Yn it ramt fan Arcadia ferriist yn 2025 Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert: in ynnovatyf gebou makke fan duorsume materialen en kreative boustiennen. Underdiel fan Bouwurk is Tryater’s ynstallaasje Lift Me Up.
Yn dizze audio-ynstallaasje harkest nei treastrike ferhalen fan minsken út hiel Fryslân. Ferhalen dy’t dy even optille út it ierdske bestean, omdat se oer in djip gefoel fan ferbining gean. Nim (lizzend) plak yn de ynstallaasje en lit dy meifiere troch ynterviews, fisuele effekten, muzyk en poëtyske teksten fan Sytse Jansma.
It libben kin somtiden eksisinsjeel iensum fiele. Te witten datst der op in dei net mear wêze silst en de minsken om dy hinne ek net, is in ûnnoflike wissichheid. Wat biedt treast en jout it bestean sin? It antwurd dêrop liket hieltyd minder ienfâldich, no’t grutte ferhalen en religys op’e eftergrûn reitsje yn ús maatskippij.
- Lokaasje: Aldehoustertsjerkhôf Ljouwert
- Perioade: 15 juny o/m 24 augustus 2025
- Iepeningstiden: tiisdei, woansdei en snein 10.00-18.00 oere, tongersdei o/m sneon 14.00-22.00 oere, moandeis ticht
- Tagong: fergees