Loading...
Phone
1 Nov O/M 30 Nov

Phone

Minderheidstalen in stim jaan
2022-2024


Tryater en sân oare teaterselskippen krije subsydzje fan it Creative Europe Fund fan de Europeeske Uny foar it ynternasjonale gearwurkingsprojekt phōnē (Gryksk foar ‘stim/spraak’). It trijejierrige projekt – dêr’t Tryater pinfierder fan is – ferbynt minsken dy’t ta in taalminderheid hearre oer taal- en kultuergrinzen hinne. De selskippen wurkje foar, mei en oer dizze taalmienskippen. It projekt liedt ûnder mear ta acht hjoeddeiske, profesjonele teaterproduksjes yn 2024.

De selskippen hawwe mienskiplik dat se allegearre yn in regionale en/of minderheidstaal spylje. Se jouwe de minderheidstaalsprekkers dêrmei in stim en garandearje kultureel en taalkundich ferskaat yn Europa. It projekt phōnē fersterket dit stribjen en biedt de selskippen in platfoarm foar kennis en útwikseling.

Nije stikken en community-festival

It projekt bestiet yn haadlinen út twa ûnderdielen: oan de iene kant it skriuwen en it nei elkoars minderheidstaal oersetten fan nije toanielstikken en oan de oare kant it gearwurkjen fan ferskillende generaasjes amateurspilers. Dat smyt nije teaterproduksjes yn minderheidstalen op en in ynternasjonaal communityfestival. Ut Tryater wei docht skriuwer Wessel de Vries (û.o. Under Wetter) mei oan it skriuwerstrajekt. Yn 2023 begjint it wervjen fan amateurspilers foar de ynternasjonale útwikseling. Dêrneist komme der ûnder oare Europa-brede pod- en vodcasts foar it publyk en bewiisde wurkmetoades en foarbylden foar teater yn minderheidstalen.

Dielnimmende selsskippen

De dielnimmende selskippen binne neist Tryater (Nederlân / Frysk: Deutsch-Sorbisches Volkstheater Bautzen (Dútslân / Sorbysk), Teatrul Evreiesc de Stat (Roemenië / Jiddysk), Fibin To (Ierlân / Iersk), Stadttheater Bruneck (Italië / Ladinysk), Teatr Piba (Frankryk / Bretonsk), Centro Dramático Galego (Spanje / Galisysk) en Kven national theatre (Noorwegen / Kven). By it projekt binne neist de neamde selskippen de universiteit Leipzig belutsen foar de ûnderlinge oersettingen (fan de iene minderheidstaal nei de oare) en Hanzehogeschool Groningen foar de evaluaasje.

Besjoch de webside fan it projekt.

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is 3_Logo_Colour_Frisian_L.pngDeze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NL-Medegefinancierd-door-de-Europese-Unie_POS-1920x344.jpgLogo Provincie Fryslan

Begjin septimber gie wer in nije delegaasje fan Tryater op aventoer foar it PHONE-projekt. Dizze kear gie de reis nei it hege Noarwegen, the arctic sa’t se it wol neame. Dêr prate noch sa’n 2000 minsken de minderheidstaal Kven. Mei it selskip út Brest (Frankryk) en fansels dy fan Noarwegen waard 3 dagen yntinsyf wurke oan it útwikseljen fan ideeën en talen mei as konklúzje de International Theatre Afternoon. Yn gearwurking mei in fertaler nei it Kven is mei de Fryske foarstelling Thúsblaze mei Brecht Wassenaar en Wimmie Roukema-van der Meer wurke. Dêrby is mei de oersetster wurke oan de mooglikheid foar it publyk om Thúsblaze te belibjen yn de orizjinele taal, Frysk. Dêrfoar waard in Noarske fertaling makke en ferwurke foar ûndertiteling en wie der in nauwe gearwurking mei de Kven-oersetster dy’t live de foarstelling mei fertaalde. In unyk momint wêrby’t de barriêre fan taalferskillen oerbrêge waard en we fan elkoars foarstellingen genietsje koenen sûnder de taal yn de foarstelling oan te passen.

Dêrneist wie der de romte om ek mear útwikselje te kinnen oer elkoars kultueren. Sa gienen de selskippen nei in foarstelling makke troch bern yn de Kven taal, waarden ferhalen útwiksele oer de skiednis fan ús talen, en krigen we as gasten de kâns om ús ûnder te dompeljen yn de kultuer troch folksdûnsjen te learen en mei live folkmuzyk mei te sjongen. Mei as hichtepunt it noarderljocht dat de selskippen alle jûnen foar it sliepen ferljochte. In bysûndere útwikseling wêrby’t de selskippen wer in stapke tichterby elkoar kaam binne!

Sa sjogge we alwer werom nei ien fan de lêste útwikselingen foar it PHONE-projekt foar dit seizoen.

Dizze middei wurdt organisearre yn it ramt fan Phōnē, in Europeesk projekt fan acht teäterselskippen dy’t yn harren minderheidstaal wurkje, dêr’t wy as Tryater pinfierder fan binne. Op alle plakken hat dizze simmer in International Theatre Night of Afternoon plak, dêr’t de selskippen mei-inoar útwikselje en gearwurkje yn it teätermeitsjen, en de útwurking dêrfan oan it publyk toand wurdt. De middei duorret fan 13.00 oant likernôch 17.00 oere.

De dielnimmende selskippen ferspriede har oer lannen en lytse talen yn hiel Europa. Njonken Fryslân binne dit Ierlân (Iersk), Dútslân (Sorbysk), Roemenië (Jiddysk), Itaalje (Ladinysk), Spanje (Galisysk), Frankryk (Bretonsk) en Noarwegen (Kven).

Foarstellingen út Noarwegen en Frankryk
Dizze middei sjogge wy twa koarte foarstellings (likernôch 45 minuten): Let the little children come to me fan it Kven National Theatre (Kven/Noarwegen) ûnder rezjy fan ús eigen skriuwer Wessel de Vries, en Bastard fan Teatr Piba (Bretanje/Frankryk). It binne previews op foarstellingen dy’t de selskippen meitsje; by beide spylje muzyk en it persoanlike ferhaal fan de skriuwer in wichtige rol. De stikken wurde brocht yn de eigen minderheidstaal, fansels mei live (Fryske) oersetting foar it publyk. We prate ek nei mei de makkers.

Talkshow oer teäter, gearwurkje en taal
Yn ‘t foar is der in wiidweidich petear foar en mei de seal, mei ûnder mear de makkers út Noarwegen en Frankryk en Fryske taaldeputearre Eke Folkerts. Oer wat it betsjut om teäter te meitsjen yn de minderheidstaal, wat dat artistyk en ynhâldlik docht, wêr’t útdagings lizze om dyn publyk te berikken en wat makket dat men derfoar kiest om net yn de gruttere taal te operearjen. Ek wurdt de Europeeske gearwurking bepraat, op it mêd fan belied, oanfragen en hoe elkoar te finen. De foarstellings sels wurde ôfsletten mei nijsgjirrige neipetearen mei de útfierders. Oanwêzich binne ferskate partners út it taal-, teäter- en kultuerfjild.

In fjouwertalige middei (Bretonsk, Kven, Frysk en fiertaal Ingelsk) fol belibjen fan en praten oer taal en taaleigenheid, mei nei de tiid in hapke en slokje om de dei moai ôf te sluten. Do bist wolkom om dit by te wenjen. De middei is fergees tagonklik, mar wol graach even reservearje!

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is 3_Logo_Colour_Frisian_L.pngDeze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NL-Medegefinancierd-door-de-Europese-Unie_POS-1920x344.jpgLogo Provincie Fryslan

As ûnderdiel fan it Europeeske minderheidstalenprojekt Phōnē makket Romke Gabe Draaijer foar Tryater dizze eigensinnige foarstelling, yn ‘e mande mei minsken dy’t in Fryske streektaal of in taalfariant prate. Yn tsien repetysjes wurke de groep ta nei in humoristyske útfiering mei in filosofysk raffelrantsje: yn It lêste wurd meitsje we it definitive ôfskie fan de Fryske taal mei, wêrby’t de dialekten en lytse talen fan ‘e provinsje de twadde Rykstaal bedobje.

We komme de seal yn, de stuollen netsjes yn it gelid. Kofje en koeke binne efter de kiezzen. Sprekkers skrabje de kiel. Yn de kiste leit de taal. De dialekten en streektalen sizze it Frysk hjoed farwol

It stik kriget stal mei ynput fan eksperts út ‘e Fryske taalwrâld en mei de kreative ynset fan de dielnimmers. In bysûnder eksperimint, útfierd mei leafde foar de taal.   

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is 3_Logo_Colour_Dutch_L.pngDeze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NL-Medegefinancierd-door-de-Europese-Unie_POS-1920x344.jpgLogo Provincie Fryslan

Phōnē is in grut opset ynternasjonaal projekt fan sân teäterselskippen dat stipe wurdt troch de Europeeske Uny, mei Tryater as pinfierder. Alle selskippen, njonken it Fryske Tryater binne bygelyks Bretonske, Galisyske en Sorbyske organisaasjes behelle, meitsje dizze perioade yn ‘e eigen regio in gelikens stik oer de eigen minderheidstaal. Dy performances komme yn july by-inoar yn in grutte gearkomste yn Tirol, mei in delegaasje fan alle útfierders.

Yn septimber 2023 kamen teätermakkers út Brest (Bretonsk), Galway (Iersk), Brüneck (Ladinysk), Bautzen (Sorbysk), Storslett (Kvääni), Boekarest (Jiddysk) en Santiago de Compostela (Galisysk) by elkoar yn Santiago de Compostela om elkoar te fertellen oer de foarstellingen dy’t se kommend jier yn it ramt fan it phōnē-projekt meitsje sille. Elke teätermakker hâlde in ynspirearjende presintaasje fan syn/har wize fan wurkjen en wize fan regissearjen. Foar it earst krigen de teätermakkers wat te sjen fan elkoars plannen foar de foarstellingen dy’t kommend jier makke wurde sille. Der wienen in soad nijsgjirrige oerienkomsten, krekt as boeiende ferskillen. Op de lêste dei waard ek praat oer de takomst fan it phōnē-projekt en hoe’t de ferskate teäterselskippen yn de takomst mei elkoar ferbûn bliuwe kinne, want elkenien ûnderskriuwt it belang fan de útwikseling dy’t yn it ramt fan it phōnē-projekt ta stân brocht is.

Wessel de Vries fertelde yn Santiago de Compostela oer syn wurk oan it Fanfare-trijelûk en naam syn kollega-teätermakkers mei yn de wurkwize en plannen fan Tryater. Hy wie ek yn Santiago de Compostela om’t er as regisseur yn 2024 de foarstelling Let the little children come to me fan toanielskriuwster Inger Birkelund meitsje sil foar it Kvääni National Theatre yn Storslett (Noarwegen). Op 22 en 23 juny 2024 ferwolkommet Tryater it Kvääni National Theatre út Noarwegen en Teatr Piba út Bretanje yn Ljouwert, dêr’t se (in part fan) har phōnē-foarstellingen sjen litte sille. 

Konferinsje Bautzen july 2023

Begjin july reizge in delegaasje fan Tryater ôf nei it Dútske Bautzen. Dat leit yn de dielsteat Saksen, by de Tsjechyske grins, njonken Dútsk wurdt dêr Sorbysk praat en yn dy taal teäter makke. It Deutsch-Sorbisches Volkstheater bea fjouwer dagen plak oan in konferinsje oer it wurkjen mei de lytse taal en hoe’t we inoar as ynstituten fuortsterkje kinne. Njonken de acht Europeeske dielnimmende partijen wiene der nijsgjirrige gasten: teätermakkers út Kanada, Hawaiï en Austraalje – lit ús harren ‘oarspronklike bewenners’ neame – fertelden en wikselden út oer harren taal en kultuer, en hoe’t harren artistike wurk dêr in drager fan is. Hiel oare eftergrûnen as dy fan ús, dat kinst dy yntinke. En dochs ferbynt teäter ús. Net om ‘e nocht binne út dit lange wykein wer nijsgjirrige gearwurkings fuortkaam: dêroer letter mear!

Ynternasjonaal selskip toanielskriuwers yn Ljouwert 

De lêste dagen fan novimber wienen toanielskriuwers fan de acht selskippen dy’t meidogge oan it trijejierrige projekt phōnē te gast by Tryater. Se hawwe masterclasses folge, kennis útwiksele en ôfspraken makke foar ûnderlinge residinsjes. Foar Tryater docht Wessel de Vries mei oan it projekt. 

De selskippen – fêstige yn ûnder mear Bretanje (Frankryk), Galisië (Spanje) en Súd-Tirol (Italië) – hawwe mei elkoar mien dat se yn in regionale en/of minderheidstaal spylje. Foar it projekt ûntwikkelet elk selskip yn 2023-2024 in nije toanieltekst, dy’t mei help fan Universiteit Leipzig ek nei de oare minderheidstalen oerset wurdt. Yn Ljouwert kamen de skriuwers mei elkoar yn de kunde, ûnder mear troch mei elkoar oan opdrachten te wurkjen. Se folgen boppedat workshops en masterclasses fan teatermakker/skriuwer Tjeerd Bischoff (oer ûndersyk as ûnderdiel fan it skriuwproses), archeolooch/antropolooch Judith van der Elst (de relaasje taal-lânskip), teatermakker/keunstaktivist Richard Hurford (it wurkjen mei communities) en Sabine Asmus (de keunst fan it oersetten). De gasten ferkenden op sneintemiddei it Fryske lânskip; se besochten ûnder mear Moddergat en Houtwiel. 

Yn 2023 gean de skriuwers oan de slach mei har eigen stik en besykje se elk twa oare selskippen om gear te wurkjen en ynspiraasje op te dwaan. Foar elk selskip wurde yn 2024 net allinne de eigen stikken opfierd, ek wurdt in jûn organisearre dêr’t dielen fan de oare teaterteksten brocht wurde. Neist it skriuwen en oersetten fan nije teaterteksten yn minderheidstalen, stiet binnen phõnē it gearwurkjen fan ferskillende generaasjes amateurspilers sintraal. Foar dit twadde ûnderdiel start yn 2023 it oanlûken fan amateurspilers foar in ynternasjonaal communityfestival.  

Foto: Piet Douma

Phone

 

ITA Noorwegen Septimber '24

International Theatre Afternoon yn Noorwegen

lês mear

International Theatre Afternoon 22 juny '24

In fjouwertalige middei (Bretonsk, Kven, Frysk en fiertaal Ingelsk) fol belibjen fan en praten oer taal en taaleigenheid

lês mear

It lêste wurd 15&16 maart '24

In eigensinnige foarstelling, yn 'e mande mei minsken dy't in Fryske streektaal of in taalfariant prate

lês mear

Directors meeting Santiago de Compostela sept'23

lês mear

Konferinsje Bautzen july '23

lês mear

Skriuwersmeeting nov '22

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado