Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Grutte rol Ivgi&Greben by Under Wetter

26 01 2022

By de maitiidsproduksje Under Wetter spilet dûnsselskip Ivgi&Greben in belangrike rol. Net allinne om’t har acht dûnsers dielnimme oan de cast, mar ek om’t it selskip yntinsyf meitinkt oer de foarm. Tatiana Pratley fan Tryater: “We fregen Ivgi&Greben al yn in betiid stadium om te sparren oer beweging yn de foarstelling. Mei de tiid groeide har rol. We sprekke elkoar in soad en it docht bliken dat we elkoar prachtich oanfolje.” Johan Greben: “De sympatike útnûging fan Tryater jout gelegenheid ta in nijsgjirrige útwikseling mei de dissipline teater. Likegoed de realistyske tematyk as it spyljen op in bûtenlokaasje binne nije útdagingen foar Ivgi&Greben, dêr’t we nocht oan hawwe.”

Ivgi&Greben makket yn Under Wetter oansteklike goreografyen dy’t it dûnsjen mei ús allen, as mienskip, fiere. Tink oan it mei-inoar swiere op it iis of útlitten dûnsje op in feest. Dûns en beweging drukke plezier út en meitsje de foarstelling ekstra oantreklik om nei te sjen. De acht dûnsers jeie de oare spilers oan en helpe bepaalde aspekten yn it ferhaal út te fergrutsjen. Lykas krêften út de natuer en gefoelens as fertriet of langstme. Johan Greben: “Dit ekspressive en abstrakte aspekt is in skaaimerk fan ús dûnstaal. Yn de wikselwurking mei it ferhaal, de personaazjes en de lokaasje draacht it by oan de fisuele en emosjonele wurking fan Under Wetter.” 

Greben: “As nijkommer yn de stêd draacht Ivgi&Greben graach by oan it artistike klimaat en dat wurdt fersterke troch útwikseling. It is moai om elkoar persoanlik en artistyk better kennen te learen en dûns te kombinearjen mei teater. De goreografy fan Ivgi&Greben heakket in laach ta oan Under Wetter. We kinne de ûnderstream fan wat der bart sjen litte.”

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado