Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts hoe suterich har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar ljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’
By BINGO! sitst mei dyn bakje kofje of tee en in bingokaart mei oaren oan in tafel. By it bekende spul mei de nûmere baltsjes wurdst meinaam nei Tine har jeugd. Flak foar en tusken de tafels troch spilet Tamara Schoppert dizze troch Herman van de Wijdeven skreaune teatertekst. En wannear’t de priis wûn is, sjocht elkenien elkoar ris goed oan en drinkt noch in bakje kofje of tee mei elkoar.
De foarstelling BINGO! kaart op humoristyske, earlike en mooglik herkenbere wize problemen oan dy’t har foardwaan kinne by ferburgen earmoed en iensumens. Problemen dy’t har opsteapelje kinne as se net oanpakt wurde en wêroer’t kunde by ûnder oaren ûnderwiisynstansjes, gemeenten en soarchynstellingen somtiden net (genôch) oanwêzich is. De foarstelling is krekt bedoeld om it ûnderwerp besprekber te meitsjen. Nei ôfrin is der folop romte foar in petear ûnder de deskundige lieding fan in petearlieder.
Spyllist
- 5-10-2024 | Roden – De Dobbe | Besletten
- 12-10-2024 | Norg – De Brinkhof | Besletten
- 15-10-2024 | Eexterveen – ‘t Klein Genoegen | Besletten
- 16-10-2024 | Gasselternijveen – MFC De Spil | Besletten
- 17-10-2024 | Lemmer – Papagenohuis | Mear ynformaasje
- 19-10-2024 | Leeuwarden – Wijkcentrum Nijlân | Meer informatie
- 25-10-2024 | Wergea – Us Doarpshûs | Meer informatie
- 26-10-2024 | Leeuwarden – Wijkcentrum De Blokkendoos (Vrijheidswijk) | Meer informatie
- 1-11-2024 | Burgum – Glinstra State | Meer informatie
- 5-11-2024 | Marum – De Hazelaar | Besletten
- 9-11-2024 | Wurdum – De Golle | Meer informatie
- 15-11-2024 | Veendam – Hotel Parkzicht | Besletten
- 16-11-2024 | Wijckel – Dorpshuis Irene | 20:00 | Meer informatie
- 20-11-2024 | Foxhol – Dorpshuis De Klabbe | 15:00 | Besloten
- 21-11-2024 | Kornhorn – Dorpshuis ‘t Hornhuus | 15:00 | Besletten
- 22-11-2024 | Appelscha – Dorpskamer | 15:00 | Meer informatie
- 23-11-2024 | Leeuwarden – Wijkcentrum Camminghaburen | 15:00 | Meer info
BINGO! is ûntwikkele op inisjatyf fan Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS.frl) troch teaterkollektyf Ploech en eide en spile earder op Festival Overmorgen fan de Fryske teaters. Tryater hat it stik oer earmoed en iensumheid omearme en brocht de de foarstelling nei ferskate lokaasjes yn Fryslân. De foarstelling is ek geskikt foar wa’t net fan it bingo-spul hâldt.
Ut de parse:
“Het ware verhaal dat dan tevoorschijn komt gaat over armoede, schuld en trots. Herman van de Wijdeven heeft in zijn even subtiele als krachtige tekst die ontknoping lang uitgesteld, waardoor ze des te harder binnenkomt.” Theaterkrant, Luuk Verpaalen, 30-01-’23
“En zo wordt kunst ingezet om een maatschappelijk doel te bereiken. Al mag de artistieke waarde wat Tamara Schoppert betreft daarbij niet ondersneeuwen. Het is om de drommel wel echt toneel wat op de planken wordt gebracht. Geen Spielerei.” Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek, 01-02-’23