Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater siket koaren, fanfares en brassbands foar It Iepeningswykein fan LF2018

10 07 2017

Tryater organisearret It Iepeningswykein fan LF2018 op 26 en 27 jannewaris 2018. Ira Judkovskaja, artistyk direkteur fan Tryater, hat de artistike lieding. We fiere yn It Iepeningswykein de Iepen Mienskip as it feest wêrby’t we  de strjitte op gean, inoar opsykje om te sjen en te harkjen en diel te nimmen.

Tryater siket koaren, fanfares en brassbands foar It Iepeningswykein.

Wa sykje wy?

Koaren, orkesten, fanfares, brassbands

Muzyk spilet by De Iepening in grutte rol en dêrom wolle we gearwurkje mei 50 koaren, 20 orkesten, fanfares en brassbands. Yn gearwurking mei de koaren, orkesten, fanfares en brassbands wolle we foar in muzikaal hichtepunt as start foar it hiele kulturele jier soargje, mei muzyk as ferbinend elemint. It liet foar De Iepening wurdt makke troch Sytze Pruiksma en Nynke Laverman.

Net by in koar mar wol meidwaan? Marike Kooistra hat in Pop-upkoar oprjochte foar minsken dy’t ek meisjonge wolle by De Iepening! Sjoch op www.popupkoorfryslan.nl.

Repetysjeperioade:
Fan begjin oktober 2017 ôf repeteare mei muzyk fan De Iepening yn eigen koar, orkest, fanfare of brassband repetysjes.

Mienskiplike repetysjes (lokaasje folget): 

    • Sneon 9 desimber 2017 (oerdeis) ANNULEARRE
    • Sneon 16 desimber 2017 (oerdeis)*
    • Sneon 13 jannewaris 2018 (oerdeis)*
    • Sneon 20 jannewaris 2018 (oerdeis); op lokaasje yn it sintrum fan Ljouwert

* Foar de repetysjes op 16 desimber en 13 jannewaris sil jo feriening yn totaal ien deidiel yndield wurde.

Try-outs:

  • Woansdei 24 jannewaris 2018 (jûns)
  • Tongersdei 25 jannewaris 2018 (jûns)

Wy biede:

  • In unike en ûnferjitlike ûnderfining yn in grut muzikaal iepeningsspektakel
  • Kofje en tee by de mienskiplike repetysjes en De Iepening
  • Bydrage yn de kosten fan jim dirigint (yn oerlis)
  • Bydrage yn de kosten foar transport fan ynstruminten (yn oerlis)

Fragen? Nim kontakt op mei Amarins Jansma, koördinator frijwilligers It Iepeningswykein, a.jansma@tryater.nl.

Oanmelde as koar, fanfare of brassband? klik hjir

Oanmelde foar it Pop-upkoar? klik hjir 

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado