Karlsson van het dak
14 O/M 30 Desimber ’19

Karlsson van het dak

van Astrid Lindgren
Kom in Scandinavische kerstsferen met dé familievoorstelling van deze winter!

Nei krystfoarstellingen as Ronja de Rôversdochter en De Bruorren Liuwehert komt Tryater dizze winter op ’e nij mei in famyljefoarstelling nei in boek fan Astrid Lindgren yn stedsskouboarch De Harmonie.

Karlsson fan it dak prikelet de fantasy fan jong en âld. Foar it earst oait wurdt it boek op it Nederlânske toaniel brocht: in ferhaal fol humor en magy. Lit dyn (berns)bern belibje hoe magysk oft teater wêze kin en bring ek sels dyn fantasy wer ta libben mei dé famyljefoarstelling fan dizze winter!

De hiel gewoane Erik Erikson wennet mei syn hiel gewoane âlden yn in hiel gewoane strjitte yn Stockholm. Mar as op in jûn in lyts dik mantsje mei in propeller op ’e rêch Erik syn sliepkeamer ynfljocht, is syn libben ynienen net sa gewoan mear.

Al gau ûntstiet in bysûndere freonskip tusken de bleue Erik en de selsfersekere, eigenwize Karlsson, dy’t op magyske wize fleane kin mei in startknop op ’e búk en beweart dat er de alderbêste yn alles is. Tegearre belibje se de grutste aventoeren fol ûnhandige ynbrekkers, lilke omkes en soere muoikes. Net ien wol Erik leauwe oer syn bêste, fleanende freon, mar, ek al bringe de grappen fan Karlsson him gauris yn de problemen: Erik hat de grutste wille. Geandewei krûpt Erik hieltyd mear út syn skulp en leart datst úteinlik mear berikst mei moed en selsfertrouwen.

  • Dizze foarstelling is folslein yn it Frysk, foar wa’t wol is der in Nederlânske oersetting beskikber.
  • De spylperioade is fan sneon 14 oant en mei moandei 30 desimber, mei sawol middei- as jûnfoarstellingen.
  • De foarstelling is geskikt foar bern fan 8 jier ôf.

Karlsson fan it dak wurdt regissearre troch Tatiana Pratley. Fan augustus 2020 ôf folget sy Ira Judkovskaja op as artistyk direkteur fan Tryater. Yn de perioade 2012 – 2016 wie Tatiana ferbûn oan Tryater as Jonge Makker. Ek makket se diel út fan it teaterkollektyf Skoft&Skiep, dêr’t se ûnder oaren Never Walk Alone (2015), Work Work Work Work Work (2017), It Hillige Hert fan Cambuur (2018) en de suksesfolle Oerolfoarstelling Part-Time Paradise (2019) mei makke en sels regissearre.

Lês hjir ús tiidskrift oer Karlsson fan it dak!

Tryaterkryst fol optimisme
Leeuwarder Courant, 2019
'Karlsson fan it dak' verdient landelijke toer
Friesch Dagblad, 2019
 
De bêste Karlsson foar it bêste Krystgefoel
De Moanne, 20-12-2019

Kredits

Mirjam Stolwijk (Karlsson)
Joop Wittermans (boef Cornelis Grijp en Omke Julius)
Marjolein Ley (Erik's mem en Mefrou Friedaan)
Lourens van den Akker (Erik Erikson)
Eline de Vries (Betty Erikson)
Eelco Venema (boef Anton Graai en Hilda Mus)
Merel Staalstra (Gon)
Rik Witteveen (Erik's heit)
Jelke Rijpma (Bernard Erikson)
Regy Tatiana Pratley | Tekst Astrid Lindgren, Wessel de Vries | Taaladvys Peter Sijbenga | Dramaturgy Nina Thunnissen | Senografy Sarah Nixon; decorbouw door Pieter-Jilles Tjoelker, Aart Laferte en Ekko de Bakker | Rekwisiten en assistentie decor: Martina Bauer en Kim Nieuwenhout | Kostúms Hanne Pierrot | Kostúmútfiering Wolly Prins (coördinatie), Oedske de Jong, Amy Greidanus, Baukje Rozendal | Kap en grime Pilo Pilkes, geassisteerd door Carla Bank | Ljochtûntwerp Hendrik Walther | Muzyk Helge Slikker | Aktrise Mirjam Stolwijk (Karlsson), Marjolein Ley (Erik's mem en Mefrou Friedaan), Eline de Vries (Betty Erikson), Merel Staalstra (Gon) | Akteur Joop Wittermans (boef Cornelis Grijp en Omke Julius), Lourens van den Akker (Erik Erikson), Eelco Venema (boef Anton Graai en Hilda Mus), Rik Witteveen (Erik's heit), Jelke Rijpma (Bernard Erikson) | Regyassistint Minke Hoogenboezem | Produksjelieder Ekko de Bakker, Amarins Jansma, stagiaire: Jente Kallenkoot | Foarstellingslieder Aart Laferte | Technyk Pyke Kramer, Frans Mulder, Kees Oosterhof, Harald Schnuck, Bart Schurer, Bart Vastbinder, Ben Vrielink | Publisiteit An de Wrede, Cristine Barends, Elke Verwoerd, stagiair: Sijbren Reitsma | Edukaasje Jannie van der Veen, Sytse Jansma, stagiaire: Marieke Swart | Film Florian Cats, Bas de Brouwer, Eduard Rekker, Lourens van den Akker, Annerie Huls, HMU: Saskia Wagenvoort | Fotografy Florian Cats, Bas de Brouwer, Eduard Rekker, Lourens van den Akker, Annerie Huls, HMU: Saskia Wagenvoort | Mei tank oan Aukje Schaafsma; Sjoerd Blom; Carly Everaert; Stadsschouwburg De Harmonie; De Áfûk; Boekhandel Van Der Velde; Boekhandel De Toverlantaarn, Breiclub 'De Goede Steek', Aldeboarn; Breiclub 'De Steek', Hurdegaryp |

Bliuw
op de
hichte