Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Krystboadskip: Fjoer en Ferbining

21 12 2022

De krysttiid is in tiid om werom te sjen. Wat nimme we mei en wat wolle we leaver achter ús litte? Myn famylje hat as gebrûk om in fjoer te meitsjen op âldjiersdei. Elkenien krijt in papierke en skriuwt op wat er achter him litte wol. De papierkes wurde yn it fjoer smiten.

2022 wie in rûzich jier. Yn in pear moannen liket it oft we wend rekke binne oan oarloch yn Europa, djoere boadskippen en altyd in waarme trui oan.

Feroaring en ferbining, dêr gienen de foarstellingen fan Tryater dit jier oer. Under Wetter oer ús feroarjende reedrydtradysje, Romte oer feroaringen yn wenjen troch de jierren hinne en Sintgelok oer ien fan ús belangrykste tradysjes.

Hoewol’t der genôch is wat ik op in papierke yn it fjoer smite wolle soe, hawwe der noch folle mear mominten west it ôfrûne jier dy’t my rekke hawwe. Alle generaasjes akteurs, muzikanten, dûnsers en figuranten mei elkoar op de iisbaan fan Wergea by Under Wetter, de freugde om alle jûnen yn waar en wyn te spyljen en in belangryk ferhaal te fertellen. Mar ek slop fan it laitsjen yn boubedriuwen by ús foarstelling Romte, want ek yn drege tiden is it sa belangryk om ûntlade en laitsje te kinnen.

By Sintgelok barde der wat dat ik noait ferjitte sil. Om’t it op in hiele simpele manier de essinsje fan teater toant.

In rige foar my sit in groep froulju. Der is in momint dat akteur Leon Ali Cifteci tsjin Karel Hermans seit: ‘Je hebt een zwaar jaar gehad.’ Nei dy sin streame triennen oer de wangen fan ien fan de froulju. It liket oft dy sin op har slacht. De froulju neist har registrearje it en pakke har tagelyk súntsjes beet wylst Leon Ali flústeret: ‘Het komt goed’. Ynienen giet it net mear allinne oer de akteurs. De wurden op it toaniel reitsje en ferbine de froulju foar my.

Ek yn 2023 ferbine we bysûndere ferhalen, minsken en plakken mei elkoar. We sjogge der bot nei út om jo wer te moetsjen. Yn in dúnpanne op Oerol, by de persoanlike ferhalen fan de minsken achter de Fanfare yn doarpen. Op de skoallen dêr’t we foar bern fan alle leeftiden spylje.

Ik winskje jo út namme fan alle meiwurkers fan Tryater waarme feestdagen en in ynspirearre 2023 fol ferbining. It komt goed.

Ut namme fan Tryater,

Tatiana Pratley

Artistyk direkteur

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado