In muzikale safary op it skoalplein
We sjogge it net altyd, mar de natuer is oeral om ús hinne. Tink mar ris oan de houten potleaden yn dyn klasse, kribelbistjes ûnder it plein en de âlde ikebeam by skoalle. Hast him wolris goed besjoen?
Ikebeam stiet dêr al mear as hûndert jier. Altyd op itselde plak. Mei syn woartels stevich yn de grûn. Him kin neat oerkomme, soest tinke. Mar syn freon Kraai makket him soargen. Minsken sizze dat Ikebeam siik is. Dat er dêrom fuort moat. Kraai wol Ikebeam rêde fan de ûndergong, mar kin dat net allinne. Hy hat help nedich, in soad help.
De Eik was hier is in lytse filosofyles oer ús ferbining mei de natuer om ús hinne. Yn dizze muzikale teaterfoarstelling gean learlingen op de kante meter op ûntdekkingsreis. Mei de klasse en it skoalplein as dekôr komme se yn de kunde mei it moaie én kwetsbere fan har omjouwing. Ynspiraasjeboarne foar De Eik was hier is it populêre boek mei deselde titel fan Bibi Dumon Tak.
Yn gearwurking mei Het Houten Huis en Peergroup.
Technyske gegevens
- Lokaasje: Yn en by de (basis)skoalle
- Spylperioade: 3 april o/m 26 maaie en 11 septimber o/m 27 oktober 2023
- Duur foarstelling: 60 min.
- Taal: meartalich
Fragen oer boekingen?
