Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Fergees op 'e kofje by Joast Halbertsma yn Grou!

17 10 2018

Sneontejûn 20 en sneintemiddei 21 oktober komt Tryater mei Doarp Europa nei Grou by houtfabryk Van Vuuren B.V.., ek wol bekend as the âlde Halbertsma fabryk.

Net allinne yn Grou en omkriten, mar yn hiel Fryslân is de namme Halbertsma ferneamd en dat yn’t bysûnder omdat Eeltsje Halbertsma de skriuwer is fan it Frysk Folksliet. Ek syn bruorren Tjalling en Joast wiene skriuwers. De fjierde broer, Binnert, wie bakker, mar boppedat keapman. Syn neiteam stifte en behearde jierrenlang it bekende ‘houtsjefabryk’, de Halbertsma fabryk, dêr’t in protte minsken út Grou en omkriten wurk fûnen.

De bruorren Halbertsma en benammen Joast Halbertsma ha in protte troch Europa reizge op syk nei âldheden en kulturele tradysjes. Joast’s ‘Kabinet fan âldheden’ wie eins it begjin fan wat no it Frysk Museum is. Museum ‘Hert fan Fryslân’ yn Grou hat dit jier in spesjale eksposysje wijde oan dizze ‘Wrâldboarger út Grou’. Jo kinne dêr û.o. syn studearkeamer efkes sjen en syn nijsgjirrige reizen troch Europa.

It museum jout de besikers fan Doarp Europa op fertoan fan harren kaartsje (fan sneon of fan snein) op dy beide dagen fergees in rûnlieding mei dêrby in kopke kofje of tee mei ‘Dimter koeke’. Dit om’t Joast Halbertma lange tiid dûmny wie yn Dimter (Deventer) en gek wie op Dimter koeke.

Lit jo ynspirearje troch de wrâldboarger Joast Halbertsma en syn kabinet fan âldheden! Kofje en koeke stean foar jo klear fan healwei 11 oant healwei 1 oere. Kom del en sko oan!

Kaarten foar de foarstelling in Grou op sneon 20 oktober 20:00u of snein 21 oktober 15:00u binne te keap fia dizze pagina.

 

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado