út ´e kast? Om op dy fraach antwurd te jaan ynterviewde hy sa’n fyftich Friezen oer harren coming-out en harren ûnderfiningen as LHBTIQ+’er yn Fryslân. De petearen ynspirearren Draaijer ta it byldzjende en ynterdissiplinêr coming-of-age-mearke Pinokkio lost time, mei Carlo Collodi’s út hout fykt ikoan as metafoaryske maskotte. Fan houten marionet feroare hy stadich en al stroffeljend yn in minske fan fleis en bloed. Yn Pinokkio lost time, in miks fan dûns, spul en muzyk, ûndersiket Draaijer hoe’t je (seksuele en/of gender)identiteit ûntdekke yn in heteronormative wrâld fol stereotypearringen en fêstruske patroanen.

In trijelûk | Master in Theatre
Yn septimber 2021 sette Draaijer útein mei de Master in Theatre oan ‘e Toneelacademie yn Maastricht. Tidens de master befreget en ûntwikkelet hy syn autonome keunstnerskip oan ‘e hân fan in artistyk ûndersyk. Mei help fan Tryater dûkt hy de kommende twa jier yn it tema LHBTIQ+’er wêze yn Fryslân, wêrby’t meardere keunstprojekten tawurkje sille nei in einproduksje yn ’e simmer fan 2024.

Pinokkio lost time is it earste projekt út dy rige. Yn oktober 2023 folget de lecture-performance WILDE, basearre op’e blomrike en (homo-)eroatysk laden teksten fan Oscar Wilde – opfierd op plakken dy’t fan betsjutting west hawwe foar de LHBTIQ+-emansipaasje yn Fryslân.

Kaartferkeap start op freed 20 jannewaris fan 12.00 oere ôf

  • Tickets: € 10,75 (incl. € 0,75 transaksjekosten)
  • Language no problem
  • Wheelchair friendly
  • LHBTIQ+ friendly

Mei mooglik makke troch: Tryater, Provinsje Fryslân, Gemeente Leeuwarden, Prins Bernhard Cultuurfonds, Janivo Stichting, Het Nieuwe Stads Weeshuis, NUT Leeuwarden, Douwe Kalma Stifting.

Firma Draaijer&DeVries – Romke Gabe Draaijer en Eline de Vries
Foar Pinokkio lost time stipet Tryater Firma Draaijer&DeVries yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.

 
Queer theatermaker op zoek naar 'de verloren tijd'
Leeuwarder Courant

Kredits

Romke Gabe Draaijer
Konsept en regy Romke Gabe Draaijer | Muzyk David Schwarz | Dûns Geronimo Chancoso | Spul Tom de Ronde | Senografy Leoni Pirenne | Technyk Harald Schnück | Kampagnebyld Tryntsje Nauta |

Bliuw
op de
hichte