Foekje Dillema, ‘de Friese stoomwals’ út Boerum. Ein jierren ’40 ferplettere se út it neat wei har konkurrinsje yn it ynternasjonale hurdrinsirkwy. Yn 1950 soe se as grutte kânshawwer dielnimme oan it EK yn Brussel. Mar dêr kaam it net fan: der waard twivele oft de flugge plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Har olympyske dream yn de knop brutsen. Oer dit yngripende libbensbarren swijde se oant har dea ta. Wie dat út skamte? Ut grutskens? Of ferset? Moatte wy dan ek swije?
De foarstelling Foekje is in muzikale, emosjonele rekonstruksje fan Foekje har libben. Ferskate personaazjes besykje bleat te lizzen wat Foekje ús hjoed-de-dei te fertellen hat. Hoe is it om útsletten te wurden om wa’st bist, yn de sport en yn ‘e maatskippij? En wat seit har ferhaal oer ús, oer wa’t wy binne?
Yn gymsealen troch hiel Fryslân en op Oerol Skylge fiere we Foekje har eksplosiviteit, fearkrêft en ûnfersetlikheid.
Foekje is foar it grutste part Frysktalich. Nederlânske ûndertiteling is oanwêzich
Tagonklikheid Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Foekje. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Foekje, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Foekje is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen. It is in digitaal magazine, mei folle mear romte foar ynformaasje en ferdjipping. En foar moaie foto’s en sels fideo’s. Thús al trochlêze kin fia ûndersteande button.
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Foekje, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!
SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?
Rolstoelplakken beskikber: Foekje is rolstoeltagonklik.
AUDITIVE STIPE
By Foekje is Roger gehoorondersteuning (Phonak) beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding. De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken: – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp. – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses fan 23 april ôf.
*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.
FISUELE STIPE
Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge fan 23 april ôf.
Helphûnen binne wolkom.
ONDERTITELING
Nederlandse ondertiteling is aanwezig.
LANGUAGE NO PROBLEM
English subtitles: available (smart glasses) as from 23 april. Choose the ’ticket + smart glasses’
As tarieding op de Run of de foarstelling kinst harkje nei de trijedielige podcast Hurddrave mei Foekje. Hoe wjerspegelet it ferhaal fan Foekje Dillema de striid foar gendergelikens yn de sport hjoed-de-dei? Yn trije ôfleveringen prate we dêroer mei saakkundigen en ûnderfiningssaakkundigen.
Ein jierren ’40 wie dêr ynienen de wetterflugge atlete Foekje Dillema. Om’t se rekôr nei rekôr bruts, waard al gau twivele oft de plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Hoe is it om bûten spul set te wurden? En hoe fergiet it de Foekjes fan no en dy yn de takomst? Yn trije ôfleveringen komst dêr mear oer te witten. Underwilens daget in hurdrincoach dy út om yn beweging te kommen, sa kinst ûnder it draven harkje nei de ferhalen; twa miggen yn ien flap, moai no?!
Oflevering 1: Falske start Yn dizze earste ôflevering sjogge we nei hoe’t en wêrom’t sport ûntstien is en hearre we wêrom’t froulju pas letter begûnen mei topsport. We sykje nei it antwurd op de fraach: kinne manlju en froulju as ‘gelyk’ yn topsport sjoen wurde? En kinne we sport en de maatskippij überhaupt yndiele yn man en frou?
Oflevering 2: Bûtenspul Yn dizze twadde ôflevering hearre we wêrom’t oan sportfroulju en har prestaasjes twivele waard. En hoe is it wannear’t iepentlik oan dyn froulikheid twivele wurdt? We hearre persoanlike ferhalen en sykje nei de ûntwikkelingen fan ‘seksetesten’ yn de topsport.
Oflevering 3: Gelykspul Yn de lêste ôflevering stelle we de fraach oft we eins stribje kinne nei gelikens en gendergelikens yn topsport. En wat betsjut de útspraak ‘there are only two genders’ fan Trump foar de Foekjes fan no? We sjogge foarút nei de takomst en hearre watfoar positive ûntwikkelingen de frouljussport al trochmakke hat.
De gasten
Danielle Pinedo is sportredakteur by de NRC. Se skriuwt benammen oer sport as sosjaal ferskynsel (ûnder oare wyklikse rubryk De Gelijkmaker). Yn 2022 wûn se mei twa kollega’s de NSP-priis foar it bêste sportsjoernalistike ferhaal fan it jier.
Jaike Belfor is aktrise en teätermakker, se spile û.o. yn ferskate foarstellingen fan Maastheater. Njonken teäter is fjochtsport har grutte leafde. Se jout karate – en selsferdigeningslessen en workshops yn stagefight. Ek is se sels aktyf as MMA-vechter en Olympysk mpic weightlifter en makket sy geregeld gefjochtskoreografiën foar films en searjes.
Foto: Isabel Sanchez Olid
Henk Kraaijenhof is in ynternasjonaal bekende atletyktrainer en âld-bûnscoach. Hy wie sels in fertsjinstlik 400 meterrinner en wûn ûnder mear it NK-indoor. Bekend is hy benammen wurden as trainer/coach fan ûnder oaren Nelli Cooman en de Jamaikaanske Merlene Ottey en as loopadviseur fan eks-fuotballer Edgar Davids en âld-tennisster Mary Pierce.
Ella Witjes is Intersekse Ambassadeur en lid fan de Rie fan Tafersjoch fan NNID. Stichting NNID set him sûnt 2013 yn foar seksediversiteit yn it algemien en yntersekse yn it bysûnder. Ella is sels yntersekse en mei ús dielt se hoe’t it is om op te groeien as yntersekse persoan. Lykas Foekje hat Ella in grutte leafde foar hurdrinnen.
Agnes Elling wurket by it Mulier Instituut yn Utrecht. It Mulier Instituut is in wittenskiplik ûndersyksburo dat him rjochtet op sport en bewegen. Agnes is in ynternasjonaal respektearre ûndersiker op it mêd fan sosjale ûngelikens yn en troch sport. As haad fan it kluster Deelname, Inclusie en Gezondheid is sy ek ûnderdiel fan it managementteam.
Konsept, ynterviews en regy: Jannie van der Veen en Eline de Vries Redaksjoneel advys: Johannes Keekstra Dramaturgysk advys: Nina Thunnissen Montaazje: Linze Valk Muzyk: Wiebe Gotink Voice-over: Lourens van den Akker Stim hurddraafcoach: Nynke Heeg Produksje: Nina Postma Mei tank oan: Jaike Belfor, Ella Witjes, Henk Kraaijenhof, Danielle Pinedo en Agnes Elling
Foarôfgeand oan de foarstelling Foekje op 8 maaie kinst nijsgjirrige petearen bywenje yn de klaaikeamers fan Sportbedrijf Drachten. Der binne trije sprekkers dy’t dy mear fertelle oer tema’s dy’t ek yn de foarstelling sitte.
Sa sille Frank Koomen en Hugo Tijsmans fan de Atletiekunie mei dy fan gedachten wikselje oer hoe yn de sport om te gean mei froulju dy’t in ôfwikende hormonale ûntwikkeling hawwe. Ek sjogge se werom op de tiid fan Foekje, de ûnwittendheid en ûnbekendheid en de karren dy’t doe makke binne.
Mir Abe Marinus fertelt út it NNID wei (ekspertizesintrum seksediversiteit) oer wat yntersekse no krekt is en wat it betsjut om yntersekse te wêzen.
Sportbedrijf Drachten hat as slogan ‘Een sportief en vitaal Smallingerland voor iedereen’ In moaie slogan dy’t se graach wier meitsje wolle. Yn dit klaaikeamerpetear fertelt Sportbedrijf Drachten hoe’t sy hjir yn de praktyk oan wurkje en ynklusyf besykje te wêzen foar elkenien.
De petearen begjinne om 18.50 oere en duorje hieltyd in kertier. Kinst twa rûntsjes mei harkje en prate en sa om 19.30 oere hinne ronde we ôf sadatst op tiid bist by de foarstelling dy’t om 20.00 oere begjint.
Tagong ta de klaaikeamerpetearen is fergees mar it oantal beskikbere plakken is beheind. Jou dy dêrom hjirûnder wol even op, sadat wy witte datst komst!
Foarôfgeand oan Foekje yn Kollum op 21 maaie is der in ynlieding fan Kees Roorda, de skriuwer fan it stik. Hy fertelt yn dizze ynlieding oer it ûntstean fan de foarstelling en wêrom’t er it belangryk fûn dat dizze foarstelling oer Foekje der komme moast. Wat hat it ferhaal fan Foekje Dillema ús te fertellen hjoed-de-dei?
Ek oanwêzich binne Yke Bremer en Pieter Anco de Vries, sy wiene doarpsgenoaten fan Foekje Dillema en hawwe noch gymles fan har hân. Sy fertelle oer harren oantinkens oan Foekje.
De ynlieding is fan 19.00-19.30 oere yn De Colle oan de Gerrit Bleekerstrjitte 3 yn Kollum (tsjinoer de sporthal). De foarstelling set om 20.00 oere útein en de seal giet om 19.50 oere hinne iepen.
De ynlieding is fergees by te wenjen foar minsken dy’t in kaartsje foar Foekje kocht hawwe. We wolle wol graach witte hoefolle publyk we ferwachtsje kinne. Wolst derby wêze? Jou dy dan op fia ûndersteand formulier.
Yn de fuotleasten fan Foekje is in kuiertocht yn de omkriten fan Boerum.
Boerum, it plak dêr’t Foekje Dillema opgroeide, wenne en har lêste rêstplak hie. Dêr’t se op sokken har earste meters as hurdrinster makke. De kuiertocht nimt dy mei troch de Fryske wâlden mei oan de hoarizon it surrealistyske byld fan grûnsatellytstasjon ‘de Grutte Earen’.
Underweis harkest nei ferhalen oer de topatlete, de doarpsbewenners fan Boerum en omkriten. Lâns de rûte fynst buordsjes mei QR-koades om de ferhalen te beharkjen. De buordsjes bliuwe noch oant heal juny stean. Scanst de koade mei dyn telefoan en harkest nei wat it bewuste plak dy te fertellen hat. Startpunt foar de rûte is doarpshûs Toutenburg yn Boerum.
Ferhalen Yn de fuotleasten fan Foekje
Bist net yn de gelegenheid om de kuier yn Boerum te rinnen mar wolst al graach de ferhalen hearre? Dat kin, hjirûnder fynst de links nei de ferhalen.
★
★
★
★
★
Yn in wrâld fan manlju en froulju bleau Foekje gewoan Foekje
Spul Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Caroline Mgata, Stijn Schootstra |
Slagwurk Julia Ramos |
Regy Jos van Kan |
Tekst Kees Roorda |
Muzyk Wiebe Gotink |
Koreografy Andrea Beugger |
hurddraafcoach Rutger Wagenaar |
Foarmjouwing Jan Ros |
Kostúmûntwerp Mathilde van der Hoop |
Dramaturgy Nina Thunnissen |
Oersetting Peter Sijbenga |
Ljochtûntwerp Bart Schurer |
Lûdsûntwerp Gido Bamboe |
Regyassistint Romke Gabe Draaijer |
Kampanjebyld Tryntsje Nauta |
Sênefotografy Lucas Kemper |
Mei mooglik makke troch Leeuwarder Ondernemers Fonds, FB Oranjewoud en JM Fonds |
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
To provide the best experiences, we and our partners use technologies like cookies to store and/or access device information. Consenting to these technologies will allow us and our partners to process personal data such as browsing behavior or unique IDs on this site and show (non-) personalized ads. Not consenting or withdrawing consent, may adversely affect certain features and functions.
Click below to consent to the above or make granular choices. Your choices will be applied to this site only. You can change your settings at any time, including withdrawing your consent, by using the toggles on the Cookie Policy, or by clicking on the manage consent button at the bottom of the screen.
Functioneel
Always active
Funksjonele cookies soargje derfoar dat bepaalde dielen fan 'e side goed wurkje en dat jo brûkersfoarkarren bekend bliuwe. Wy kinne dizze cookies pleatse sûnder jo tastimming.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technyske opslach of tagong dy't allinich brûkt wurdt foar anonime statistyske doelen. Sûnder in dagvaarding, frijwillige neilibjen fan 'e kant fan jo ynternettsjinstferliener, of oanfoljende records fan in tredde partij, kin ynformaasje opslein of ophelle foar dit doel allinich net normaal brûkt wurde om jo te identifisearjen.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.