Loading...
Kapsalon Theater
19 Jannewaris’22

Kapsalon Theater

Kultuer gjin knip wurdich? Klear mei de skjirre yn kultuer!

Spitigernôch hat de gemeente Ljouwert ús gjin tastimming jûn foar Kapsalon Theater, de ludike en feilige (lanlike) aksje tsjin de oanhâldende sluting fan teaters. Om dochs fan ús hearre te litten hawwe wy in alternatyf programma: om 14.45 oere sammelje we ús foar it Tryatergebou. Dan geane we mei ús allen nei it Wilhelminaplein foar in beskaafd protest (mei oare kulturele ynstellingen) om 15.15 oere. Elkenien in fan harte wolkom om nei it Wilhelminaplein te kommen en sa de kulturele sektor in hert ûnder de riem te stekken.

Kultuer gjin knip wurdich? Klear mei de skjirre yn kultuer! 


Op woansdei 19 jannewaris wurde teaters yn hiel Nederlân foar ien kear omboud ta kapsalon. Nei it meitsjen fan in ôfspraak kinst mei mûlkapke en jildich coronatagongsbewiis ek yn it teater fan Tryater terjochte foar in nije coupe of in fris neillakje. Yntusken kinst sjen nei optredens fan de folgjende akteurs: Joop Wittermans, Marjolein Ley, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Bart Harder en Eline de Vries.

Wachtsje by de kapper hat noch noait sa leuk west!

Kapsalon Tryater is woansdei 19 jannewaris iepene tusken 15.00 en 17.00 oere. Alle healoeren start in nije ronde mei behannelingen ynklusyf teater. Wurdst by Kapsalon Tryater sûkerswiet ûntfongen troch aktrise Marjolein Ley. Nei in koarte perioade yn de noflike wachtkeamer, wurdst begelaat nei dyn kap/lak/manikuere-plak yn de grutte behannelseal. Hjir jouwe kappers in knipbeurt (sûnder waskjen of stylen), kriget dyn hier in föhnbeurt, of wurde dyn fingerneils (koart) ûnder hannen nommen. Tidens de behanneling genietest fan in monolooch út bygelyks Nacht of Under Wetter.

Online reserveare

Reservear dyn knip/fersoarchbeurt online. Kies by de kaartssoarten de behanneling fan dyn kar (kapper, hierstyling, manikuere ensf.). Der is beheind plak. De tagong is fergees, wol kinst by it fuortgean in frijwillige donaasje dwaan. Foar tagong is neist in ticket in jildich coronatagongsbewiis nedich. Binnen ús gebou jilde de hjoeddeistige corona-maatregels lykas it mûlkapke, 1,5 meter ôfstân en in fêst sitplak. Sit dyn winske tiid / behanneling fol? Oant it lêste momint kinne noch kappers en skjintmespesjalisten oanmelde, dus hâld ús site en sosjals yn ‘e gaten foar ekstra plakken!


Oer Kapsalon Theater
Kapsalon Theater is in inisjatyf fan Sanne Wallis de Vries en Diederik Ebbinge. Nei twa jier coronabelied moatte wy spitigernôch konkludearje dat de kulturele sektor – tegearre mei de hoareka en it nachtlibben – hieltyd it bern fan de rekken is. Wy binne bliid dat wy mei dizze ienmalige aksje in wize fûn hawwe om op in ludike wize én neffens de jildende regels, de oandacht te festigjen op de knipende situaasje yn de kulturele sektor.

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado