Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Lookalikes' Joke Tjalsma socht foar campingfoarstelling Part-Time Paradise

02 05 2019

Foar de campingfoarstelling Part-Time Paradise, in koproduksje fan teaterkollektyf SKOFT&SKIEP en Tryater, sykje wy in tal ‘lookalikes’ fan Joke Tjalsma om yn de foarstelling te figurearjen! Bisto of kenst ien dy’t in bytsje op har liket? Stjoer dan in mail nei info@skoftenskiep.nl mei dyn kontaktgegevens en in foto. Wy sykje froulju:

  • fan likernôch 1.70m lang
  • yn de leeftyd fan 55 – 67 jier
  • mei (heal) lang griis hier
  • dy’t beskikber binne foar de repetysjes en foarstellingen yn Ljouwert en/of op Oerol.

Figurearrest yn de foarstelling Part-Time Paradise yn in sêne wêryn’t personaazje Annet (Joke Tjalsma) meardere ferzjes fan harsels sjocht. De rol hat gjin tekst.

Beskikberheid
We sykje froulju dy’t sawol yn Ljouwert spylje kinne (fan 31 maaie o/m 2 juny binne de try-outs op citycamping De Wetterpôlle) as op Oerol  fan 12 o/m 24 juny.

Try-outs fan 31 maaie o/m 2 juny yn Ljouwert
*op syn minst by twa try-outs wêze kinne, ien folsleine trochrin en op de repetysjedei.

Repetysje: 26 maaie middeis
Trochrin: 29 maaie 18:30 – 21:00
Trochrin: 30 maaie 18:30 – 21:00

Spylperioade
Freed 31 maaie fan 18:30 – 21:00
Sneon 1 juny fan 15:30 – 17:30
Snein 2 juny fan 15:30 – 17:30

Oerol fan 12 o/m 24 juny
* by foarkar 1 trochrin op 12 of 13 juny meimeitsje. Op syn minst 4x in foarstelling spylje kinne om 10:00 of 17:00 fan 14 o/m 24 juny.

Trochrin 12 juny 17:00
Trochrin 13 juny 10:00 en 17:00

Spylperioade
Fan 14 o/m 24 juny foarstellingen om 10:00 en 17:00

Mear oer de foarstelling Part-Time Paradise fynst hjir.

Nijs

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

Foto van mensen op een tribune 05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado