Meitsje dyn jûn by Under Wetter yn Wergea kompleet en yt yn it foar in hapke mei! Sjef-kok Geert-Jan Vaartjes (û.o. Lauswolt, De Librije en no Oan Tafel en Grand Café JAN! yn syn bertedoarp Wergea) siedt yn in spesjaal pop-up restaurant in modern, wintersk miel yn ‘e maitiid. Mei û.o. blote-billetjes-in-het-gras’, hite bliksem mei bargefleis en tafelsoer. Ek oanskowe oan ‘e lange kapiteinstafel? Boek dan foar € 20 p.p. in diner mei!
- Let op: der is beheind plak
- Priis eksklusyf dranken
- Ytst fegetarysk? Dat kinst by it bestellen oanjaan
Neist it lekkere en gesellige Captain’s Dinner yn de Bidler, binne der ek twa VIP-arranzjeminten ûntwikkele troch Geert-Jan Vaartjes en brigade. Dy wurde servearre yn Grand-Café JAN! en proeflokaal Oan Tafel. Under mear geskikt om dyn sakerelaasjes mei nei ta te nimmen!
Lês mear oer de VIP-arranzjeminten
Under Wetter
Op de prachtige iisbaan fan Wergea en op Skylge ferbyldzje akteurs, dûnsers, musisy en figuranten it ferhaal fan de famylje Kingma. Under Wetter is in oade oan tal fan iisbanen yn Fryslân en dy’t – ek al binne de winters waarmer – noch altyd funksjonearje. In foarstelling oer langstme en tradysje, fol drama én feest.