Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Fuortset ûnderwiis

Fan idee oant applaus!

Stap yn de magyske wrâld fan teäter en ûntdek yn in flits hoe’t in foarstelling ta libben komt!

Yn dizze ynteraktive workshop ûntdekke learlingen Tryater fan binnenút en ûnderfine se yn in flits ferskate beroppen binnen ús selskip.

Wa betinkt it ferhaal? Hoe soarget de regisseur derfoar dat alles kloppet? Wat docht in dekôrûntwerper en hokker poster kiest de marketeer om de seal fol te krijen? En fansels: hoe bringt ien akteur it ferhaal ta libben? Yn hiel rap tempo ûnderfine de learlingen net allinnich de magy op it poadium, mar ek it hurde wurk efter de skermen!

In unike kâns om Tryater fan binnenút te belibjen!

  • hiele seizoen, tiid yn oerlis
  • PO 6 -8 en VO, 1e jiers
  • € 200, – de groep fan maksimaal 15 learlingen

Mear witte?

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado