Wurd sponsor fan Tryater
Draacht dyn bedriuw/organisaasje Tryater en (Frysk) teäter in waarm hert ta? Steane jimme foar in sûn kultureel klimaat? Wurd dan sponsor fan Tryater en ûntfang moaie, passende foardielen.
Wy biede foar dyn bedriuw nijsgjirrige pakketten yn trije farianten:
Sponsorpakket SULVER
Dyn bedriuw stipet Tryater in hiel jier foar € 2.500, –
Sponsorpakket GOUD
Dyn bedriuw stipet Tryater in hiel jier foar € 5.000, –
HAADSPONSOR
Dyn bedriuw stipet Tryater duorsum fan € 10.000 it jier ôf
Oanmelde en belestingfoardiel
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Jelly Steenstra op telefoannûmer: 058 – 288 23 35 of mail j.steenstra@tryater.nl
Tryater hat in ANBI-status en is dêrmei in goed doel. Dat betsjut dat de kosten fan it sponsorskip ôf te lûken binne fan de belesting.
TryaterBizz
Tryater kin in soad foar dy betsjutte wannear’tst as ûndernimmer of bedriuw lid wurdst fan ús Bizz-bedriuwenetwurk.
Bloeiend kultureel klimaat
TryaterBizz is yn 2012 oprjochte as netwurk fan en foar ûndernimmers dy’t mei elkoar stean foar in bloeiend kultureel klimaat yn Fryslân. As lid krijst eksklusive koartingen op bygelyks bedriuwsarranzjeminten en trainingen en fergees tagong ta de reguliere foarstellingen fan Tryater. Dêrneist organisearje we op regelmittige basis ynpirearjende en boeiende byienkomsten, wêr’st elkoar moetest yn in frije en kreative setting.
Bydrage en belestingfoardiel
Lid wurde? Dat kin fansels! It lidmaatskip is keppele oan it teaterseizoen en rint dus fan augustus oant july. De kosten wurde jierliks yn septimber ynkassearre. Goed om te witten: Tryater hat in ANBI-status en is dêrmei in goed doel. Dat betsjut dat de kosten fan it stiperskip ôf te lûken binne fan de belesting.
Lid wurde of hast noch fragen? Nim dêrfoar kontakt op mei Jelly Steenstra op telefoannûmer: 058 – 288 23 35 of mail j.steenstra@tryater.nl
De Bizz-leden
Der binne op dit stuit sechstjin bedriuwen oansletten by TryaterBizz:
Bouwbedrijf van Dijk B.V., BWH Ontwerpers, Friesland IT, FRL Groep, Grafische Groep van der Eems, Mannen van Staal, Mei Klaas, NNDI, Posseth Montage, Smits & van der Meer verzekeringen, Rabobank Leeuwarden – Noordwest Friesland, RegelPunt, Scheffer Administraties, Tamara Schoppert Theatermaker, Contoer en Suver & Skjin Wynenerzjy BV.