In muzikale safary op it skoalplein
We sjogge it net altyd, mar de natuer is oeral om ús hinne. Tink mar ris oan de houten potleaden yn dyn klasse, kribelbistjes ûnder it plein en de âlde ikebeam by skoalle. Hast him wolris goed besjoen?
Om’t se sizze dat Eik siik is, komt Johan Snipper him kappen. Want hoewol’t de Eik al mear as hûndert jier op itselde plak stiet, moatst soms snoeie om groeie te litten. Alteast, dat seit Johan syn baas. Mar nei moetingen mei in lilke Gaai, in fleurige sombere huningswam, en in sneue wjirm, begjint Johan Snipper dêr hieltyd mear oan te twiveljen… Moat er de Eik kappe of krekt rêde fan syn ûndergong?
Yn dizze muzikale teaterfoarstelling gean learlingen op de kante meter op ûntdekkingsreis. Mei de klasse en it skoalplein as dekôr komme se yn de kunde mei it moaie én kwetsbere fan har omjouwing. Ynspiraasjeboarne foar De Eik was hier is it populêre boek mei deselde titel fan Bibi Dumon Tak.
Yn gearwurking mei Het Houten Huis en Peergroup.
Utjouwerij boek: Em. Querido’s Uitgeverij, ûnderdiel fan Singel Uitgevers B.V.
De Eik was hier (6+) is te sjen op basisskoallen rûnom yn Fryslân en op 26 oktober om 12.00 oere en 14.15 oere & 27 oktober om 11.15 oere en 13.45 oere by Stadschouwburg De Harmonie yn it ramt fan Jeugdtheaterfestival Het Avontuur 2023. Spesjaal foar dizze wike wurde der ekstra berne-aktiviteiten om de foarstelling hinne organisearre.
Ynformaasje en boeke
- Leeftiid: 6+, groep 3 en 4
- Spylperioade: 11 septimber o/m 27 oktober 2023
- Kosten: € 195 de foarstelling en € 335 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje
- Lokaasje: by de skoalle, it skoalplein
- Duur foarstelling: 60 min.
- Taal: Nederlands of Frysk