Jonges

14+ 1 Nov O/M 10 Des

Jonges

In foarstelling oer begjinnende leafde, de eangst om oars te wêzen en de moed dy’t derfoar nedich is om tsjin de stream yn te swimmen. 

In foarstelling oer begjinnende leafde, de eangst om oars te wêzen en de moed dy’t derfoar nedich is om tsjin de stream yn te swimmen. 

Jonges fertelt it ferhaal fan Fedde dy’t wrakselet mei syn aard, de húshâlding dêr’t er útkomt en de ûnskreaune regels fan de Fryske doarpskultuer dêr’t er yn opgroeit. Fedde fielt him yn tal fan opsichten oars as syn omjouwing, mar besiket alle kearen wer om derby te hearren. Mei tsjinsin giet er mei syn freonen nei de kroech om fammen te spotten. Wêrom slagget it him net himsels te wêzen yn syn freonegroep?

Minydoku
Sipke Jan Bousema fan ‘Fryslân kleurt’ en Sabine Frieszo fan ‘COC Fryslân’ fertelle hoe’t de foarstelling harren rekke hat en oer it belang fan dizze foarstelling foar jongeren.

Ut petearen dy’t regisseur Wieke ten Cate mei Fryske jongeren hie, die bliken dat homoseksualiteit noch hieltyd in ûngemaklik ûnderwerp is dêr’t amper oer praat wurdt.

‘Kinst it wol wêze, mar dan hoechst it toch net te sizzen?’ 

Maaike Bergstra skreau it script foar dizze foarstelling, ynspirearre op it autobiografyske wurk fan de jonge Frânske skriuwer Édouard Louis.

Dizze foarstelling spylje we foar de boppebou VMBO, HAVO, VWO, Gymnasium (spesjaal ûnderwiis yn oerlis) en earstejiers mbo

Praktyske ynformaasje


Dizze foarstelling wurdt yn de klasse spile en duorret twa lesoeren. Yn it earste lesoere wurdt de foarstelling spile en yn it twadde lesoere is der op ynteraktive wize ûnder lieding fan in edukaasjemeiwurker in neipetear mei de akteurs. De foarstelling is foar it grutste part Nederlânstalich en befettet dêrnjonken en Ljouwerters en Frysk.

  • Doelgroep: boppebou VMBO, HAVO, VWO, Gymnasium (spesjaal ûnderwiis yn oerlis) en earstejiers mbo
  • Spylperioade: 1 novmber o/m 10 desimber 2021
  • Lokaasje: by dy op skoalle yn it klasselokaal
  • Kosten: 10,- euro de learling (betelling mei CJP kultuerkaart is mooglik)
  • Boeke? Folje dit ynskriuwformulier yn.

Mear witte en/of boeke?
Nim kontakt op mei

Sytse Jansma
sytse@tryater.nl

Jannie van der Veen
jannie@tryater.nl

Kredits

Tatiana Pratley
Karlijn Kistemaker
Lourens van den Akker
Tim Helderman
Bart Harder
Gijs de Corte
Sjoerd Blom
Jannie van der Veen
Tekst Maaike Bergstra | Regy Tatiana Pratley, Karlijn Kistemaker, Wieke ten Cate, Jannie van der Veen | Spul Lourens van den Akker, Tim Helderman, Bart Harder, Gijs de Corte, Sjoerd Blom | Senografy Eva Koopmans | Muzyk Mats Voshol | Edukaasje Jannie van der Veen |

Bliuw
op de
hichte