Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Edukaasje

Fuortset ûnderwiis

Tryater bringt foarstellingen yn de middelbere skoalklasse, ticht op de hûd fan jongeren. Sa fernimst folle mear dat keunst oer dy en dyn omjouwing giet. Want oan in akteur dy’t op mar in pear meter ôfstân sjongt, tutet, dreamt of yn lilkens útbarst, falt net te ûntkommen.

Tryater makket rauwe, earlike en poëtyske foarstellingen foar yn de klasse. Se gean oer identiteitsfoarming, it yndividu tsjinoer it kollektyf, ‘maakbaarheid’ tsjinoer ‘pech’. Wurdst útnûge om dy te ferpleatsen yn it perspektyf fan de ‘underdog’. Mei sterke werkenbere skripts, hiele goede akteurs en muzyk lit Tryater jongeren stilstean by har posysje yn de wrâld. 

We biede dêrneist workshops oan; dat kin ek op maat foar dyn klasse! In foarstelling en/of workshop boeke? Of ús meitinke litte oer wat it bêste past? Dêroer gean we graach mei dy yn petear. Betelje mei CJP cultuurkaart-budzjet is mooglik.

Loft
Foto van jongen met een wolk boven zijn hoofd
skoallefoarstelling 14 + 3 Nov O/M 12 Des

Loft

Wat as it eefkes net slagget om ferbining te meitsjen?

Fêst workshop oanbod

Fluch regele: gun dyn learlingen in momint fol spylwille en kreativiteit. Sjoch hjirûnder by ús oanbod, meitsje in kar en nim kontakt mei ús op. Hast fragen? Wy helpe om te kiezen. We hjitte dy alfêst fan herte wolkom yn ús gebou.

Huh? Wat? Is dit taal?

Huh? Wat? Is dit taal?

Kinst ek op taal fytse? Kinst der ek ûnder doese? Kin in wurd ek neat betsjutte? Tidens dizze workshop sille…

lês mear
Fan idee oant applaus!

Fan idee oant applaus!

Stap yn de magyske wrâld fan teäter en ûntdek yn in flits hoe’t in foarstelling ta libben komt! Yn dizze…

lês mear
Teater, hoe wurket dat?

Teater, hoe wurket dat?

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. Geskikt foar…

lês mear

Workshops op maat

Wolst in temawike organisearje oer William Shakespeare? Of dyn biologylessen in nije ympuls jaan? Wy tinke graach út in keunstnersblik wei mei dy mei. Lis it ús foar. Kinst by ús mei dyn kultuerkaartbudzjet fan CJP betelje.

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado