Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

FREGE: Jonge spiler (m) foar de nije foarstelling

07 11 2018

Foar de nije foarstelling Trouwfeesten en Processen (wurktitel) troch Tamara Schoppert, sjoche wy yn jonge akteur!

Trouwfeesten en processen, vuile hoeren, bedriegers, slechte ouder,s domme kinders, enzovoorts, tot het einde der tijden. Sa klinkt de oarspronklike titel fan it stik fan de Belgyske skriuwer Arne Sierens.

De teksten en de styl fan Arne Sierens sprekke Tamara oan: ‘Syn stikken binne rau en direkt, grotesk, mar mei grutte gefoeligheid.’

It publyk moetet aanst fan hiel tichby seis hast stereotype karakters: de prostituee en har soan, de âlde dokter, de krimineel, de mysterieuze jonge man en it ferjitten famke.

De jonge dy’t we sykje spilet Thierry. Hy is de soan fan Yolande, de prostituee dy’t elkenien by elkoar ropt om feestlik oan te kundigjen dat se stopje sil, nei de kust ferhúzet én trouwe sil. Oft Thierry dat no sa sitten sjocht…

WA WURDT ÚS THIERRY?

We sykje
• Een jonge spiler (m)
• 14 à 15 jier, dy’t mooglik wat jonger liket
• Spylje kinne is in betingst
• Musikaal wêze en dûnsje kinne is in pre
• Frysktalich is in pre, in sterk taalgefoel ha in betingst

Audysje
Datum: op snein 2 desimber
Tiid: fan 12.00 oere ôf
Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70
Oanmelde: graach in koarte motivaasje + foto stoerje, uterlik op 25 novimber nei Amarins: a.jansma@tryater.nl. Do ûntfangst uterlik 27 novimber berjocht oer de audysje.

Repetysjes en foarstellingen
• De foarstellingen wurde spile fan 27 maart o/m 26 april yn Ljouwert.
• De repetysjeperioade is fan 28 jannewaris o/m 8 febrewaris en fan 25 febrewaris o/m 26 maart by Tryater.

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado