Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

28 01 2025
Campagne beeld Foekje

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

De earste útferkochte Foekje is in feit. De cast stiet op tiisdei 15 april foar in útferkochte seal yn Boerum, it berteplak fan Foekje Dillema. Tryater bringt de foarstelling oer de Fryske atletykleginde tritich kear lâns Fryske gymsealen. ‘Dat it yn har eigen doarp sa oanlûkt, jout oan dat dit tragyske sportferhaal yn de mienskip ferankere is.’

Besikers út de regio dy’t neist in kaart foar Boerum gripe, kinne yn ûnder oaren Kollum, Wâlterswâld en Rinsumageast telâne. Foar de sportive en muzikale foarstelling, regissearre troch Jos van Kan en skreaun troch Kees Roorda, binne yn hiel Fryslân gymsealen fûn, dy’t Tryater omtsjoent ta in teäterseal. De premjêre is yn Ljouwert, de stêd dêr’t Dillema treende. Foekje einiget de toer op Skylge, wêr’t it ûnderdiel is fan it Oerol Festival.

Foekje jout troch de eagen fan útienrinnende personaazjes (brocht troch Nynke Heeg, Lourens van den Akker, Stijn Schootstra en Caroline Mgata) meardere perspektiven op it ferhaal fan Dillema, de Boerumse dy’t yn de foarige ieu út it neat wei in topatlete waard mar har prille karriêre yn 1950 einigje moast nei twifels oer har geslacht. Artistyk lieder Tatiana Pratley fan Tryater: ‘It is in yntrigearjende skiednis, dêr’t we ek hjoed noch frisse fragen by stelle kinne. Hoe siet dit krekt? Wêrom dy twivels oer wa’t se wie en oft se meidwaan mocht? Wie it earlik of waard der in spultsje spile? We besykje yn it stik har ferhaal út te plûzjen, troch de bril fan doe mar ek dy fan no. Foekje Dillema is in wichtige namme yn Fryslân, dêr’t in bysûnder en globaal ferhaal oan hinget. Dat har eigen Boerum no al fol sit, fielt goed. Want dan wurdt sy noch altyd drûgen.’

Tryater sechtich jier
Foekje is de earste grutte foarstelling yn it jubileumjier fan Tryater, dat yn 2025 sechtich jier bestiet. Yn it kommende teäterseizoen wurdt wiidweidich oandacht bestege oan dit jubileum: ûnder oaren mei in boek, in spesjale foarstelling, in unike gearwurking mei it amateurfjild en mear.

Nijs

Portretfoto van Ruthger Zijlstra 15 04 2026

Tryater hjit nije saaklik direkteur wolkom

Ruthger Zijlstra (36) út Ljouwert is op 1 july saaklik direkteur-bestjoerder fan Frysk teäterselskip Tryater. Hy folget Valentijn Fit op, dy't koartlyn nei tsien jier ôfskied naam.

30 03 2026

GEZOCHT: figuranten Swimbad

Voor de grote locatievoorstelling Swimbad zijn we op zoek naar kinderen (7 t/m 10 jaar of oudere kinderen die er jong uitzien) en volwassenen die willen meespelen als figurant. Swimbad speelt van 20 mei t/m 13 juni in openluchtzwembad Dúndelle in Bakkeveen. 

23 03 2026

Tryater slút festivalwykein foldien ôf

Tryater sjocht tefreden werom op it Ienakterfestival dat op 21 en 22 maart yn eigen gebou plakfûn. Nettsjinsteande it strieljende wykeinwaar wiene de útfieringen troch amateurspilers hast allegear útferkocht, mei in útlitten festivalsfear yn it gebou as gefolch.

03 03 2026

Tryater siket ferhalen fan froulju foar Drift

Yn 2027 bringt Tryater de spannende parkeargaraazjefoarstelling Drift op de planken, oer de prikeljende ûntdekkingstocht fan in frou op leeftiid. Teätermakker Eva Meijering is foar ynspiraasje op syk nei froulju tusken 50 en 90 jier dy't mei har yn petear wolle oer harren emosjonele ûntwikkeling fan harren jeugd ôf.

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado