Dit wie it waar wer
8+ 14 Feb O/M 1 Apr ’22

Dit wie it waar wer

In muzikale waarsensaasje wêrby’t de temperatuer heech oprinne kin en CO2 oeral op de loer leit.

In muzikale waarsensaasje wêrby’t de temperatuer heech oprinne kin en CO2 oeral op de loer leit

Dit wie it waar wer is it fleurige telefyzjeprogramma fan de bekendste waarfrou fan Fryslân, Paulette Ietsema. De sjochsifers fan har waarshow binne noch noait ûnder it friespunt sakke, want wat Paulette seit is altyd wier. Mei passy presintearret Paulette wat foar waar it ís. Nóáit wat foar waar it wurdt. Want neffens har is it waar fierstente ûnfoarsisber wurden.

Waarkundige Cosmo makket him soargen oer it ritige waar fan de lêste tiid. As syn nagelnije waarmjitter alarm slacht, besiket er Paulette oer te heljen om foar ien kear in waarfoarsizzing te dwaan. De minsken thús moatte witte dat der oar waar kommendeweis is. Mar Paulette wol har sjoggers net ûngerêst meitsje en slacht it driuwende fersyk fan Cosmo yn de wyn. Dan begjint it gedonder. Hiel Fryslân wurdt op slach teistere troch ekstreem waar.

Hâlde Paulette en Cosmo de holle koel? Komme se derachter wêrom’t it waar sa yn de hobbel is? En hoe soargje se foar in ûnbewolkte takomst?

Krukpraatsjes

Dit wie it waar wer giet oer waarfrou Paulette Ietsema dy’t it waar net mear foarsizze wol. Wat fine bern dêr eins fan?

Praktyske ynformaasje

  • Dizze foarstelling is in it Nederlânsk en as skoalfoarstelling te boeken (geskikt foar bern fan 8 o/m 10 jier).
  • De foarstelling is te sjen yn ferskillende skouboargen yn de perioade 14 febrewaris o/m 1 april 2022
  • De foarstelling kin ek boekt wurde yn in tichtbysteande gymnastykseal. (ôfmjittingen 9mx14m en 4,5m heech)
  • Lingte foarstelling: 45-60 min

  • Kapasiteit foarstelling: 150 learlingen
  • As jim skoalle net genôch learlingen hat om in hiele seal fol te krijen dan dielt Tryater jim klasse yn by in oare skoalle.
  • €7,50 de learling
  • €900,- de foarstelling (foardelich fan 121 learlingen ôf)
  • Busferfier nedich? Kosten €5,- de learling.
  • Boeke? Folje dan dit formulier yn.

Tryater hâldt de ûntjouwingen om it coronafirus hinne yn ´e gaten. By al ús foarstellingen folgje wy de advizen fan it R.I.V.M. As ús oanbod dêrtroch wizige wurde moat, dan bringe we dy s.g.m. derfan op ´e hichte. As in foarstelling troch de skoalle ôfsein wurdt fanwege it coronafirus, dan kin dat sûnder kosten. As de foarstelling troch Tryater fanwege corona ôfsein wurdt, dan wurde der fansels ek gjin kosten yn rekken brocht. Yn beide gefallen wurdt der socht nei in passende oplossing. It boeken fan in foarstelling is foar in skoalle dus gjin finansjeel risiko.

Kredits

Karlijn Kistemaker
Peter Sijbenga
Eva Meijering
Fabian Janssen
Calle de Hoog
Nina Thunnissen
Konsept en regy Karlijn Kistemaker | Tekst Peter Sijbenga | Muzyk Keez Groenteman | Spul Eva Meijering, Fabian Janssen, Peter Sijbenga | Senografy Calle de Hoog | Dramaturgy Nina Thunnissen | Foarmjouwing Buurtsuper decor/Robin Hooijboer |

Bliuw
op de
hichte