Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Fiergeande gearwurking Tryater, Skoft&Skiep en Meeuw jonge teatermakkers op it mêd fan jong talint

12 12 2018

Yn de gearwurking dy’t Meeuw jonge teatermakkers oan de iene kant en Tryater en Skoft&Skiep oan de oare kant dit foarjier oangeane wurdt it jonge teatertalint sintraal set. Elke organisaasje wurket út eigen krêft wei. Tryater is skatplichtich oan Meeuw jonge teatermakkers: Twa fan de trije teatermakkers fan Skoft&Skiep (Tatiana Pratley en Aukje Schaafsma) binne dêr begûn. Dêrneist ha alle trije (ek Karel Hermans) in talintûntwikkelingstrajekt folge by Tryater en nimme se op har beurt ferantwurdlikheid foar de folgjende jonge generaasje.

 

Mei de gearwurking ûntstiet romte om jongeren fan Meeuw yn it lêste jier fan har lessen te casten foar produksjes fan Tryater en Skoft&Skiep. Foar de jongeren is it in belangryk gegeven om de praktyk fan it teaterbedriuw te ûnderfinen. Mei elkoar giet it dit jier om tsien jonge spilers. Se spylje yn Hjir ha ik west fan Tryater (regy Aukje Schaafsma), te sjen yn Jannum, en yn Part-Time Paradise, in ko-produksje fan Skoft&Skiep en Tryater (regissearre troch Tatiana Pratley), te sjen op Oerol, Simmerdeis en oare festivals.

 

Neist de 10 jongeren yn de boppeneamde produksjes is foar ien jonge spiler in grutte rol weilein. Hy spilet it jongste personaazje yn de foarstelling Trouwfeesten en processen, vuile hoeren, bedriegers, slechte ouders, domme kinders, enzovoorts tot in het einde der tijden, in foarstelling dy’t yn de maitiid op lokaasje yn Ljouwert spilet, regissearre troch Tamara Schoppert.

 

Tryater fynt it belangryk om in plak te wêzen dêr’t ûntwikkelingen plakfine dêr’t it kulturele klimaat yn Fryslân en de noardlike regio baat by hat. Talintûntwikkeling is dêr in belangryk ûnderdiel fan.

Meeuw jonge teatermakkers is it plak foar jongeren om har talinten op teatermêd te ûntwikkeljen. In soad fan de learlingen geane fierder mei har oplieding oan de toanielakademys en keunsthegeskoallen. Troch op dizze wize gear te wurkjen, meitsje de jonge spilers mei hoe’t it is om yn in foarstelling fan in selskip te spyljen dat diel útmakket fan de lanlike Basisinfrastructuur.

Skoft&Skiep hat him as jong profesjoneel kollektyf de ôfrûne jierren spesjalisearre  yn it wurkjen mei minsken dy’t net fanselssprekkend op in poadium steane, wêrby’t jongeren in belangryk plak ynnimme. Sa foarmet Skoft&Skiep as teaterorganisaasje in binende faktor yn dizze gearwurking.

 

Jonge keunstners bine oan de regio: dat is in belangrike beliedsline fan Tryater, Skoft&Skiep en Meeuw. Dizze gearwurking is dêryn hiel weardefol neffens de trije partijen.

 

 

 

Nijs

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado