Dizze middei wurdt organisearre by Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert yn it ramt fan Phōnē, in Europeesk projekt fan acht teäterselskippen dy’t yn harren minderheidstaal wurkje, dêr’t wy as Tryater pinfierder fan binne. Op alle plakken hat dizze simmer in International Theatre Night of Afternoon plak, dêr’t de selskippen mei-inoar útwikselje en gearwurkje yn it teätermeitsjen, en de útwurking dêrfan oan it publyk toand wurdt. De fergees tagonklike middei (wol graach reservearje) duorret fan 13.00 oant likernôch 17.00 oere. By de ôfslutende borrel is der noch efkes goed nei te praten.
In fjouwertalige middei (Bretonsk, Kven, Frysk en fiertaal Ingelsk) fol belibjen fan en praten oer taal en taaleigenheid
De dielnimmende selskippen ferspriede har oer lannen en lytse talen yn hiel Europa. Njonken Fryslân binne dit Ierlân (Iersk), Dútslân (Sorbysk), Roemenië (Jiddysk), Itaalje (Ladinysk), Spanje (Galisysk), Frankryk (Bretonsk) en Noarwegen (Kven).
- 13.00-14.00 oere: International Theatre Talkshow
- 14.00-15.00 + 15.00-16.00 oere: Sallika lasten tulla minun tyköni + neipetear/aftertalk (Lytse Seal)
- 14.00-15.00 + 15.00-16.00 oere: Bastard + neipetear/aftertalk (Grutte Seal)
- 16.00-17.00 oere: Buorrel/drinks (foyer)
Foarstellingen út Noarwegen en Frankryk
Dizze middei sjogge wy twa koarte foarstellings (likernôch 45 minuten): Let the little children come to me fan it Kven National Theatre (Kven/Noarwegen) ûnder rezjy fan ús eigen skriuwer Wessel de Vries, en Bastard fan Teatr Piba (Bretanje/Frankryk). It binne previews op foarstellingen dy’t de selskippen meitsje; by beide spylje muzyk en it persoanlike ferhaal fan de skriuwer in wichtige rol. De stikken wurde brocht yn de eigen minderheidstaal, fansels mei live (Fryske) oersetting foar it publyk. We prate ek nei mei de makkers.
Talkshow oer teäter, gearwurkje en taal
Yn ‘t foar is der in wiidweidich petear foar en mei de seal, mei ûnder mear de makkers út Noarwegen en Frankryk en Fryske taaldeputearre Eke Folkerts. Oer wat it betsjut om teäter te meitsjen yn de minderheidstaal, wat dat artistyk en ynhâldlik docht, wêr’t útdagings lizze om dyn publyk te berikken en wat makket dat men derfoar kiest om net yn de gruttere taal te operearjen. Ek wurdt de Europeeske gearwurking bepraat, op it mêd fan belied, oanfragen en hoe elkoar te finen. De foarstellings sels wurde ôfsletten mei nijsgjirrige neipetearen mei de útfierders. Oanwêzich binne ferskate partners út it taal-, teäter- en kultuerfjild.