Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Europeeske subsydzje foar ynternasjonaal teaterprojekt

23 06 2022

Ljouwert, 23 juny 2022 – Tryater en sân oare teaterselskippen krije subsydzje fan it Creative Europe Fund fan de Europeeske Uny foar it ynternasjonale gearwurkingsprojekt phōnē (Gryksk foar ‘stim/spraak’). It trijejierrige projekt – dêr’t Tryater pinfierder fan is – ferbynt minsken dy’t ta in taalminderheid hearre oer taal- en kultuergrinzen hinne. De selskippen wurkje foar, mei en oer dizze taalmienskippen. It projekt liedt ûnder mear ta acht hjoeddeiske, profesjonele teaterproduksjes yn 2024.

De selskippen hawwe mienskiplik dat se allegearre yn in regionale en/of minderheidstaal spylje. Se jouwe de minderheidstaalsprekkers dêrmei in stim en garandearje kultureel en taalkundich ferskaat yn Europa. It projekt phōnē fersterket dit stribjen en biedt de selskippen in platfoarm foar kennis en útwikseling. It projekt bestiet yn haadlinen út twa ûnderdielen: oan de iene kant it skriuwen en it nei elkoars minderheidstaal oersetten fan nije toanielstikken en oan de oare kant it gearwurkjen fan ferskillende generaasjes amateurspilers. Dat smyt nije teaterproduksjes yn minderheidstalen op en in ynternasjonaal communityfestival. Ut Tryater wei docht skriuwer Wessel de Vries (û.o. Under Wetter) mei oan it skriuwerstrajekt. Yn 2023 begjint it wervjen fan amateurspilers foar de ynternasjonale útwikseling. Dêrneist komme der ûnder oare Europa-brede pod- en vodcasts foar it publyk en bewiisde wurkmetoades en foarbylden foar teater yn minderheidstalen.

Tatiana Pratley: “It is bysûnder dat we de subsydzje krigen hawwe. Der is in jierrenlange tarieding oan foarôfgien, want it is in komplekse oanfraach en in regeling dêr’tst dreech tagong ta krijst. We fiele ús besibbe oan de selskippen dêr’t we mei gearwurkje. It is foar ús allegearre it begjin fan in  lange útwikseling.”

It ynternasjonale kultuerprojekt hat, tegearre mei it projekt Ulysses, subsydzjes krigen út it Creative Europa programma en provinsje Fryslân wei. De Fryske belutsenens by de projekten soarget foar in stevige útwreiding fan it Europeeske kultuernetwurk fan ús provinsje. Mei om ‘t beide projekten soargje dat it Frysk mear sichtber wurdt yn Europa en omdat it past by it provinsjale kultuerbelied, besleat it kolleezje fan provinsje Fryslân foar ien kear 330.000 euro ta te kennen oan beide projekten. Ut Europeeske kofinansiering wei krije de projekten in totaal fan 2,6 miljoen euro.

Kultuer – en taaldeputearre Sietske Poepjes fynt de Europeeske subsydzjetakenning in boppeslach:

“It is geweldich dat Fryslân sa’n bedrach út Brussel wei krijt. It is in moaie impuls foar ús Fryske kultuer, ús Fryske taal en ús streektalen.”

De oan phōnē dielnimmende selskippen binne neist Tryater (Nederlân / Frysk): Deutsch-Sorbisches Volkstheater Bautzen (Dútslân / Sorbysk), Teatrul Evreiesc de Stat (Roemenië / Jiddysk), Fibin To (Ierlân / Iersk), Stadttheater Bruneck (Italië / Ladinysk), Teatr Piba (Frankryk / Bretonsk), Centro Dramático Galego (Spanje / Galisysk) en Kven national theatre (Noarwegen / Kven). By it projekt binne neist de neamde selskippen de universiteit Leipzig belutsen foar de ûnderlinge oersettingen (fan de iene minderheidstaal nei de oare) en Hanzehogeschool Groningen foar de evaluaasje. Kommende wike giet in lytse delegaasje fan Tryater nei Tromsø (Noarwegen) foar de artistike ôftraap en om wiidweidiger mei elkoar yn de kunde te kommen.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado