Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

14 02 2025
Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum.

Boerum, it plak dêr’t Foekje Dillema opgroeide, wenne en har lêste rêstplak hie. Dêr’t se op sokken har earste meters as hurdrinster makke. De Foekje Run nimt dy mei troch de Fryske wâlden mei oan de hoarizon it surrealistyske byld fan grûnsatellytstasjon ‘de Grutte Earen’, mar ek dwers troch it doarp. It startskot foar de Run wurdt jûn troch Johannes Kramer, boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.  

Underweis harkest nei ferhalen oer de topatlete, de doarpsbewenners fan Boerum en omkriten. Ek rinst in unyk rûntsje oer it terrein fan it grûnstasjon fan Boerum dat oars altyd ferbean gebiet is, komst by it monumint del dat it doarp foar Foekje oprjochte en Ljouwerter sjonger Sido Martens sil syn Ballade voor Foekje hearre litte. 
 
Kinst derfoar kieze om te draven, mar miskien nimst leaver de tiid om dit te belibjen en wolst kuierje. It kin beide. It giet by dizze Run net om it beheljen fan de rapste tiid. Kies foaral sels hoe’tst yn de fuotleasten fan ús Fryske sportheldinne Foekje Dillema stappe wolst.  

De Foekje Run wurdt organisearre troch Tryater yn gearwurking mei in groep bewenners en belutsenen út Boerum. 

Ferhalen Yn de fuotleasten fan Foekje
Lâns de rûte fynst buordsjes mei QR-koades om de ferhalen te beharkjen. Mochtst op 12 april net kinne, dan kinst op in oar momint nei de ferhalen harkje. De buordsjes bliuwe noch oant heal juny stean. Scanst de koade mei dyn telefoan en harkest nei wat it bewuste plak dy te fertellen hat. Startpunt foar de rûte is doarpshûs Toutenburg yn Boerum.  

Praktysk

  • Datum: sneon 12 april 2025
  • Ofstân: 5 kilometer
  • Startskot: kuierders 10.00 oere, hurdrinners 10.30 oere
  • De finish giet ticht om 12.30 oere
  • Kosten: € 7,50
  • Startlokaasje: Doarpshûs Toutenburg, Doctor Meihuizenstraat 2, 9851 AR Boerum
  • Doch geskikte (sport)klean en goeie skuon oan
  • Nim in smartphone mei koptelefoan of eardopkes mei foar it harkjen nei de ferhalen
  • Der is in wetterpunt by de Grutte Earen healwei de rûte
  • It doarpshûs is foar de start en nei de finish iepen foar in drankje
  • Toiletten en klaaikeamers (gjin douches) binne oanwêzich yn it doarpshûs

Podcast: Hurddrave mei Foekje 
Alfêst waarmrinne? As tarieding op de Run kinst harkje nei de hurddraaftrening-podcast Hurddrave mei Foekje dy’t dy in 3 ôfleveringen tariedt op de Foekje Run. De ôfleveringen, fan heal maart ôf online op dizze side, nimme dy yn ynterviews mei nijsgjirrige gasten út it sportfjild mei yn de syktocht nei lykweardichheid yn de topsport tusken manlju en froulju.

Team organisaasje Boerum: Evelien Jansma, Alicia Talma, Marinus Kroes, Irene van der Let, Gea Douma, Trudy Meijer, Korien Boerema, Emma van der Let, Bolinda Koers en Karin Rinsma.  

Nijs

Portretfoto van Ruthger Zijlstra 15 04 2026

Tryater hjit nije saaklik direkteur wolkom

Ruthger Zijlstra (36) út Ljouwert is op 1 july saaklik direkteur-bestjoerder fan Frysk teäterselskip Tryater. Hy folget Valentijn Fit op, dy't koartlyn nei tsien jier ôfskied naam.

30 03 2026

GEZOCHT: figuranten Swimbad

Voor de grote locatievoorstelling Swimbad zijn we op zoek naar kinderen (7 t/m 10 jaar of oudere kinderen die er jong uitzien) en volwassenen die willen meespelen als figurant. Swimbad speelt van 20 mei t/m 13 juni in openluchtzwembad Dúndelle in Bakkeveen. 

23 03 2026

Tryater slút festivalwykein foldien ôf

Tryater sjocht tefreden werom op it Ienakterfestival dat op 21 en 22 maart yn eigen gebou plakfûn. Nettsjinsteande it strieljende wykeinwaar wiene de útfieringen troch amateurspilers hast allegear útferkocht, mei in útlitten festivalsfear yn it gebou as gefolch.

03 03 2026

Tryater siket ferhalen fan froulju foar Drift

Yn 2027 bringt Tryater de spannende parkeargaraazjefoarstelling Drift op de planken, oer de prikeljende ûntdekkingstocht fan in frou op leeftiid. Teätermakker Eva Meijering is foar ynspiraasje op syk nei froulju tusken 50 en 90 jier dy't mei har yn petear wolle oer harren emosjonele ûntwikkeling fan harren jeugd ôf.

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado