Loading...
De Molkwei
4+ 26 Apr O/M 7 Maaie’22

De Molkwei

Beweging en belibbing op de buorkerij
In meidûnsfoarstelling foar beukers op de buorkerij oer kij en molke

Taury fynt kij sá moai. Har namme betsjut ‘ko’ yn it Latyn en dat fynt se hiel spesjaal. Sa spesjaal dat Taury besletten hat dat se letter, as se grut is, ko wurde wol. Mar ast ko wurde wolst, wat moatst dan kinne?

In ko jout molke seit de boer. Mar hoe docht de ko dat dan? Taury hat wol tûzen fragen oer kij. Wat yt in ko? Skyt in ko ek? Wat kinst allegear mei molke? Is molke lekker? Fine de bern molke lekker? Kinst deryn badderje as yn wetter? Kinst ride op in ko? En is in ko gefaarlik? Krekt sa gefaarlik as in Tyrannosaurus Rex?

Al dûnsjend nimt Taury de beukers mei oer it boerehiem. Mei elkoar sykje se troch te priuwen, fielen, rûken en dwaan nei de antwurden op Taury har fragen. En komme se derachter oftst eins wol ko  wurde kinst.

De Molkwei is in meidûnsfoarstelling op de buorkerij spesjaal foar beukers. Sy moetsje Taury dy’t har meinimt troch it molkfeebedriuw. De beukers hearre en sjogge it bedriuw en de ko troch de eagen fan Taury. Ek meie se mei har meidwaan, meidûnsje en meimeitsje. Tip: Lûk learzens oan en klean dy’t smoarch wurde meie! De Molkwei wurdt yn it Frysk en Nederlânsk spile.


Iepenbiere foarstellingen yn de maaiefakânsje yn Jorwert – 26 april o/m 7 maaie

  • 26 april 10.30 NL 14.15 Frysk (ôflast)
  • 29 april 10.30 Frysk
  • 30 april 10.30 Frysk
  • 7 maaie 14.15 Frysk

Boekingsynformaasje
De foarstelling gie yn premjêre yn 2021 en spilet ek yn it foar- en neijier fan 2022 en 2023 as skoalfoarstelling foar rom 5000 Fryske beukers. Wolst mei dyn klas nei De Molkwei ta? Nim dan kontakt op fia stichtingdebeweging@gmail.com foar de mooglikheden.

  • ‘Mei myn pjut fan 3 gong ik nei de Molkwei. Se fûn it prachtich. Elke jûn foardat se op bêd giet dûnset se krekt as Taury’
  • ‘Zo in balans de voorstelling. Dan in beweging dan luisteren, interactief. Ik vind het een hele leuke kleutervoorstelling’ juf Thomas van Aquino – Sneek
  • ‘Helemaal des kleuters!’ leerkracht 
  • ‘Ik mocht melk drinken en dat was lekker. ‘ kleuter
  • ‘Ik vond het heel leuk dat we achter Taury aan mochten. ‘ kleuter
  • ‘Ik vond het dansen heel leuk. ‘ kleuter
  • ‘We vonden de voorstelling heel erg leuk, zowel de kinderen als de juffen hebben genoten van je enthousiasme en je vermogen om de kinderen mee te nemen in de beleefwereld van Taury en haar lievelingskoe. ‘ juffen Sint Martinusschool – Makkum

  • ‘Heel fijn dat jullie ook een speellokaal versie hebben en bij ons op school kwamen. Voor onze kinderen is naar een voorstelling gaan spannend, dat het  in de veilige setting van school kan, is dan prettig’ leerkracht SBO De Súdwester – Sneek
  • “Alles wat kleuters graag doen – en waardoor ze dus leren – zit in deze fantastische voorstelling: bewegen op muziek, geluiden nadoen, hard lachen om grapjes, diep nadenken over een vraag, de hoofdrolspeelster helpen, uitgedaagd worden om melk te proeven, etc. Kortom de kleuters mogen al hun zintuigen gebruiken om te ervaren waar de melk vandaan komt en dit alles in een knusse theatrale setting waar zij zich op hun gemak voelen. Een aanrader!” Marjolein Staal, teamleider NME De Klyster, educatie natuur en duurzaamheid

De Beweging – Janneke de Haan en Willy van Assen
Foar De Molkwei stipet Tryater Janneke de Haan en Willy van Assen yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.

Kredits

Janneke de Haan
Willy van Assen
Regy Janneke de Haan | Dûns & spul Willy van Assen | Komposysje Sander Stienstra | Kostúms Mariken Biegman van Geel | Sênefotografy PDF-grafie, Piet Douma |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado