Loading...
Fabelkracht
4+ 20 Feb O/M 21 Apr’23

Fabelkracht

Dêr’t de fantasy en it lichem mekoar foar de gek hâlde

Dêr’t de fantasy en it lichem mekoar foar de gek hâlde

Wat is der oan de hân mei Remmelt? Hy leit stil op in planke en it liket oft er net bewege kin. Mar syn eagen strielje en hy hat wol wille. Joes begrypt der neat fan. Dy komt del om te boartsjen, mar wat is dêr no oan mei sa’n deadeling? Remmelt sjocht it probleem net. Hy hat wol 1001 ideeën yn de holle. Yn syn kop brûst en tûmelet it, der komt gjin ein oan. Giet Joes der yn mei?

Fabelkracht is in beweechlike en hast tekstleaze foarstelling, dêr’t de krêft fan de fantasy en it lichem elkoar yn útdaagje. Tsien jier lyn betovere dizze Tryater-foarstelling – betocht en regissearre troch Tamara Schoppert – al in soad bern (en folwoeksenen!) yn binnen- en bûtenlân. No op ’e nij te sjen.

Fabelkracht is te sjen op basisskoallen rûnom yn Fryslân en op 28 febrewaris om 11.00 oere en 15.00 oere by Tryater yn it ramt fan Help Pake & Beppe De Vakantie Door 2023. Spesjaal foar dizze wike wurde der yn ‘e foyer ekstra berne-aktiviteiten om de foarstelling hinne organisearre. Nim dyn pake, beppe, omke, muoike of dyn âlders mei, want ‘op fertoan’ fan in folwoeksene hast as bern fergees yntree! Wol efkes reservearje (ek foar de bern ).

Entree: € 10
Bern o/m 12 jr: fergees

Ut de resinsjes oer de eardere spylperioade:

Wanneer Joes op een middag bij Remmelt gaat spelen, wordt hij onverwacht onderworpen aan de fantasiewereld van zijn vriend. (…)  Wat volgt is een nu eens ritmisch, dan weer acrobatisch en soms clownesk spel van lichaams- en verbeeldingskracht.”
(Leeuwarder Courant, 2012)

“Ik zou samen met mijn vriendjes weer naar deze voorstelling gaan!”
(Z@pp-reporter Iris, 4 jaar, 2012)

Technyske gegevens

  • Lokaasje: speel- of gymlokaal
  • Ofmjitting: speellokaal minimaal: 8x7x3 m (lxbxh)
  • Fertsjustering: winsklik
  • Spylperioade: 20 febrewaris o/m 21 april 2023

  • Duer foarstelling: +/- 45 min.
  • Kapasiteit foarstelling: 80 learlingen
  • Taal: hast tekstleas

Fragen oer boekingen?

It lesmateriaal befettet in lesbrief, pop-upkaart, trailer en poster. De lesbrief beskriuwt ien aventoerlike boartersles. Dy kinst it bêste nei de foarstelling dwaan. Op de pop-upkaart fynst ynformaasje oer de foarstelling. Hjir stiet ek noch in leuke lessuggestje (leafst ek nei de foarstelling) op, plus in QR-koade nei de trailer fan de foarstelling. Meitsje foaral gebrûk fan dit ynspirearjende oanbod. Us ûnderfining is dat de bern in folle rikere sjochbelibbing hawwe as de dosint it lesmateriaal brûkt hat.

Diele is moai

We binne fansels hiel benijd hoe’t dyn learlingen dizze foarstelling en it lesmateriaal ûnderfûn hawwe. Dus hast in foto makke fan bygelyks de teken- of dûnsopdracht? Diel it mei ús! Reaksjes, foto’s en filmkes meist maile nei s.jansma@tryater.nl. Jou dêrby efkes oan oft wy it ek diele meie. Pleatst wat op de socials? Tag dan foaral Tryater!



Kredits

Konsept en regy Tamara Schoppert | Spul Tijs Huys, Michaël Bloos | Foarmjouwing Maria Dourron | Edukaasje Sytse Jansma |

Fabelkracht

 

Lesmateriaal

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado