Freonen en amateurspilers oan de slach mei Vader en zoon
26 11 2021Freonen fan Tryater en amateurspilers út Fryslân binne oan it wurk set mei de tematyk fan Vader en zoon. Op freed 19 novimber wie der in earste Freone-aktiviteit by de foarstelling yn De Lawei, Drachten. Yn it wykein fan 26 oant en mei 28 novimber folget in groep selektearre amateurspilers workshops.
Sa’n 150 Freonen dogge mei oan in workshop foarôfgeand oan Vader & zoon yn Drachten, It Hearrenfean en Snits. Om de aktiviteit coronaproof te hâlden is de groep opsplitst. Teatermakker Willy van Assen ûntfong de earste groep yn Drachten. It tema (âlders en bern) makke hiel wat los by de dielnimmers. Sy dûkten der fol entûsiasme op en de resultaten wiene grappich en oandwaanlik.
Goud’n Wykein
Yn it Goud’n Wykein (26-28 novimber) folget in selektearre groep amateurspilers workshops fan twa profesjonele teatermakkers: Peter Sijbenga en Zen Roorda. Wat hasto dyn heit of mem noch noait frege? Wat hat dyn heit of mem dy noch noait frege? De antwurden op dizze fragen foarmje it basismateriaal foar de workshop dy’t Peter Sijbenga jout. De dielnimmers wurkje oan in performance wêrby’t harren selsskreaune (koarte) tekst teatralisearre wurdt. De monolooch wurdt stipe troch in soundscape. Dat kin in mompel-lânskip wurde, in body-sound soundscape of bygelyks lûden fan materiaal. It gehiel foarmet in collage fan tekst en muzikaliteit. Zen Roorda freget de dielnimmers om nei te tinken oer de ferskillende rollen dy’t ien ha kin yn it libben as bern en/of as âlder. Dit persoanlike materiaal wurdt troch it ensemble ferwurke op de flier. Poëtyske en absurdistyske eleminten wurde tafoegd om ta in teatraal gehiel te kommen.
Op de foto: Freone-workshop yn De Lawei (foto troch Lucas Kemper)