Loading...
De Eik was hier
6+ 3 Apr O/M 27 Okt’23

De Eik was hier

In muzikale safary op it skoalplein

In muzikale safary op it skoalplein 

We sjogge it net altyd, mar de natuer is oeral om ús hinne. Tink mar ris oan de houten potleaden yn dyn klasse, kribelbistjes ûnder it plein en de âlde ikebeam by skoalle. Hast him wolris goed besjoen?  

Om’t se sizze dat Eik siik is, komt Johan Snipper him kappen. Want hoewol’t de Eik al mear as hûndert jier op itselde plak stiet, moatst soms snoeie om groeie te litten. Alteast, dat seit Johan syn baas. Mar nei moetingen mei in lilke Gaai, in fleurige sombere huningswam, en in sneue wjirm, begjint Johan Snipper dêr hieltyd mear oan te twiveljen… Moat er de Eik kappe of krekt rêde fan syn ûndergong?

Yn dizze muzikale teaterfoarstelling gean learlingen op de kante meter op ûntdekkingsreis. Mei de klasse en it skoalplein as dekôr komme se yn de kunde mei it moaie én kwetsbere fan har omjouwing. Ynspiraasjeboarne foar De Eik was hier is it populêre boek mei deselde titel fan Bibi Dumon Tak.  

Yn gearwurking mei Het Houten Huis en Peergroup
Utjouwerij boek: Em. Querido’s Uitgeverij, ûnderdiel fan Singel Uitgevers B.V.

De Eik was hier (6+)  is te sjen op basisskoallen rûnom yn Fryslân en op 26 oktober om 12.00 oere en 14.15 oere & 27 oktober om 11.15 oere en 13.45 oere by Stadschouwburg De Harmonie yn it ramt fan Jeugdtheaterfestival Het Avontuur 2023. Spesjaal foar dizze wike wurde der ekstra berne-aktiviteiten om de foarstelling hinne organisearre. 


Ynformaasje en boeke

  • Leeftiid: 6+, groep 3 en 4
  • Spylperioade: 11 septimber o/m 27 oktober 2023
  • Kosten: € 195 de foarstelling en € 335 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje

  • Lokaasje: by de skoalle, it skoalplein
  • Duur foarstelling: 60 min.
  • Taal: Nederlands of Frysk

Fragen oer boekingen?

It lesmateriaal
It lesmateriaal bestiet út in ynskobere beam, fjouwer ophingfellen (de lessen), in hânlieding en in poster. Dit lesmateriaal biedt dy de gelegenheid om nei de foarstelling noch fierder te gean op de tematyk fan de foarstelling. De lessen rjochtsje harren benammen op it ‘ynlibjen/bewustwêzen fan de natuer’ en dan foaral op de biotoop fan in beam (iik). Dit dogge we troch middel fan de krêft fan de ferbylding. Troch in kreatyf proses oan te gean soargje we der foar dat de learlingen de  foarstelling noch lang by bliuwe sil.

Klik hjir foar de Nederlânsktalige ferzy fan de lessen.

Protestliet ‘Kappe mei kappe’
Oan de ein fan de foarstelling wurdt der in protestliet songen. It soe hiel leuk wêze as de bern it liet fan tefoaren al ris oefene hawwe. Klik hjir foar de online karaokeferzy.

Diele is leaf
We binne fansels hiel benijd hoe’t dyn learlingen dizze foarstelling en it lesmateriaal belibbe hawwe. Dus hast in foto makke fan bygelyks de teken- of teateropdracht? Diel it mei ús! Reaksjes, foto’s en filmkes meist maile nei s.jansma@tryater.nl. Jou dêrby efkes oan oft wy it diele meie. Pleatst wat op socials? Tag dan foaral Tryater!

Kredits

Aukje Schaafsma
Wessel de Vries
Gerwin de Vries
Konsept en regy Aukje Schaafsma | Tekst Wessel de Vries | Spul Gerwin de Vries | Lûdsûntwerp Laurens van der Meulen | Senografy Sarah Nixon | Edukaasje Sytse Jansma, Jannie van der Veen | Kampanjebyld Tryntsje Nauta | Sênefotografy Niels Knelis Meijer |

De Eik was hier

 

Lesmateriaal

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado